Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 16] [p. 16] Geart van der Meer Trije fersen fan it swetteleaze wûn in strykstôk, in fioele en twa hannen, it noateskrift, de lucht op fjouwer stringen triljend, de fluezen yn myn ear, ha bannen skepen tusken twa geasten. sa ha dingen, stoflik neamd, it ivich ta skieden twingen fan selde stof teneate dien. sa skreauwen ek fingers om de guozzefear, bij 't bringen op papier, del it ûnbetwingber leauwen fan dy langlyn befleine geast dat kleauwen fan tiid en romte wêze kinne as brêgen tusken sielen, dy't as eilannen bleauwen, at hja har net oer fiere seeën weagen. o frjemd riedsel, dat sa it ik de oar fynt - wreed en iensum lok, dat dat wat skiedt, ferbynt. [pagina 17] [p. 17] eckernförder bucht it kâlde sân draacht dyn gewicht net mear dyn lichte lea is út it weagjend wetter riisd en is ferdwûn en spoaren bin ferwaaid foar no en letter dyn lûd, en o dyn stim, klinkt dêr net mear in waarme wyn aait dyn gesicht net mear mar kâlde posters ronfelje it wetter swart. ek is ferdwûn it weevjen fan dyn hier foar no en letter dyn laits, en o dyn glim, blinkt dêr net mear dêrjinsen skynt it waarme ljocht net mear dat myldens oan it breeddynjende wetter joech. ek is ferdwûn dyn waarmjend eageljocht foar no en letter dyn loaits, en o dyn sjen, skynt dêr net mear. 't hat west, it is? nee, 't hàt west - nea sjoch ik mear dij sa as elemint fan wyn ljocht wetter sân. it is ferdwûn wat bliuwt is inkeld langst om wer om letter te sjen te sjen yn eineleas begear [pagina 18] [p. 18] nei amearika ús durk sil nei amearika. mar ik bin noch te lyts om mei nei it fleanfjild. doede stiet al mei de auto op 'e dyk te wachtsjen. dêr rinne se, op 'e reed bij germ-en-hesseltsje. mem foarop. se hat in hoed op. en se hat sâlte wangen. Vorige Volgende