Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 35] [p. 35] R.R.R. van der Leest Fjouwer fersen problemen wêrom bleau der op d5 in lytse swarte pion stean doe't ik de stikken fan ik skaakboerd reage yn ethiopië stiet te aksum in massive graniten pylder mei net-funksionele doar en finsters en yn tanzania hat de massai kriichsman in hierdracht fan dong en modder [pagina 36] [p. 36] hommaazje oan Esscher fûgels fûlens fûsten fûnsen fûnken finken fisken [pagina 37] [p. 37] twaling hy sy wie hie yn by in it jas jak mar har sûnder ûnder sokken rokken [pagina 38] [p. 38] twa wrâlden dêr stean ik mei myn beide lofterhannen en sjoch ta hoe't de mitselders de muorren sette it timmerfolk de spanten slacht de dekkers de pannen lizze en hoe't it mei-inoar in hûs wurdt hoe moat ik sokke lju bewize dat ik fan wurden wol in wrâld bouwe kin Vorige Volgende