Trotwaer. Jaargang 14
(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 19]
| |||||||||
Tr. Riemersma
| |||||||||
[pagina 20]
| |||||||||
frijen, de verómrais oer Snits en Drylts, en don syn trauen. Dot binne, ôsjoen fon ut petear bij Pieter Pypkeniel, olinneg mar gekke, healvize en grappege dingen. Ut patryotsjebwatsjen fon de Snitsers vurt fwarsteld os un klucht, en Minne vurt beskreon os un goede, mar óp de doele brochte jónge. ‘Sijn alders wieme beaste, froede ljoue fen de alde styl, ald gereformeerd in goed prinsgesind. Mar Minne wier troch it krantsjen, dat er folle die as er to Snits koam, in benammen troch it praet fen Binnert-om, syn memme broer, dij te Drylst wenne, alleheel in al omkeerd. Went de swijmel fan it patriotismus hie him de holle oppe rin brocht’ (MJR, 5)Ga naar eind3; ‘Dij goede, beaste jonge, dij oars seaft in froed opbrocht wier, waerd trog dat patriotsjespijljen aek al drankswiet in foarwijldere, in wier yn dij foargaderinge sa opfyssele, dat er de prins in syn hele familie yn dij nacht wol mei syn eigen hannen deije kend hie’ (MJR, 12-13). Yn ut naivudGa naar eind4 skrjoot Halbertsma: ‘It scoe lykje kinne, dat ik mei it forhael yn dizze bledden alle forbettering in foroaringe yn de steat fen uws lân as onnodig, ja sels as belaeitsenswurdig yn it iepenbier ten toan stelle woe. Nee, it is mij te dwaen, om ljouë, dij nodiger bij hjar wurk binne, oaf te halden fen dingen, daer hja gjin forstân fen hawwe: went hja binne dochs meastal to bescouwen as de smid, dij it gleaune yzer uet it fjoer hellet, om mei swier wurk er ien fatsoen oan to jaen, wijlst ien loaie mar slimme jonge oan de poester stiet, om it fjoer oan to treasten. It gemien stiet oan it ambyld in de greaten oan de poester’ (MJR, 35). Ut oan Bilderdijk óntliende motto, ‘Laat dwazen om den vorm van 't hoog bewind vrij kampen, Die 't best gehandhaafd wordt, voorkomt het best 's lands rampen’ (MJR, 2), viist yn deselde rjóchting: Halbertsma stjit de status quo fwar. Fonsels mat de mindere mon bij elk óproer, elke revolúsje of oarlog de kestanjes út ut fjoer helje, mar yn tiden fon frede en rêst is ur ek de pyneut, dus vot makket ut út. En yn va syn belang is ut dot de minsken bij har vurk bljowe en ôhauden vurre fon dingen vêrt se ‘gin forstân’ fon ha? Ik tink dot mai Halbertsma syn vrôdskôging syn fyzje óp lyteratuer, sat dy út syn lyterêr vurk blyken dógt, gearhinget. Hij is bang fwar ut losbrekken fon beskate krêften út ut folk vai, dyt liede kenne ta ópskwór en ómkear, en út dy reden brûkt ur de lyteratuer net os yn krytysk ynsterment óm de minsken bevust te maitsjen, mar os un ferdyvedaasjemiddel dot de befêstiging fon besteande tastonnen tsjinnet. Un skrjower fon ús tiid, fwar vaat lyteratuer un fon ut verkleke libben min of mear ôfrede rûmte is vêrt ur dingen yn útprebjerje ken, hji ut nai olle gedachten óp un verkleke kónfróntaasje fon Minne mai de patryotyske gedachte oankómme litten. Minne soe him durfon bevust vurren vêze vot dur ollegjerre mis vji yn de maatskipij, hij soe him mai ynmoed yn de beveging jûn havve en hij soe un oar minske vurren vêze yn beska- | |||||||||
[pagina 21]
| |||||||||
te ópsjuggen. De funksje fon lyteratuer yn ús tiid is ûnder mear, dot de lêzer straffeloas belibje ken votfwar kónsekwinsjes beskate hondelingen havve. De lêzer gjit sebeore oer de grins fon vot bekend is, fon vot ken en mai, mar de haadpersoan dógt ut - binnen de fiktyve verklekhyd - reëel, en hij vjerfart de gefólgen oan de hûûd. Gjit un fyguer yn un ferhaal net oer un beskate grins, don ‘bart’ dur yn faite neat, olle fwarfollen spylje har don ô binnen ut ramt fon ut fervachte en vênstegeGa naar eind5. ‘Minne Jorrits Reis’ matte vij ta dot barrenloaze type rekkenje. De skrjower hat ut viere barren - de feroaring fon Minne tróch un hondeling dyt him oer de grins fon syn daisteg bestean fierde - mijd tróch un vot dómmege haadpersoan te kiezen, tróch fon ut patryotisme sat Minne dot oantreft ollinneg de grappege en óngrappege kônten sjen te litten (mar net de soasjale ónfrede en de maatskippijherfwarmjende tinzen fon dot fermidden) en - dot is kómposytoarysk de grutste yngreep - tróch de tryste en tragyske aspekten fon de striid tusken patryotten en prinsgesinden helendol bwótten ut êgvaid fon Minne te hôren.
De lêzer nimt net elk tekstpat mai lykefólle yntensytijt óp, mar hij lait óp gwón patten tige klam en oare patten makket ur him amper bevust. Hij makket ûnderskied tusken vichtege en mear bijkómstege ynformaasje, óm út de vichtegste patten min of mear syn aigen ferhaal gear te stollen. Vot ol of net vichteg is, dêr beslist de lêzer oer. Net dot ur dêr helendol frij yn is, vont hij sit oan de iene kônt fêst oan de tekst, en oan de oare oan de lyterêre nwarmen en fervachtingen fon syn tiid en oan syn aigen psychysk en soasjaal funksjonjerjen. De patten fon dut ferhaal oer Minne vêrt ik klam óp lees, en dyt fwar mij de essinsje fwarremje, binne: de ynlieding, de gearkómst te Snits, Minne syn avventoer mai ut ôdhynder (MJR 5 o/m 15) en syn avventoeren te Snits en Drylts (MJR 33 en 34: easte trije rigels). Ut hele Kollemer avventoer slag ik minder acht. De beskrjowing fon ut óproer gjit bwótten Minne óm, dot dêr makket de skrjower ut mij ol maklek. Ut petear bij Pieter Pypkeniel en ut trelit yn tsjerke, lykos de frijerij en trauerij ha mai Minne syn patryotyske oanslaggen net fólle út te stean. Ik besykje nammentlek (of: grif) óm fon dut ferhaal un fwar mijsels akseptabel geheel te maitsjen. Sat ut ferhaal durhinne lait, is ut dot fwar mij net. Ut ferhaal, dot mun de tytel jan kenne soe fon ‘Minne Jorrits rais nei ut Kollemer óproer, dût ut óproer fwarbij vji, syn frijen en trauen, oanfólle mai un ferslag fon ut Kollemer óproer’ fóldógt net oan myn fervachtingen fon un strakbaud ferhaal mai un tried duryn, mai fwarfollen dyt ópenwar betrutsen binne en dyt de haadpersoan eane hinne drjowe. Vól ik oan dut ferhaal lêsgenot belibje, don mat ik ut ferfwarremje ta un kómposysje dyt mijsels fóldógt, mai behôd fon de elementen dyt ik neamd ha, sadot ut ut ‘Grappeg ferslag fon Minne Jorrits bekearing ta ut patryotisme en | |||||||||
[pagina 22]
| |||||||||
syn genêzing durfon’ vurt. Don, os ik mai mijsels ôpraat ha dot ik fon dut ferhaal gin vrôdskokkende dingen fervachtsje, mar olinneg grappeghyd, ken ik dur frede mai havve. Dut bij vize fon ylústraasje, vont ut gjit dur net óm vot ik mai ut ferhaal dóg, mar óm vot Schuitmaker durfon makke hat.
