Trotwaer. Jaargang 14
(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 40]
| |||||||
0. Skokje fan werkennenDichters manypulearje graach mei harren ik, mei harren ikken. De grutste, my alteast it meast oansprekkend, is de Portugees Fernando Pessoa. Hy neamt syn ikken heteronimen (eigen nammen foar oare ikken), en besiket elk ik syn eigen gefoel en tinzen te jaan. Yn syn ‘Ode van de zee’ (oerset troch August Willemsen, 1981/AP) komt dit wer tige sterk nei foaren. In 70 jier lyn skreaun en no noch hyltiten ferbjusterjend nij en âld tagelyk. Njonken de selskippen heteronimen wiene op natuerlike wize al 2 oare heteronimen oanwêzich by Pessoa: hy wie op syn minst trije-talich (Portugeesk, Ingelsk en Frânsk). Canetti, de Nobelpriiswinner, woe ha dat meartalichheid in posytyf effekt hie op syn eigen skriuwerskip. Ek by Pessoa is dat klear te merken. Ek hy hat hjir de klam op lein, better sein, hy is noch folle fierder gongen en hat de meartalichheid yn himsels op in direkte literaire wize stâl jûn troch heteronimen te nimmen foar himsels, en sels yn de heteronime ikken nije ikken te bringen. Twa- en meartalige skriuwers hearre ta de kategory dy't my ynteressearret, ek al (-tink ik-) omdat yn prinsype elke Fryske skriuwer twa- of meartalich is (wurden is, wurdt of west hat). Se skriuwe oars as ientalige skriuwers, wurde alteast op in oare en dûbele wize beynfloede at men der fanút giet dat yn de taal in hiel fjild fan minsklik libben opslein is. Dy dûbele kultueren hawwe ynfloed op elkoar, en dus is it effekt werom te finen yn de literatuer.
Yn ‘noch ien slach om 'e buorren’, en ek yn de lêst publisearre fersen fan Baukje Wytsma yn it tiidskrift ‘Hjir’ komt dat aspekt fan dûbelens tocht | |||||||
[pagina 41]
| |||||||
my om 'e hoeke sjen. It is yndied in soarte fan weromkennen, miskien sa't Gomperts skriuwt yn syn ‘Schok der herkenning’, in lyts skokje fan ‘ja, sa fiel ik it ek’, of, ‘ik hie 't oars sjoen, mar sa kin it ek’, en as skriuwer, ‘sa hie ik it opskriuwe kinnen’. Allinne de titel al, ‘noch ien slach om 'e buorren’, dy't troch my daalk oersetten wurdt yn ‘noch ien slach om 'e toer’, of yn ‘noch ien slach it rûntsje om’, sa't dat yn myn doarpstiid sein waard. Ald wurdt nij, mar tagelyk is dat nije âld en bewend, en fêstlein yn jins ûnthâld. Fersen bringe dat soms boppe wetter. It weromkennen fan Baukje Wytsma's fersen, de ynhâld en de foarm, krige foar 't earst stâl yn de publikaasje yn ‘Hjir’ (juny en oktober 1981), poëzije sa't de lêste jierren yn Fryslân -yn 't Frysk, want Janne Wijnalda wie har yn 't Hollânsk al foargongen- net skreaun is. It muoit my dan ek dat de bondel net by de KU útkommen is, mar dat is sa'n sydlingse noat dy't mei poëzije neat te krijen hat. Dat ‘Hjir’ de fersen ôfprinte hat tsjûget fan in skerpsinnich each en goed gehoar foar kwaliteit. | |||||||
