Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 51] [p. 51] Baukje Wytsma Warleas Sa warleas nea, as doe't ik myn hannen foar dy iepentearde en do de grinzen leiste oan myn fingerseinen. En finzen wie 'k foargoed, net mear te heinen. Sa warleas doe. It iiskâld streamen fan myn reade bloed en lâns de finsters 't stadich drippen as fan in griis en einleas reinen. Vorige Volgende