Fwar de fwardracht mai de tytel ‘De Vaderlandsche Societeit’ hat Schuitmaker de fragmenten oer de gearkómst te Snits en Minne syn loop mai ut ôdhynder bevurke. Omdot ur mai de patryottegearkómst begint, hat ur un nij ynliedinkje skrjowe matten. Dêr stjit ûnder mear yn: ‘It wieme minsken, krekt lyk as wy se ek wol kennen ha, binammen yn 'e oarlochstiid. Do barde it det men yn trein en tram ek minsken oantrof dy't seinen, dat se alles for it ‘Vaderland’ oer hiene. Mar as men efkes djipper taestte, den blykte al gau dat se fen 't selde makkelei wieme as de leden fen de âlde Patriotteclub yn Snits’ (TF 5). Schuitmaker lêst út syn aigen libbensûnderfyning vai, tróch ut fergelykjen fon de patryotten mai un beskaat type minsken dot ur yn de oarlogsjirren kennen leard hat. Vot bij Halbertsma min of mear iepen litten vurt, fóllet Schuitmaker mai aigen kennes oan; sadwaande ken hij him de patryotten kónkreter fwarstelle. Sa lêst elke lêezer, mar mun ken ut selden sa goed oanvize os jirre. Ik tink net dot ut tróch Schuitmaker syn fergelykingsmatryaal kómt, dy minne lju út de oarlog, mar dot ut ek gearhinget mai ut kónkretysjerringsproses, dot de dingen dúdleker en minder núonsjerre fwarsteid vurre os de tekst dógt. Halbertsma is mylder, dy sait ‘dat er seldsom ien patriot sa suwer is, dij net ien lyts hierke fen eigenbelang op de holle het’ (MJR 10). Minne hyt yn Sch. syn bevurking ‘in man, dy't noch nearne oars west hie; syn koumelkerij en syn bistkes wieme syn wrâld; bûten dat, wier der neat der't er bilang yn stelde’ (TF 5). Bij H. stjit: ‘Mar Minne wier troch it krantsjen, dat er folle die as er to Snits koam, in benamen troch it praet fen Binnert-om, syn memme broer, dij to Drylst wenne, alleheel in al omkeerd’ (MJR 5). Sch. fertelt: ‘Do it al moai nei toalven roun, de nachts, krige dizze gast (bedoeld is Minne) ek al aerdich de Vaderlandsljeafde to pakken; men treau him in âld gewear yn 'e hân en hy raesde ek al wakker mei fen “Voor vrijheit en Vaderland!” en “Leve de giljetine!” en “Weg met de aristocraten!” en al sa foarthinne’ (TF 5). Ut H. syn ferhaal dógt lykvóls blyken dot Minne ollang oan ut ûffenjen vji mai ut gevear. De segesje fon H., dot Minne un vot ienfôdege jónge is dyt him óp de doele bringe lit tróch de nije ydeeën, is bij Sch. dus noch fólle mear oanskerpe: Minne vurt fwarsteld os ien dyt him neane mai bemwóide en neat fon ut patryotisme ô vist en yn ien jûn ómpraat en mai un gevear ópsadele vurt. Nai ut ynliedinkje fólget bij Sch. ut ferslag fon Minne syn skot óp ut hynder. Bij H. begint dy pasaazje sa: ‘Einlings om ien uwre yn de nacht, | |||||||||
[pagina 23]
| |||||||||
teag Minne heal salig op reis nei hoes ta, mei ien laden roer op it schouder’ (MJR12). Sch. hat: ‘Do't er einlik op hûs ta teach, wier it al moai let, - of bitiid, krekt sa't men it neame wol’ (TF 5). Sch. is ópsetleker grappeg os H. Don nimt Sch. un stikje natuerbeskrjowing fon H. oer. Neffens Sch. is Minne duróp klear ‘om as 't sa útkaem hiel Snits en omkriten oan moster to sjitten’ (TF 6). Bij H. lêze vij fon Minne dot ‘er de prins in syn hele familie yn dij nacht wol mei syn eigen hannen deije kend hie’ (MJR 13). Ek is yn de taspraak fon de fwarsitter fon de gearkómst ‘...om te zweren dat zij dat gehaatte en vervloekte hues van Oranje nooit of te nimmer weer in het lân roepe sille...’ (MJR 9), ferfóngen tróch ‘...wy swere met mekaar ien groate, grouwe dure eed, dat wy niet ruste salle voordat wy alle aristocraten it lan uut giseld hewwe...’ (TF 8). Nai olle gedachten hat Sch. dy agresje tsjin ut keninklek hûûs te cru vest en tefólle de sfear fon grappegens steord, mar hij slûkket sadwande vól un stik réalytijt vai. Fwar ut skot óp ut ôdhynder hat Sch. un lytse sêne ynskood, os un soate fon ‘fwarprjoke’, ik sytjerje: ‘Dêr seach er op iens, troch de dize hinne, in steile gestalte; net fier fen him ôf. It wier in hikkepeal; mar hy tocht det it in ‘aristocraet’ wier. hy naem it gewear; lei oan; socht om de haen, mar mirk al gau det dy oan 'e oare ein fen syn gewear siet’ (TF 6). Vêrómt Sch. dut dien hat, mat ik nai riere: meskyn hat de sêne mai ut ôdhynder him te ‘goed’ vest óm yn ien kear óp te snobjen, lykos bên, teminsten fwarhinne, vólrus un pypermuntsje yn twaen brekke óm dur twarus ville fon te havven. Sch. hat ut don sónde fûn dot H. syn grappeg krûûd yn ien kear ferskeat, en hij hat de grap vot mear útsmaard. Un oare mooglekhyd is dot Sch. bang vji dot de harkers de húmor fon de sêne mai ut hynder net yn syn fólle ómfang ómfiemje kenne soenen, os se net fontefoaren mai yn lyts grapke vot ópvaarme vjinnen. Vot de reden of ut doel ek vest havve mai, ut ferhaal vurt swakker fon de ferdûbbeljende úrvraiding. Sch. mat bekwatsje fonsels, en dot betsjut no en don un ferearming en ferflakking. H. hat bijgelyks: ‘...in derop folge dalik ien slag tsjin dij hikke oan, in doe stouwen him de stikken hout om de earen, in de splinters foelen him oppe klean’ (MJR 14). Sch.: ‘...en do hearde er in slach tsjin de hikke oan en tagelyk fleagen de stikken en splinters him om 'e earen’ (TF 6). Don un ynskode fraag, un ferkljerring en un gearfotting dyt bij H. net fwarkómme, nammentlik: ‘Hwet wier der bard?’; ‘Ynpleats fen “in aristocraet” ef in domenij, hie er de âld bles fen syn bûrman in ear fan 'e kop sketten’; ‘Dat wier syn earste heldendied’ (TF 6). Vêrt H. noch vot oan de lêzer oerlit, stymúljerret Sch. de lêzer ópsetlek, lait him út en lûkt fwar him kónkiúzjes. Un oare kónkiúzje os H. nammes, vont dy lit Minne net grutsk vêze óp syn heldedied, mar beslút: ‘Nou begreep er syn misset dalik’ (MJR 14). | |||||||||