1. De dichteres en har doarpBaukje Wytsma is fan 1946, en berne yn Redúzum. Dat earste komt net direkt yn 'e fersen werom (of it moast wêze dat men as 35-jierrige oars tsjin it libben oansjocht as immen fan sis 25), mar dat lêste, it bernewurden yn Redúzum wurdt benammen yn 't foarste part oan 'e oarder steld. Foar my as lêzer hie it likegoed R. of P. wêze kinnen omdat literatuer heechstens earne in oarsprong hat, mar nearne in einpunt yn datselde punt fynt. Tjitte Piebenga's bondel ‘Peins’ wie wat dat oanbelanget oars omdat dêrre wol it anekdoatysk tige sitewasjoneel-bûnwêzen de klam krige. Mei oare wurden, in lêzer hoecht net berne te wêzen yn Redúzum om de fersen benei komme te kinnen, of om se oanfiele te moatten. Dat makket de bondel wider en iepener, ek algemiener en mearsinniger. De assosjaasje mei sa'n doarp R. - yn myn gefal keatsen, Hoite, Nauta, faam - komme aldergeloks net tusken de rigels wei omheech wrimeljen. Dus R., of P., of F. De bondel mjit 20×12 sm, en befettet 36 fersen en twa wite siden. De siden 19 en 29 binne maagdelik wyt, en earst tocht ik echt oan in eksperiminteel fers (de dichteres hjit op 't lêst Wyt-sma), mar omdat ek de sidenûmers ûntbrekke hawwe dizze siden in oare funksje. De wite siden ferdiele nammentlik de bondel yn trije dielen. It hie net suniger kinnen! Benammen ek omt de bondel in f 16,90 kostet. At men dan dochs in djoer boek meitsje wol as útjouwer, besteegje dan ek wat soarch oan de ferdieling fan de fersen yn it boek sels. Dit is meager en jout betizing. De priis fan it boekje is te heech. In sân gûne hie wol genôch west. Net dat de kwaliteit net goedernôch wêze soe, mar no't de provinsje Fryslân neffens eigen opjefte jildlike stipe jûn hat foar dizze bondel is it echt te mâl. Wa wurdt hjir no eins subsydzje jûn? De skriuwster? De lêzer? De | |||||||
[pagina 42]
| |||||||
printer? Nee, de Friese Pers dus, want rekkenje mar nei: kostpriis f 2,50, skriuwster f 1,70, boekhannel f 6,75, en de Friese Pers f 6,00 it eksimplaar + in subsydzje op foarhân fan sis sa'n f 2000,-. Wêrom wie ek al wer it systeem fan subsydzjes opsetten? Mar hawar, de fersen binne útkommen en dat is it wichtichste. It boekje sjocht der ôfsjoen fan dy frjemde wite siden fierder kreas út: stevich papier, ynnaaid en mei in aardich en dúdlik omslach. De omslachtekening fan Marijke van Dijk, in bloeiende flear nim ik oan, sjocht der goed út en slacht op it motto fan de bondel ‘Lit ús yn 'e tiid fan it pampasgers net de swietrook fan de flear forjitte’. Fan pampasgers ha'k net it measte ferstân, de rook fan flearen litte yndied ek by my assosjaasjes opkomme fan de bernetiid, it doarp, lytse frijerijkes en it kôgjen op it hert fan de flearetûken. ‘Langpoaten binne bang foar flearen’, waard altiten sein. Miskien, mar it sil ek wol sa'n bememearke wêze. En as lêste wat de foarm fan de bondel oanbelanget dit: it is spitich dat der gjin kolofon yn stiet, dat wy witte net wannear't de fersen skreaun binne. | |||||||
