It is it lette debút fan in man dy't as ûnderwizer fan alles by de ein hân hat en ek fan alles koe. Hy joech net allinne les oan legere skoallen, hy wie ek de earste ûnderwiisman dy't him dwaande hood mei minhearrende bern.
Letter hat er byg. oan 'e Rykskweekskoalle yn Ljouwert lesjûn yn muzyk en tekenjen, mar ek yn hanne-arbeid, biology en logopedy. Yn syn frije tiid mocht er graach toanielspylje, sjonge en túntsje. As ik my net fersin hat de hear Visser yn 'e lette 40-er jierren wol meiwurke oan útfierings fan ‘Das Lied von der Glocke’ en ‘Die Jahreszeiten’ as solist, wêrby't alle learlingen fan de Kr. Mulo yn 'e Margaretha de Heerstrjitte te Ljouwert mei inoar in koar foarmen en mei it L(jouwter) O(rkest) F(erbân) as muzyk selsskip.
De hear Visser wie in warber man. In man dy't mei bern omspringe koe, in ûnderwizer in ieren en sinen en oer alle boegen. In tûzenpoat. Miskien komt de fraach by de lêzers op, wêrom't dat hjirre allegearre neamd wurde moat. It antwurd is dat it wurk dat hjir besprutsen wurdt alles te meitsjen hat mei dizze aktiviteiten. Dat it -yn-alle-silen-mak-wêzen- tagelyk in pree en in beheining is. Yn alle getallen jildt dat foar de bondel ‘Finish’. Ik sil dat mei inkelde foarbylden dúdlik meitsje.
De dichter hat sels soarge foar omslach, letteropmaak ensfh. De hantwurksman komt op dat omslach fuortdaalk al om 'e hoeke. Grutte dúdlike letters foarmje ‘Finish’. Mei it wurd Gedichten en de namme fan de skriuwer hie dat genôch west. Mar der steane ek noch twa wapenskylden mei liuwen en in klivia op tekene. Dat liedt de oandacht fan it boek as bondel gedichten ôf. It wurdt der brollich fan. It is tefolle. Boppedat komt fuort nei it omslach dy prachtige foto fan de see. Tige funksioneel mei it iepeningsfers. ‘In der Beschränkung zeigt sich der Meister’. Foar myn gefoel sit de man dy't fan alles by de ein hat en (noch) kin, de dichter faak dwars.
Wa't op leeftyd is en in hiel libben achter him hat, kin as er dêrta bejeftige is, hiel wat erfaringen, fielings en ferwachtings stal jaan. Mar it is net alle skriuwers jûn om dat net yn algemienheden en neatsizzende wiisheden wer te jaan. Visser is ek oan dat kwea net ûntkommen. ‘Finish’ befettet hiel wat Fryske, mar meast Hollânske fersen. Der stiet ek in bydrage yn it Liwadders en sels ien yn it Ingelsk yn. De Fryske gedichten binne de bêste. Se binne oarspronkliker, faak ek koarter en sprekke dêrtroch mear oan. De bondel befettet ryp en grien. Der is ek wurk foar bern by, mei muzyknoatsjes. Op himsels wol aardich, mar as it hifke wurdt neffens de kriteria oan it begjin fan dit artikel, sakje se troch de koer. Dat jildt foar in soad bydragen. Der is tekoart oan originaliteit fan sizzing en útwurking.
De fersen meitsje dan gjin yndruk. It bliuwt bûtenkant. Dat is nammerste spitiger omt de dichter yn guon beskriuwende fersen en koarte ympresjes sjen lit, dat er by beheining en direkter beskriuwing, it wol kin.