[pagina 24]
| |||||||||
De sênes mai ut rwótvetter en mai de kot hat Sch. ómdraaid. Ut vêróm is net dúdlek, mar belangryk is ut ek net. Ol is vichteg dot Sch. Minne ‘sa'n nuvere “vaderlanslievende” smaek’ (TF 6) krije lit, en him duroer mymerje lit ‘det er for it “vaderland” en de “vrijheid” tochten hie’ (TF 7). Krekt os mai de jirfwar oanhelle ‘aristocraet’ ut gefol vji, sleept Sch. dusse begrypen, dyt bij H. net yn dy pasaazje stonne, durbij, nai olle gedachten óm ut ferhaal oan te skerpjen en ta te puntsjen. Dot dógt ek blyken út de oanspraak dyt Minne ta de kot hôrt. H. hat: ‘Ja poes,’ sei er, ‘dou komst eak wol ris let t'huws, mar dat is net foor fryheit in vaderlân, mar foär dyn eigen plesier;’ - went hij wiste wol dat er mis wier ‘(MJR 14). Sch.:’ Ja, poeske, ja boarke, - de baes is to let thús komd; de baes hat op it oarlochspaed west, boarke, for frijheid en vaderland... maer, boarke, al wier 't den net for vrijheid en vaderland’ (TF 7). Dot is bij Sch. un sloppe en útvjekke oanspraak vurren mai ol dy herhellingen, mar vichteg is benammen ek dot ut selsynsjug vêrt H. Minne fon blyken dwan lit, bij Sch. óntbrekt. Tróch ut hyltyt ver ópheljen fon de begrypen ‘frijhyd’ en ‘faderlon’ en tróch ut vailitten fon de relatyvjerringen, makket Sch. fon Minne un mindere Minne.
Dêrmai lit Sch. Minne gevurre en stapt oer nai de gearkómst fon de patryotten. Vot ut meast ópfólt is dot Sch. de saak ûgryslek oanset en óptarre hat. ‘De secretaris lies de notulen fen de leaste foargaderinge’ (MJR 8) is vurren: ‘de sekretaris, (it wier al nachts nei tolven,) lies for de tredde kear de notulen foar, dy't for de tredde kear goedkard waerden’ (TF 7). Ek de oanspraak fon de fwarsitter is bij Sch. fertrijedûbbele ta: ‘Burgers, burgers, burgers, sè 'k’ (TF 7, 9 maienwar trije kear). Bij H. rópt de klup un kear ‘Hoezee’, bij Sch. ek noch un kear ‘Hoera’. Ut teplaksetten fon de kakynjebakker en de hwóddemakker gjit bij Sch. viidvaideger en mai mear krêft. H. hat: ‘Zwyg dou, met dyn kakynjes, in doen liever dat onfatsoenlike pruemke uet dyn vreet’ (MJR 8); ‘Swyg, burger (...), swyg en kom naderhan niet weer met sokke swarte hannen in de vergaderinge...’ (MJR 8-9). Bij H. straft de preses de lju dus ô tróch har óp har ónfetsoenlek útterlek of hôren en dragen te vizen. De segesje jirfon is dot de fwarsitter mai de ópmerkingen net goed ried vit, en don mar sait vot him ut east ópfôlt en fwar de mwólle komt.Ga naar eind6. Sch. is sa subtyl net, dot gjit dêr bij him fon ut bóppeste bwódsje: ‘Swiig dou! - dou smerige kokyntsjebakker, - dou smerige koek en banket, - en doen liever eerst dat onfetsoenlike pruumke uut dien freet! Bistou in burger? - dou biste gien burger! dou biste in groate grouwe arristocraat’ (TF 8); ‘Swiich dou, smerige hoeddekearel! en kom naderhand niet onder mien bereik! -Bistou in burger? - Dou bist gien burger’ (TF 8). De retoaryske fraag ‘Bistou in burger’ mai ut oerstollege ontvud ‘dou bist(e) gien burger’ hat Sch. tahekke, lykos ek ut ‘ik sê(g)/sê(g) ik’ en ut hyltyt veróm- | |||||||||
[pagina 25]
| |||||||||
kearend ‘Wie wil ut/it woord’; Vêrt bij H. faryaasje is, fynt mun bij Sch. stereotypy. Ek de ópmerkingen fon ut ómsittend laag binne vizege, duskear net, lyket mij ta, óm un monneg stereotype grappen kwyt te vurren, mar óm dy ópmerkingen te ferdúdlekjen. Bij H. sait de bakker: ‘Dat sude in heel krewei wurdde (...), in ik bin der glad teugen, want wair suden mijn kakijnjes dan allegare belande mutte, die ik alle dagen bij duzenden maaik, as er so veul tongen toe de hals uut musten, want die mutte meest met de tonge opslikt wurdde’ (MJR 8); bij Sch. sait ur: ‘Dat sude in heel kerwei wudde, presus, om al die tongen uut 'e hals te skeuren; en ik bin der oek glad op teugen. Want onder die Oranjekraaiers binne in pussie die 't graag mien kokyntsjes lusse en die maak ik by duzenden. Wer sude ik nou met al mien kokyntsjes hene mutte, as wij al die tongen teun de hals uut skeurden? hwent mien kokyntsjes die mutte je krekt met de tonge opslikke’ (TF 7-8). H. syn hwóddemakker merkt óp: ‘In ikke niet (...), want ik hew er myn beste klanten onder, in ien hoofd daar kin gien winkels as mijnes fan bestaain’ (MJR 8); bij Sch.: ‘Mar presis, dat wuude ik niet graach, dat al die groate grouwe arristocraten met mekaar ien groate grouwe kop hadden. Want ik hew in hoedewinkel en van ien groate grouwe kop, daan kan mien winkel niet van bestaan. - En wer sude ik dan met al myn hoeden hene mutte, as al die groate grouwe arristocraten mar ien groate grouwe kop hadden’ (TF 8). Lykos blyken dógt binne de argúmentaasjes - net de argúminten, mar de vudden dyt se kieze, de styl fon praten - fon de bakker en de hwóddemakker gelyk fon ópset bij Sch., vylst se bij H. helendol útenwar rinne. Sch. hat nammes de baide fygueren ek noch un spraakgebrek jûn; de bakker praat bij him mai un noasklank en de hwóddemakker stammert.