2. Ferballe út myn beskûlYn H.A. Gomperts' ‘De schok der herkenning’ ('59) is noch altiten in soad nijs te finen oer poëzije en proaza, oer literatuer yn 't algemien. Hy neamt it weromkennen fan it ûnbekende in eins paradoksale omskriuwing fan it ferskynsel dat it frjemde omsetten (oersetten) wurdt yn eigen foarstellingen, sadat it liket oft der praat wurde kin fan werom finen. Literatuer hat útsoarte te krijen mei dit weromfinen, mei dit ‘Verstehen’, mei dizze ‘understanding’, mei dit ‘verstaan’, mei dit ‘fetsjen’. Tsjinoer it ferklearjen en it lizzen fan kausale ferbannen stiet it begryp ‘fetsjen’ wat each hat foar de fraach wat it (takomstich) doel en it wêrom binne fan bgl. in fers of in roman. Literatuer en deduktyf-kausale redenearringen flokke meielkoar omdat literatuer wat seit oer betsjuttingen en bedoelingen yn it hanneljen fan minsken. Mei oare wurden -en ik haw dat al faker as útgongspunten neamd- literatuer bestiet by de defynysje fan de mearsinnichheid, of bestiet net; literatuer is net te fangen yn hokker klisjeetaal dan ek òmdat it persoanlik en unyk is (de styl fan de skriuwer sis mar); en literatuer is altiten engazjerre mei de mins yn syn ivige feroaring. Yn dy fasetten leit de skok fan it weromkennen (útsein by ‘plasticpeople’, mar ik ha 't hjir oer minsken fan fleis en bloed). It is dus net sa dat literatuer gewoan nijs bringt, mar wol dat it earder wat tafoeget oan eigen ûnderfiningen, oan it sjen fan de wrâld, dêr't ek de lêzer fan in fers, fan in roman yn libbet. Dat kin folslein nij wêze, mar dat kin ek al âld wêze. At dat âlde dan werom fûn wurdt betsjut dat in ferbining dy't troch tiid en romte fuortslein wie. Bylden út de bernetiid, en fan lettere perioaden kinne troch it lêzen fan dat nije âlde (âlde nije) | |||||||
[pagina 43]
| |||||||
yn in oar perspektyf setten wurde. Oardielen, soms foaroardielen kinne oppenij beslipe wurde, en dêrtroch mei bepalend wêze foar fierderlibjen. Foar in skriuwer as lêzer kinne guon fersen en romans as katalysator wurkje (Marquez yn 'e HP: ‘ja, skriuwe is in fak, mar dat behearsket men nei it lêzen fan party oare skriuwers’): wat de skriuwer (soms) lêst is net nij foar him, mar it binne tinzen dy't al oanwêzich wiene, dy't noch net berne wiene. Hy sjocht wat dat net yn him bestie, mar dat dochs fan himsels is. Sa'n lêzer (elk literair gefoelich mins) is rjochte op in gewoante om ûnderskate saken omheech te heljen en bewust te meitsjen oangeande gefoelens, oantinzen, bylden en stimmingen. Gomperts neamt dat ‘it yntrospektive rjochtewêzen dat it wêzen útmakket fan literaire gefoelichheid’. It lêzen fan literatuer is op sa'n wize mear bewustmeitsjend en freegjend as antwurdzjend en befêstigjend. Fersen en romans kinne lêzers nijsgjirriger meitsje en moed jaan om hyltiten mar wer fierder te gean yn it sykjen nei de sin en it wêrom fan it hanneljen fan harsels en oaren. Lêzen is yn dit stik fan saken fakentiids identyk oan skriuwen: ferbjusterjend en ferheard. It earste fers dat ik lies fan Baukje Wytsma stiet yn it junynûmer fan ‘Hjir’ ('81-3). It spruts my daalk oan yn 'e besprutsen foarm fan it weromkennen: | |||||||
Ferballesûnt ik
ferballe bin
út myn beskûl
ûnder de krúsbeibeammen
en myn hâldfêst
oan spinreagen
yn 'e moamssinne
ferlern ha,
wit ik,
dat ik foargoed
út in dream
weifallen bin.
