Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 39] [p. 39] Herman Heida Painted Desert dit soe it wêze, tocht ik, doe't it lân noch as in kleurplaat foar my iepen lei. it wachtsjen wie miskyn wol op 'e sinne yn it westen, it ferstreamen fan bloed, sân en stien, mar ik stie dêr mar wat te dreamen, dat in oar it sa net seach, hoe't ik dêr stie en dêr net wie: dy rûge fâlden, in tekken oan it fuottenein. Vorige Volgende