Sch. syn vizegingen litte har sa gearfotsje:
Sch. syn fwardracht is flakker, mear útvjekke en útkôge, minder núônsjerre en minder sprankeljend os H. syn ferhaal. H. ken ut snedeg en | |||||||||
[pagina 26]
| |||||||||
byldzjend seze, hat êg fwar ut detail en etyketjerret de minsken net. Sch. is vinlek olinneg mar óp un gwódkeape manier óp efekt begien.
De fwardracht ‘It Matichheidsgenoatsklp’ hat óp ómslag en tytelpagyna os naiere oantsjutting of ûndertytel ‘Yn in doarpsherberge by winter’. Ot dy oantsjutting eane yn un printing fon de Rimen en Teltsjes fwarkómt, haf ik net naigien. Yn de ôdste printinge fon ut ferhaal dot Sch. ta fwardracht bevurke hat is de tytel ‘Forleazinge dien by ien oafrekkening fen de Letteroefeningen in de Boekzaal yn ien lyts dorpke after Ljouwert yn it jier 1844’Ga naar eind7. Dusse ‘Forlaezinge’ is gin ferhaal mar ut ferslag fon un petear yn un herberg. Dot petear gjit east oer poletyk en steatssaken en letter, bij de ynkómst fon un ónthôrder, oer de drank en ut steanlitten durfon. Fwart H. ut petear beginne lit, typjerret ur un stik of sais persoanen. Yn de rin fon ut petear vurre noch inkele persoanen yntrodúsjerre, mar dot gjit ollegjer fólle kwatter óm de hûkke. Bij Sch. binne ut fjauer persoanen vurren, en bij him begint ut petear jest ost de ónthôder óp de lappen kómt. De útterleke typjerring fon Sch. syn persoan nr. 1 (TF 9) kómt oerien mai H. syn nr. 1 (LeW 71), olinneg hat Sch. tahekke dot de ôdboer ‘sûnder tosken’ is. Fon de ôdboer syn poletyke kennes en veteghyd neamt Sch. mar yn lyts pat. Sch. hekket oan de typjerring ta: ‘Hy bieindigt syn taspraken den ek hast altyd mei in gnoarrich: ‘En hwer komt dat fen dinne!? en Hwer komt dat oars fen dinne as fen dy bliksemse kemizen!’ (TF 11-12). De mon dyt bij H. un hekel oan kemyzen hat is de slachter: ‘ien lyts mantsje, in lyk as alle slachters, ien great friun fen de commîzen in de commîzen fen him’ (LeW, 73). Dy slachter sait yn ut petear un kear: ‘...in dy duwelsce commîzen it lân uwtjeye’ (LeW, 75). Dêrnai is ut ‘Ien âld man, dy't oan dizz' tiid ta nât folle sein hie’ (LeW 78) - dyt net ta de sais typen fon H. jert -, dyt ut sechje un kear yn hele hear en fear brûkt: ‘In dat se dat nou nât krye, hwaer komt dat oars fen dinne as fen dy blixumsce commîzen?’ (LeW 79). Sch. syn nr. 1 is dus H. syn nr. 1 oanfólle mai de ôgriis fon kemyzen fon H. syn slachter en mai ut sechje fon H. syn ‘ien âld man’. Sch. syn nr. 2, keapmon Sjerp, hat mai H. synes net fólle mear mien os de namme. H. fertelt dot Sjerp twares vyks nai de merk gjit en don ‘ornaris plesierich wer om’ (LeW 72) kómt. Ut is un drûgge prater dyt dur net ol te snoad út sjugt, en fjidder: ‘Hy is ien great ljefhabber van suwpenbry in sjerp: daer nimt hy alle moárnen yn 't nochteren ien leppelfol fen yn’ (LeW 72). Sch. syn sjerp is ‘fen komôf in stêdman, dy't syn moerstael noch altyd heech hâldt’ (TF 12). Ut fait dot Sjerp ónares plesiereg verómkómt is tróch Sch. oansterke ta: ‘Hy is pûrgleon op brandewyn...’ (TF 12). Un tahekke fon Sch. is: ‘As immen op 'e drank ôfjowt, bigjint er yn 'e regel oer syn “Opa” dy't in lêsselskip oprjuchte hat en tachtich jier wirden is’ (TF 12). | |||||||||
[pagina 27]
| |||||||||
H. syn nr. 4, de slachter, is bij Sch. nr. 3 vurren. Lykos bóppe ol skreaun is, hat Sch. de slachter syn tsjinsin yn kemyzen ônómmen en oan syn nr. 1 jûn. Yn ut plak dêrfon kryt de slachter fon Sch. un hekel oan boeren, dy't ‘him tomin fortsjinje litte wolle’ (TF 12). De slachter syn stopvud is: ‘Notabene! Hen?! Hwette?! Ho sizze jy?! - De boeren?! (TF 12). Dot stopvud is bij H. un oare fyguer aigen, nammentlek nr. 6, un boer, dyt sait fon ‘note bene! ho siz jo? daerom wo'k sizze, tsjerke in toer midden yn 't dorp’ (LeW 74, dêre helendol kursyf). Yn ut petear sait de boer nochrus: ‘tsjerke in toer midden yn 't dorp (...) is 't net lyk as ik siz, ho hwat sein' jo’ (LeW 76, dêre helendol kursyf). Nr. 4 fon Sch., ‘in grouwe turfskipper. Fen him fait oars net folle to sizzen as det er in hekel hat oan alle matichheidsgenoatskippen en oan kâld wetter. Syn noas is allikke read as de man sels grou is’. (TF 12) kómt oerien mai de skipper dyt bij H. net bij ien fon de sais ynlate typen jert, mar jest letter neamd vurt, fwar ut east óp s. LeW 77. De graue noas ken Sch. syn skipper krygen ha fon H. syn nr. 5, Noazinga. Lykos sain slagt