Dit is nij, dit is âld, dit is in defynysje fan ‘ferballe-wêzen’ dy't folslein persoanlik en unyk is. Gjin klisjee-mjittich gegryn oer ferleme bernejierren, oer fergongen ûnskuld of beskerme sniehúzen, nee, yn geve en koarte omskriuwingen wurde linen lutsen fan no nei doe, fan doe nei moarn. Hiel nofteren wurdt fêststeld dat de tiid net omkearber is en dat men echt beide fuotten nedich hat om fierder te libjen. Dat is de earste laach fan lêzen. In oar elemint dat efter it nofteren no skûlet, de twadde | |||||||
[pagina 44]
| |||||||
laach sis mar, sit yn it brûken fan op it each gewoane wurden mar yn wêzen ferhullingen fan oare wrâlden. Wurden as ‘krúsbeibeammen’ (stikelich en dus net sa maklik beskûl jaand, of, stikelich en dus echt beskûl bringend), ‘hâldfêst oan spinreagen’ (wif hâldfêst want tear, izersterk hâldfêst want finzen yn in oare wrâld), sokke wurden roppe in tige mearsinnige wrâld op want se befêstigje neat mar litte alles iepen. Mei oare wurden, lêzers wurde ferge op har eigen spinreagen en krúsbeibeammen. Ek it sterke poëtyske ‘ferballe út myn beskûl’ as in omskriuwing fan it âlder-wurden, fan it ferwûne-wêzen, fan de hurdefolwoeksenheid is tige mearsinnich, unyk en engazjerre mei mins, wrâld en taal. Poëzije fan 't boppeste plankje. In tige guodkeape sliten ‘dream’ nim ik dan mar op de keap ta. Ik bedoel, in bern is tagelyk dream en libben, en fielt him net yn in dream sitten, heechstens op in dream, en kin der dus ek nea út weifalle. It wurd ‘dream’ flokt mei de ‘krúsbeibeammen’ en mei de ‘spinreagen’, en ek f'ral omdat it hjir op in folsleine fersliten wize brûkt is. Ek yn nû. 5 fan ‘Hjir’ '81 steane in pear ynteressante fersen fan de dichteres. It is dan ek mei mear as gewoane nijsgjirrichheid dat men yn 'e earste bondel fersen fan de skriuwster begjint te lêzen. Hokker nijs en âlds sil men tsjin komme? | |||||||
3. Pampasgers en de swietrook fan de flearDe tsjinstelling yn it motto(?) ‘pampasgers en flear’ jout oan dat net al it nije ek echt nij is, of, mei oare wurden, men kin net samar sûnder oergong fan de flear op pampasgers oerstappe lykas it stalt yn 'e âld feart net yn ien dei ferwiksele wurde kin foar in moderne kompjoeterstjûrde wask- en spielmesjine. In stikje nostalzjy, wiswier, mar tagelyk in omskriuwing fan it ferlies fan 'e smaak foar echte smaak. Yn it nije sil noch wat fan it âlde sitte moatte wol it net dea en bloedeleas wêze. Ja, sa likernôch sil it motto wol te krijen ha mei de bondel fersen (side 14): Heit en mem
foar altyd togearre,
twa nammen
op ien stien.
Wa't yn sa'n bytsje wurden sa'n soad sizze kin moat neitocht ha oer de taal en har mooglikheden, moat field ha dat de essinsje fan poëzije ferskûle sit yn it ‘beskûl’ fan de taal sels. Dizze 4-rigel hat op in direkte wize te krijen mei de swietrook fan de flear èn mei de tiidleaze benearjende swiete rook fan in tsjerkhôf. Pampasgers ropt gjin inkelde assosjaasje op, in flear nammerstemear. | |||||||
[pagina 45]
| |||||||
Tusken de ik yn it gedicht (efter it gedicht), tusken de twa ikken yn it gedicht (fan it gedicht), èn de ik fan de lêzer sitte twarisom romten fan libjen en bestean. Elke ik is en bliuwt foar de oar in do, en sa't de ikken net gearfallen binne (as allinne yn ien stien), sa sille ek de ûnderskate do's gradueel ferskille. Dit o sa op it earste gesicht ienfâldige fers berget ûnderskate lagen fan lêzen en gefoel sa't net gau berikt wurdt yn poëzije. Fan it tige bysûndere en persoanlike wurdt yn ien haal oersprongen op it algemiene en ûnpersoanlike, om op 't lêst te einigjen yn in folslein abstrakt en libbenleas geheel: ‘heit en mem / twa nammen / stien’. Sels it tegearre wêzen (winsklik - net winsklik / bewust - ûnbewust) wurdt yn ien wurd assymylearre: ‘ien stien’. Werombrocht ta nammen, werombrocht ta stien, werombrocht ta kosmos. In seldsum sterk fers dat befêstiget wat wy allegearre mienden te witten, mar dat al lêzende begripen docht dat wy noch neat wisten omdat de fragen boppe en yn it fers hingjen bliuwe. In hiel oar fers mei inselde soart fan essinsje en yntinsje fyn ik op side 27. Utsein de earste en lêste rigel dy't wat tefolle fingerwizend stjoere en beleare wolle is yn in bytsje wurden in protte sein: wês wach
nei dizze ûre
is der miskien wol in oaren,
allinnich
't is deselde ûre net,
wês wach
Oer dy twa ferskriklike klisjees ‘wês wach’ wol ik net prate, en ik doch mar oft se der net steane, mar oer dy oare fjouwer rigels nammerstemear want se wize daalk werom nei in oare manypulearder mei ikken, nammentlik Fernando Pessoa. Hy seit it wat oars, mar as poëzije is it yn wêzen itselde (út Gedichten '77): ‘een bloem van gisteren
is niet meer dezelfde van vandaag
mijn ogen zijn in één dag
bewogen en veranderd’
De feroaring is elke oere, elke dei folslein omdat der neat statysk yn libjen skûl giet. Alles wat bestiet, en benammen it sykheljende, hat in ûnderskate foarm. Dy foarm no is oan ien tried wei oan 't feroarjen en oan 't ferfeljen, fan bûtenôf (bgl. it sliten troch waar en wyn en reinwetter), mar benammen fan binnenút (bgl. troch it proses fan groeien, sawol yn letterlike sin as yn figuerlike). Soks betsjut dat de iene foarm ûntstiet at de oare ôfstoarn en kapot is. De oere nei dizze oere is noait deselde wer, | |||||||
[pagina 46]
| |||||||
sa't ek dy oere wer oars wêze sil fergelike mei de folgjende. Myn eagen binne feroare òmdat se oanrekke binne en oanrekke hawwe. Yn it fers sprekt de dichteres neist dy ivige feroaring ek har twivels út oer it trochgean fan tiid en wrâld en romte: (‘Miskien’) ‘is der wol in oaren’. It is tagelyk fêsthâlde, en nijsgjirrich wêze, ek warskôgje want minsken fergje op harren automatismen. De tiid hâldt gjin skoft, heechstens yn it fers, wat west hat komt net werom, mar dat betsjut útsoarte net dat it minder wêze sil. Wol oars. It sa tige monomane rjochte wêzen op it no en it juster wurket ferstiivjend, en op 'n doer deadzjend. Alles wat yn 'e foarm ferstivet, en net mear oanpasse kin, stjert út. Yn dit ferbân is it nijsgjirrich en skriuw twa siswizen op dy't fakentiids brûkt wurde, en dy tagelyk oanslute by it âlde en it nije yn 'e literatuer sa't yn it begjin fan dit ferhaal al steld is: a. de mins wol graach hâlde wat er hat; b. de mins wol altiten wat nijs (ek al is it âlde noch sa goed). Yn en mei dy antytetyse stellingen kin (moat) de literatuer implysyt in rol spylje, benammen omdat literatuer èn it iene én it oare ôfwiist, want beide dogmatysk en ferstiivjend. Literatuer is ommers én it iene èn it oare tagelyk, lit stjerre wat dea moat, lit libje wat berne wurde moat, en is as sadanich net bûn oan hokker foarm. ‘It is deselde oere net’, en ‘myn eagen binne yn ien dei oanrekke en feroare’. De beide dichters lizze de klam op it ivich feroarjend aspekt fan de tiid, wat ynhâldt dat elke foarm fan libjen, fan bestean, fan wêzen konstant hifke wurde moatte soe op syn jildichheid. Dat is fansels net mooglik en sa sjocht men dat dy ‘beide’ ‘bewegingen’ (a. hâlde wat men hat, en b. iderkear wat nijs wolle) fakentiids tsjinstridich binne, en dus striid opleverje op libben en dea, yn inkelde getallen elkoar oanfoljend. Yn sokke lytse fersen lizze yn in pear wurden de wrâlden fan bestean, de wrâlden fan feroaring, en miskien wol de wrâlden fan evolúsje en fan revotúsje. Yn 't koart sein, literatuer befettet it hanneljen fan de mins yn syn totaliteit dat iderkear wer nij is yn en njonken de âlde en ferâldere foarmen. De skriuwster seit it yn in fers (side 40): Myn wurden
brekke stadich
ûnder myn hannen wei
en alles
hwat ik sizze woe
siz ik sa lûd net mear
tonei.