Sch. ut petear oer poletyk en steatssaken oer; nai de typjerring fon syn fjauer fygueren lit ur de snydersfaint ynkómme. De snyder bestelt molke-en-vetter, dot is bij Sch. sa bleon, mar de fraag fon de skipper ot de faint meskyn de tarring hat, is feroare yn de fraag ot ur lêst fon bennesykten hat. Mooglek hat Sch. de tarring vot te slim vest. De fólgjende fraag fon de skipper, ot de snyder sóms lid is fon ut mateghydsgenoatskip, en ut ontvud dêróp, binne fierhinne gelyk bleon. De ‘forwoasting yn de maatschappy’ (LeW 78) is vurren ‘forwoastingen’ (TF 12), de ‘foártgong fen de forliuchting in beschawinge’ (LeW 78) is vurren de ‘foarútgong’ (TF 12). De útspraak ‘Dat sniders ornaris gek binne...’ ensfh. (LeW 78) vêrfont ut bij H. net dúdlek is oan vaat vij him taskrjowe matte, is bij Sch. de ôdboer, nr. 1, yn de mwólle lain. ‘...dat sa'n streupert asthou moalk-inwetter drinkste, in fen forliuchting in beschawinge praet...’ (LeW 78) is feroare yn: ‘...det sa'n streupert as dou môlke en wetter drinkt ynpleats fen kleare jenever...’ (TF 13). (‘drinkt’ os persoansfwarrem bij ut ûnderverp ‘streupert’ is yn olle gefollen gramatykaal korekter os H. syn ‘drinkste’). Ut ‘O jo, o jo...’ (TF 13), dot Sch. tahekket, is ôkómsteg fon H. syn ‘Ien âld man’. Fon dyselde ôdmon is ôkómsteg ut ópsnólke sechje oer de ‘bliksemse kemizen’. Don kómt bij Sch. de gremytege slachter oan ut vud, dyt twarus syn ‘Nota bene...’ ensfh. loslit. Bij H. is dêr yn ut petear neat fon te fynen. Ut snyderke nimt bij Sch. nochrus ut vud, bij H. net. Jirnai kómt bij Sch. de tige feroare, stedsk pratende keapmon Sjerp oan ut vud. Syn menier fon praten en syn stopvudden binne bij de typjerring net út de dûkken dien. Ik sytjerje: ‘Ons opa is tachtich jaar wudden en wat sei de man altyd? Brandewyn met suker en wat sjerp op 'e nuchte- | |||||||||
[pagina 28]
| |||||||||
ren mage, sei er altyd. Dat kan de verwoesting teugen keere. En de man is tachtig jaar wudden. Bistou soms ok ai tachtig jaar wudden, dou met dien melk en water? - Hestou ons opa kennen? - Ei, nou ju, groate suffert, wer praaste dan over’ (TF 13). Sch. syn skipper vól dur jetrus óp út dot de snyder oan bennesykten lit. Nochrus mai ut snyderke fon Sch. vot seze. Don is de ôdboer ver oan bar mai syn ‘O jo’, mai syn ‘Det ik dit noch belibje moat’ en útsoate mai syn ‘bliksemse kemizen’. De tyrade oer ‘Smoarge bern fen in jier ef tsjien...’ (TF 14), lykos ut ferhaaltsje oer de arbaider fon syn hait, binne ôkómsteg fon ‘len âld man’. Tróchdot Sch. un stikje tekst vailit, suggerjerret ur dot tsienjirrege bên de lju ôbekje: ‘Smoarge bern fen in jier ef tsjien prate al oer heil fen de maetskippij, mar de earme ljue dy stjûre se mei in formoanninge nei hûs ta om dêr hjarren hongerige bern mei te foerjen’ (TF 14). Bij H. stjit ‘Smoárge bern fen ien jier oaf tsjien prate al oer forliuchtinge in bescawinge, in sy binn' yet lang nin tweintich, den scrjouwe s' al forhanlingen ta Nut van het Algemeen, in stjuwre de earme liuwe, dy't graech hwat ha' wolle, mei ien thige formoánninge nei huws, om daer hjar hongrige bern brea to keapjen, oaf hjar neakene lea' mei to bedekken’ (LeW 78). Keapmon Sjerp leppelt ol syn sechjes nochrus óp. Ut snydersfaintsje sait dot ur de viiste mar vêze sil. Fwar de safólste kear lit de slachter syn ‘Nota bene's’ los. Syn ópmerking ‘Dou mei dyn matichheidsgenoatskippen dy't in earm minske misgunt om nou en den ris in bihoarlik stik yn 'e lears to krijen’ (TF 14) is un bevurking fon ut sezen fon ‘ien’ boer uwt it formidden’ (LeW 80), dyt jest don yntrodúsjerre vurt bij H.; hij sait: ‘...den kryggen yet 'ris liuwe ien stik yn de lears, dy't oars nât om de drank joegen...’ (LeW 80). Oan dyselde boer is óntliend vot Sch. dêrnai syn nr. 1 yn de mwólle lait: ‘mei de jierlikse ôfrekken fen it lêzen fêst neat oars sûpe os kofje, sadet men alle amerijen der efkes út moat’ (TF 14) H. hat ‘Do't ik jong wie' pielden wy wol 'ris mei laezen, in as wy den jierliks oafrekkening hiene, den kaem er nei thédrinken ien slok oppe tafel (...) Mar nou kofje drinke, dat men alle ameryen pisje mat...’ (LeW 80). Fonsels binne de ‘O jo's’ en de ‘kemizen’ dur ek ver bij. Bij ainslútten sait de skipper fon Sch. krekt os H. synes, dot ut un mooie fertoaning vurre soe óm de faint kôd vetter te jan ynpleats fon jenever. En nochrus vól ur ha dot de snyder de bennesykte hat.
De fwarnaamste feroaringen dyt Sch. oanbrocht hat binne: 1. Sch. hat ut tol persoanen behaind ta fjauer. Dut is net bard tróch persoanen vai te litten (útsain de dokter, mar dy kómt olinneg oan ut vud yn ut petear oer poletyk), mar tróch út ferskillende ‘persoanspatten’ nije persoanen gear te stollen. Sch. hat ut ferhaal fon H. ‘rûppele’ - sat ut yn | |||||||||
[pagina 29]
| |||||||||
ús famyljêre taal hiet -: hij hat ôplôke vot brûkber vji, en dot óp un bult smyten. Nimme vij typjerringen tróch de ferteller en útspraken fon de persoanen bijenwar, don is Sch. syn nr. 1 bijgelyks gearstold út elementen fon H. syn nr. 1, H. syn slachter, H. syn ‘Ien âld man’ en H. syn ‘ien boer uwt it formidden’. 2. Sch. hat ut lytse tol stopvudden dot bij H. fwarkómt ópsnólke en útvraide mei aigen skeppingen en hij makket dur un frekwent gebrûk fon. Ut, ópsnólke, ‘Nota bene’ komt bij H. yn ut petear net fwar, bij Sch. yn ut petear fjauer kear. Bij H. sait immen ienkear ‘...hwaer komt dat oars fen dinne as fen dy blixumsce commîzen’, en don ek noch yn relaasje ta de kóntekst, dot vól seze, ut is jir gin stoplape; bij Sch. kómt ut sechje trije kear foar yn ut petear. Trije kear ‘gnoarret’ Sch. syn ôdboer ‘O jo, o jo, det ik dit (nou) noch bilibje moa(s)t’, H. syn ‘âld man’ seit ut ienkear. 3. Net olinneg stopvudden vurre herhelle, mar ut hele petear is vinlek redúsjerre ta hyltyt verómkearende stereotypen. Trijerus sprekt bijgelyks de skipper syn fermoeden út dot de snyder lêst fon bennesykten hat. De snyder, dyt bij H. mar ien kear oan ut vud kómt, lait bij Sch. hyltyten ver út vêrómt ur net drinkt, vylst oaren har tsjin un drankferbod fersette: ‘Scilstou ús hjir it jeneverdrinken forbiede, dou streupert fen in snider dystou biste’ (TF 13); ‘Kin it nou ek al net iens mear in romer fol jenever lije’ (TF 13); ‘Dou mei dyn matichheidsgenoatskippen dy 't in earm minske misgunt om nou en den ris in bihoarlik stik yn 'e lears to krijen’ (TF 14); ‘Us It jenever drinken forbiede’ (TF 14-15). 4. Un pear vudden binne fersêfte, tarring is bennesykte vurren en ynstee fon pisje mat mun dur even út. Sch. syn tekst is gôns flakker os H. synes. Vot bij H. ienrus of twarus fwarkómt, mar yn de rûmte fon de tekst net os forsjerre grappeg ópfôlt, is bij Sch. yzzeljerre en fermonnegfôdege. De ómbóchten en sydpaden fon H. binne vailitten, ut kómt bij Sch. hyltyten óp utselde del en olles kómt veróm. De húmor fon H. is bij Sch. kolder vurren. Bij H. mat mun jun hyltyt ôfreegje hûfólle viers dur yn de kemyke útspraken sit, bij Sch. hûgt mun net nai te tinken, olinneg mar te gnizen. Ut lyket mij oerstolleg óm Sch. syn fwardrachtbevurkingen eksplysyt te fergelykjen, ut is yn ien êgópslag te sjen dot ur baide kearen deselde metoade tapost hat.
Elrus lbsch ûnderskaat yn har artykel ‘Receptietheorie’Ga naar eind8 fjauer resepsjesytevaasjes:
| |||||||||
[pagina 30]
| |||||||||
Sat Ibsch har easte type karakterysjerret, ‘Kenmerkend voor deze situatie is dat niet adaptatie maar perfectionering of verzet tegen de oorspronkelijke tekst wordt geïntendeerd’Ga naar eind9, is ut net dúdlek of vij vot Schuitmaker dien hat ta dot type rekkenje kenne. Dot lait him fwast oan ut begryp ‘adaptaasje’, dot ‘oanpossing’ betsjut mar ek ‘frij bevurkjen’, en twad oan ut fait dot ut óndúdlek is ot mai ‘perfectionering’ fon de ‘oorspronkelijke tekst’ bedoeld vurt dot dyselde tekst behoffene vurt, òf dot yn un fólslain nij vurk beskate prinsypes en strategyen út de oarsprónkleke tekst ferfólmakke vurre. Ut lyket mij ut bêste óm ut easte type óp te spjolten yn twa ûnderskriften, vêrbijt 1b) don ómskreon vurre ken os de dyrekte produktyve resepsje fon de lêzer-ómvurker dyt un besteand vurk ómvurket en tepos makket fwar un oar medyem, genre of públyk. Type 1a) hat don olinneg betrekking óp de lyterêre produkten dyt oanspraak maitsje óp orysjynalytijt, vot, nim ik oan, Ibsch bedoeld hat. De ‘nijens’ fon un nij vurk is fonsels un betrekleke saak. Helendol nij is un vurk nóit, vont don soe gin mins ut begrype, ut binne oltyten mar inkele aspekten of details vêrynt un vurk ôvykt fon oare. De skrjowers dyt un fertelstrategy bijgelyks út oare vurken oernimme en yn un aigen nij vurk sa taposse dot ut rendement en ut efekt noch grutter vurre (perfeksjonjerring), of dyt mai beskate kónfinsjes yn oare vurken brekke, en dot sa dúdlek dot ut ópfolt (ferset), dy jerre ta de stikmonneg verklek grutte skrjowers. Dy olinneg ferfólmaitsje beskate prosedees of slagge nije vegen yn. De grutte heap fon net-topfygueren, de midsmjittege en minmônske skrjowers, dy skrjowe oare skrjowers nai en brûkke súksesfólle formúlles. Mai ut êg óp ferskillende resepjerre vurken (lyteratueren) kenne fernijing en ymytaasje ek tagelyk yn ien vurk oanviisd vurre. Dy resepsje-sytevaasje lyket mij typjerjend ta fwar de frieske ‘avantgardistyske’ skrjowers. Binnen de frieske lyteratuer vjinnen de Jongfriezen en de shortstoryskrjowers fon 1945-60 fernijers, mar yn jeropeesk en amearykaansk ferbôn vjinnen ut epygoanen. Se fersetten har tsjin de feskebakkerij resp. de frieske skets, mar koenen dot olinneg dwan tróch útlônske resepten oer te nimmen. De fernijing yn de frieske lyteratuer kómt oltyten fon bwótten Fryslon. Voneart mun de resepsje-sytevaasje fon de lêzer-prodúsent fon nije teksten sa ópfottet, dot un prinsype fon de oarysjynalytijt dêryn minder klam kryt en ut prinsype fon de ymytaasje un legytym plak taskikt vurt, don ken ut begryp ‘nij’ fonsels sa slim útholle vurre dot dur neat oerbljoot os un lege húl. Hû nij is ut ferhaal oer de swatjirrege, brúnêgege ópperaasjesuster Anyta, dyt gin êg ôhôre ken fon de sterke, tróchtaastende honnen fon dokter Verhagen dyt sij sónt kwat Robert neame | |||||||||