| |||||||
4. De romte tusken de ik en de doDe bondel ‘noch ien slach om 'e buorren’ bestiet út trije skiften. Grafysk | |||||||
[pagina 47]
| |||||||
hie dat wol wat better oanjûn wurde kinnen, want de earste yndruk is dat der twa siden misprinte binne. Fangefolgen bestiet de bondel út trije dielen:
It is my net hielendal dúdlik wurden hokker bedoeling deryn stekt om sa'n trijedieling te meitsjen, ek al omdat it sa knoffelich troch de útjouwer presintearre is. Globaal sjoen kin men fêststelle dat de fersen yn part I te krijen hawwe mei it nije âlde, mei oare wurden, yn de 14 fersen wurde linen lein fan no nei doe en wer werom: it âlde doarp, it âld(ers)hûs, de âldelju, it bernwêzen, mar wol hyltiten set yn it perspektyf fan no (‘miskien wol in oare ûre, mar it is net deselde mear’). De dichteres seit it sa (side 17): (...)
samar twa eagen:
mem,
mar 't binne net dyn eagen
en 't is ek net
it wiuwen fan dyn hân...
Part II is hielendal skreaun fanút it hjoeddeiske, meast observearjende perspektyf fan de ôfstannelike maatskippij dêrt de ik yn it fers hast wy wurden is (soms wei wurden). It is in fêststellen fan sitewaasjes, soms wat klisjeemjittich, dy't wol nei moarn en oaremoarn ferwize, mar fakentiids te statysk maatskiplike foarmen beskriuwe dêr't it libben út ferdwûn is (side 21): (...)
en fierders is men
hast oeral to âld foar
Part III fyn ik wer folle sterker, benammen omdat de oerflakkige wy fan part II ferfongen is troch in sterke ik yn it fers sels. Der is wer mear ydintyfykaasje mooglik, en dus mear romte. Yn part II wurdt men as lêzer (moralysearjend) tichtslein, wylst yn it lêste diel it werom kennen yn iepen fragen ferrint. De ik yn it fers is net gelyk oan de ik fan de lêzer, de ik dy't men werom fynt is net kongruïnt, omdat de romte, it ferskil tusken de ik en de ik, of better sein, tusken de ik en de do (yn it fers) bestean bliuwt. Yn dizze fersen bliuwt de hâlding en it hanneljen fan ien of mear ikken stean tsjinoer ien of mear do's yn it fers. Folslein nij, of it âlde op in nije wize nei foaren brocht (side 33): | |||||||
[pagina 48]
| |||||||
Omtstou fan my hâldst
is dyn antlit
in spegel
fan myn fertriet
Yn 'e rigel ‘Forballe út myn beskûl’ (‘Hjir’) stiet dúdlik it ik-perspektyf sintraal sa't ek yn 'e dielen I en III dit elemint it wichtichst is. Oflaat fan dy ik (it bysûndere) docht men as lêzer de sprong nei it rommere, it algemienere. En dat is it ferskil mei diel II dêrt dat aspekt ûntbrekt, sadat de measte fersen ek folle swakker oerkomme. Miskien hat de skriuwster dochs tefolle yn in rinnend geheel tocht: ik + wrâld → wy + wrâld → ik + wrâld: no, om sa in line te lizzen binnen en bûten har libben troch de fersen. Ek hjirút docht bliken dat keunstmjittige foarmen ferstiivjend en ferflakjend wurkje. Part II hie wat my oanbelanget wol weilitten wurde kinnen (op in pear nei: s. 27,28). En fierder, mar dat is gjin literaire krityk sec, mar wol myn lêsûnderfining, soe ik de titel ‘noch ien slach om 'e buorren’ graach ynwiksele hawwe wolf foar ‘Ferballe út myn beskûl’, omdat dy twadde laach fan de fersen tige sterk nei foaren komt ûnder de oerflakkige ‘buorrenslach’. Benammen yn de dielen I en III slacht dit aspekt foar master op. Ferballe út en yn de tiid, omdat ‘dizze ûre nea wer deselde wêze sil’, omdat ‘myn eagen oanrekke binne en feroare’ (side 42): (...)
Alles is nij
alles is
sa't it wêze moat
kear om
(...)
en moetsje dysels
op 'e nij.