[pagina 31]
| |||||||||
mai en vêrt se har un ferlegen skwalfanke bij fielt os ur har mei syn geef gebit oanlaket? Os mun de ûndersykers fon tryvyale lyteratuer ljowe mai, lykje ol dy searjeferhalen ópenwar os blêden fon ien beam. De produkten fon dut slag binne amper ‘nij’ te neamen en de produksje amper ‘yndyrekt’. Mar se kenne ta ut skift 1a) rekkene vurre, ómdot dy vurken os nij prissentjerre en tróch de lêzer os nij resepjerre vurre. Sels ol soe de ymytaasje óp plagyaat útrinne, don mat san vurk noch os nij oanmurken vurre, ómdot ut de yntinsje hat óm os nij resepjerre te vurren. De beskuldeging fon plagyaat mat fon de lêzer kómme, en benammen de areghyd óm de beskuldeging te útterjen. Dy areghyd is dur vinlek olinneg mar os ut óm un vurk gjit fon un seker nyvo; óm plagyaat yn de tryvyale sektor makket nimmen him drók. De bedrjower fon plagyaat en de ómvurker fon un tekst stonne yn un beskaat ópsjug rjócht fwarenwar oer. Vaat plagyaat bedrjoot, ‘stelt’ un oar syn tekst mai ut doel óm dy os aigen út te jan, en de vizegingen dyt ur oanbringt havve ta doel óm ut plagyaat te fertsjusteremwanjen en/of minder beviisber te maitsjen. De ómvurker fon un tekst sjugt syn arbaid os tsjinst oan de skrjower, de tekst en ut públyk. Ut is syn doel net óm mai oarmons fjerren te prónkjen, mar óm de tekst ópnij resepjerre te maitsjen. De vizegingen dyt ur oanbringt binne, sat ur fon miening is, needsaaklek mei ut êg óp ut genre of ut medyem dot ur kiest en ut públyk vêrt de ómvurking fwar ónjerre is. De ómvurkingen dyt ik óp ut êg ha binne bijgelyks: bevurkingen fon romon of ferhaal ta fillem of tillefyzjefillem(searje), ta harkspul of teneelstik; oasóm ken ek, mar kómt net fólle foar. De ferflakking en tryvyalysjerring dyt mun yn ómvurkingen faak oanvize ken, lykos yn de fwardrachtbevurkingen fon Schuitmaker, mat mun mien ik net verómbringe óp de ferfolskjende ópset fon de ómvurker - dyt mun jun don fwarstelle matte soe os un ‘bedjerder’ fon lyteratuer en os un ‘dómhôrder’ fon ut fólk, sat tryvyale skrjowers sóms vólrus úttekene vurre -, mar dy mat mun vyte oan ut fait dot de ómvurker east lêzer vest hat. De heegste lof fwar un ferhaal is súver, dot ‘dur gin vud tefólle yn stjit’, dot olles óp olles betrutsen is en maienwar gearhinget. De naue gearhing fon de patten fon un ferhaal is ut gefólg fon ut min of mear losmaitsjen fon ut ferbôn tusken de ferhaalvrôd en de daistege verklekhyd. Ut is net un typysk estetysk ferskiinsel, mar ûnder oaren ek un psychologysk proses: os minsken, bijgelyks tróch un trainkaping, fon har daistege ómjauing skaat vurre, don raitsje se mear betrutsen óp har mairaizgers dot east poerfrjemden vjinnen. Ut is ek un fysysk proses: os de adheezje lytser vurt, vurt de koheezje navenont grutter. Vot lyteratuer oanbelanget ken mun seze dot de fiktyvens fon de tekst twingt ta ut lezen fon yntern ferbôn. Duzze ‘vet’ ken tige twingend vêze, en voneart de | |||||||||
[pagina 32]
| |||||||||
skrjowers har dur sónder tsjinakseljen ûnder del jaue, don vurt lyteratuer, of un beskaat lyterêr genre, un ailontsje mei aigen seden, gebrûkken en fwarfollen, mai yn aigen ynterne gearhing en kausalytijt dot amper noch byningen hat mai de daistege réalytijt en de aktúele sytevaasje fon de lêzer. Ut is de yntinsje fon de net-tryvyale skrjower óm tsjin dy vet te rebeljerjen, óm ut genre iepen te hôren nai bwótten ta, en óm sa te skrjowen dot ut ferhaal net os un besletten en yn himsels fólslaine vrôd naist de verklekhyd stjit, mar krekt yn syn net-ôrûnne-vêzen de lêzer oan ut tinken set, net olinneg oer ut ferhaal, mar ek oer syn aigen verklekhyd. De lêzer dêrfwaroer hat yn ‘tryvyalysjerjende’ ynstelling, hij vól óp de maklekste menier oan syn geriif kómme, en dot óp deselde menier os ur dot bij oare lyterêre vurken vend is. Hij syket óm ‘ut ferhaaltsje’, de fwótsetting en ut beslút dêrfon. Vot him net sa goed yn ut petroan skikke vól, leit ur minder klam óp of hij ynterpretjerret ut dwas tsjin de tried yn, dot ut him vól skikt. De lêzer vól de him oanbeane fiktyve vrôd dúdlek en oersichtlek fwar him ha. (Myn kónkretysjerring fon ‘Minne Jorrits Reis’ is dêr un fwarbeeld fon). De lêzer syket óm ut bekende yn ut vurk en dêr gjit syn fontasy mai fjidder; ut frjemde, vot ur net oan ken of vot him oan ut twiveljen bringt, slút ur him fwar ô. Vot Schuitmaker mai Halbertsma syn tekst dien hat, ken mun verómbringe óp syn lêzerskip. Hij hat de faitleke gegevens fon de tekst ta ienfôdege struktueren verómbrocht; vot him dêrbij oerstolleg lyke hat ur vailitten, en vot him de kean lyke te vêzen hat ur oanset en fersterke. (Voneart de ómvurker mear bod jaut oan aigen kréatyvytijt, ken ut produkt fon un heger artistyk nyvo vêze, mar yn faite hat mun don net mai de typyske ômvurking te maitsjen, mar mai, bijfwarbeeld, un ‘tillefyzjespul nai un ydee fon...’. Yn ús typology sitte vij don óp de grins fon 1a) nai 1b).
De reden dot dutsoate ómvurkingen os fon Schuitmaker mij vichteg ta lykje fwar ut krijen fon ynsjug yn de resepsjeskiednis fon un beskaat vurk en fwar ut krijen fon un yndruk fon de fervachtingshoarysón fon ut públyk vêrt de ómvurking fwar ónjerre is, hinget gear mai ut fait dot de ómvurker un ónópsetleke ynterpretaasje en efalúaasje fon de oarsprónkleke tekst jaut. Jir vurt un ferskil mai de krytykes dúdlek. De krytykes syn hôring tsjinoer de tekst en tsjinoer syn aigen kónkretysjerring durfon ken oantsjut vurre os ‘fijónskip’. Hij vontraut de tekst en syn aigen útlees durfon: lês ik dot vól goed, stjit dot dur vól, lit ik mij net maislepe, bin ik vól earlek, jau ik ut vurk un kôns? De krytykes ferset him tsjin syn aigen lêzersgemaksucht, mar hij ken dur bij ainsiútten net fwarvai, dot ut ienfôdege lêzerskip dot ur mai olle lêzers mien hat, syn fwarnaamste ynformaasjebwanne is. Ut risseltaat fon de krytykes syn vikken en vagen, de resinsjes, jaut net olinneg un ynterpretaasje en un vedjerring, mar makket teffens mai argumenten dúdlek vêrómt ut oar- | |||||||||
[pagina 33]
| |||||||||
deel sa en sa útfôlt. Ek ol mient un Leeuwarder Courant dot ut gin fûûg jaut óm oanmerkingen óp bûkbesprekken te maitsjen, resinsjes binne prinsypjeel fwar diskusje fetber, en binne duróp berekkene óm krytysk hifke te vurrenGa naar eind10. De krytykes dekt him yn ut foar tsjin krytyk yn, tróch yn syn oardeel te rifferjerjen oan, of yn olle gefollen rekken te hôren mei, de lyterêre ópfottingen fon ut lêzerspúblyk. De krytykes dyt yn un lyterêr tydskrift skrjoot, sil merke litte dot ur syn Stanzel, Booth en Jauss lêzen hat, de krytykes dyt yn un daiblêd públysjerret gjit, sónder him oan viidvaidege téoretyske bespegelingen te besóndegjen, dur fon út dot dur tusken him en syn lêzers oerienstimming is vot betreft lyterêre ópfottingen en fervachtingen: vot is veadefól, vot is ‘lyterêr’, vot ‘ken’ yn lyteratuer, hû jert un ferhaal te rinnen, ensfh. Dekt de krytykes him ol te fólle yn, dot ur de sprekbuis vurt fon de midsmjittege lêzer en him net vêget oan un mear selsstonnege ynterpretaasje en oan ut talitten fon aigen, mai safólle vudden neamde, lêzersvjerfaringen, don kryt mun un resinsje dyt amper ynformatyf is. Dotsoate resinsjes, mai os vichtegste kónklúzje dot ut bûk fon taal en styl vól areg ynwadder is, binne út de jeddere frieske krytyske praktyk bekendernôch. De hôring fon de ómvurker tsjinoer de fon him ómvurke tekst ken mun oantsjutte os ‘freonskip’. Hij vontraut noch de tekst, noch syn aigen kónkretysjerring durfon - meskyn beseft ur net iens dot dêr ferskil tusken is. De ómvurker makket net un krytyske metatekst dyt ynterpretjerjende en efalúerjende, óp ferstonlek hifkjende aktyvytijt basjerre en berekkene, útspraken dógt. Hij makket un lyterêre tekst, dyt net krytysk, mar estetysk vedjerre vurre vól. De ómvurker beskôget de oarsprónkleke tekst net os un frjemd ding dot ur aneksjerje mat, mar net safier dot ut fólslain aigen besit vurt en ut aigene fon de tekst teloar gjit, hij beskôget ut vurk os aigen en fertraud - ut feroveringsproses is him blykber út ut sin rekke, of hij hat dur nóit vot fon murken. Ken de krytykes - de goede - nóit ferjitte dot ur mai un frjemd ding te maitsjen hat, dot mun syn frjemdvêzen net ônimme mai, dot syn lêzersdrjo óm ut ôvykende bij ut bekende yn te liivjen net safier gean mai dot olles ‘deakónkretysjerre’ vurt, de ómvurker hat dy problemen net, hij gjit nayf mai de tekst óm, lykos elke gevoane lêzer. Syn verskeppende aktyvytijt dógge syn aigen kónkretysjerring en syn fervachting fon vot ut públyk fon lyteratuer fervachtet út blyken, ymplysyt sadwande syn ynterpretaasje en syn efalúaasje fon de oarsprónkleke tekst, yn breder ferbôn syn ópfotting fon lyteratuer, Nai syn aigen oardeel lykvóls is de ómvurker trau oan de tekst en is syn vurk fon technyske aad: hij feroaret de tekst mai ut êg óp ut genre of ut medyem. Gin inkeld genre of medyem twingt lykvóls ta simplyfysjerring en tryvyalyjerring. Voneart mun no kónklúzjes lûkke vól oangeande de fervachtingshoarysón fon ut públyk, fôlt mun maklek un un sirkelriddenjerring: Schuitma- | |||||||||
[pagina 34]
| |||||||||
ker skrjo syn (tryvyalysjerre) fwardrachten fwar un breed públyk, dus ut públyk fervachte fon lyteratuer ienfôdege ferdyvedaasje, dingen vêrt mun óm laitsje koe. Myn broer hat gôns súkses hôn mai syn ‘Burgers’, mar dot beviist net dot Schuitmaker presys de midsmjittege públykssmaak tróffen hat, ol viist ut dy kônt vól út. Schuitmaker syn fwardrachten binne resepsjedokúmenten, ut aplaus dot myn broer kryge hat os ‘resepsjedokúment’ vot in twivelege states. Nai olle gedachten jaue de fwardrachtbevurkingen fon Schuitmaker un bettere yndykaasje fon de fervachtingshoarysón fon ut publyk os Schuitmaker syn aigen en os oarmons oarsprónklek vurk út dyselde jirren, en meskyn sels os de krytyken út dy tiid -ómdat de ómvurker mear os de skrjower en de krytykes ‘gevoane lêzer’ vji en bljo -, mar dot is un hypoteze. Ik haf besocht óm dy oannimlek te maitsjen, mar bevize is fonsels vot oas. |
|