Yn dy âlde poëtyske tradysje -(ferballe út 'e wrâld)- skriuwt Baukje Wytsma, in tradysje dy't te krijen hat mei de literatuer sels, mei it nije en it âlde, en oarsom. Der is wat (in belibjen, in oandwaning, in neitins, in fynst) dat foarm krije moat, sa persoanlik en iepen mooglik, sadat it foar de lêzer tagonklik wêze sil (lêzer = 1 en mear). Besteande foarmen binne faak net brûkber want klisjee en neatsizzend, en dus moatte dy âlde foarmen omfoarme wurde oant se brûkber binne foar krekt datjinge wat sein wurde moat. Soms slagget dat, soms mislearret dat. Yn part II steane dêrfan foarbylden, bygelyks dizze (side 24): Nei't hja har
hiele hûs
| |||||||
[pagina 49]
| |||||||
forsierd hie mei blomkes
(...)
forsierde hja
einlings to'n lêsten
de buorman.
Hjir glidet de skriuwster mei it tiidwurd ‘forsieren’ út omdat it in folslein sletten en fersliten klisjee wurden is, noch ôfsjoen fan it guodkeape faset dat buorfrou buorman ‘forsiert’ (ek al bart it faak yn omkearde sin). Der sit gjin romte tusken de ik dy't men is en dy't men weromfynt yn it fers. De skriuwster hat it har hjir wat al te maklik makke. | |||||||
5. De dichteres en har fakSa as de nacht forrint
forrinne ek de dagen,
hwant sûnder dy
is der hast gjin forskil.
As ik nou praet,
foar 't selde kin ik swije
en tinke
hoe 't it wêze sil
sa as de nacht forrint
forrinne ek de dagen
en om my hinne
is it stil...
Yn dit fers (side 37) hat de skriuwster wol de folle ferantwurdlikheid nommen dy't har skriuwerskip har opleit. Se hat eksakt útdrukking jûn oan it gefoel fan stilte, oan it gefoel fan yndyvydu-wêzen, oan it gefoel dat ynherint oan de mins eigen is: yn de grûn fan de wrâld stiet men der allinne foar, yn in eigen en eigensinnige ferhâlding ta de wrâld en de minsken. Yn de stilte fan de nacht, fan de dei, fan de ferhâlding ta de oar, fan it praten om it praten, ja, yn wêzen ta jinsels, leit de ivige fraach nei bestean en net-bestean. Net do kinst myn eksystinsjele iensumheid opheffe, net de wrâld jout antwurd, allinne iksels kin troch fragen (oan mysels) dy stilte stâl jaan en ynfolje. Immen dy't dêrmei dwaande is, omdat hy (sy) ‘ferballe is út syn (har) beskûl’, is in notore opstannige tsjin de wrâld en dus tsjin himsels (harsels). Dat liket in sinleaze en hopeleaze opjefte, mar foar de keunstner (de dichteres yn dit gefal) is it de iennichste wize fan libjen. Dat is (soms) in ferskrikking, dat is in (ivige) striid, ek oanfield as in grut ûnrjocht, mar at sa'n gefoel dan wer stal krijt yn in fers, in roman, en issee, betsjut dat wer in mansk gefoel fan lok en foldienens. Feardigens en fakmanskip soargje derfoar dat hyltiten better slagget dat wat winske | |||||||
[pagina 50]
| |||||||
wurdt en foarm jûn wurde moat. Besteande foarmen moatte trochbrutsen wurde, en dêrfoar is it nedich dat de makker fan dy foarmen folslein ûnôfhinklik en frij is want fjochtsjend tsjin ferstienning en ferstiving en klisjeefoarming. Sa'n skriuwer docht in kar foar it mei de hân makke en is tsjin it masjinale, mei oare wurden, it minsklike en it estetyske stiet boppe it banale en it libbenleaze, en dêrmei is literatuer echt wat oars as lektuer. Baukje Wytsma hat neffens my dat elemint fan it keunstnerskip yn har fersen ta utering brocht, en benammen de lêst ferskynde fersen yn ‘Hjir’ befêstigje it poëtyske faset. Ik sjoch dan ek mei belangstelling út nei har twadde bondel. Dizze skriuwster hâldt my dwaande.
Schagen, 7-1-1982 |
|