Jûchhei, de kranten dogge mei. Hwa't Trotwaer slaen wol, kin altyd wol in Hjir-nûmer fine. Hwant dêr krije wy wol sa'n soad kréatyf en oarspronklik wurk to lêzen. Dêr is de ein fan wei. Och, harrejassus! Trotwaer is oars net as heech en dreech gewrot en gewraem fan in elitaire boppelaech dy't him ôfjowt mei literair-theoretyske en technyske saken. Dat geduvel by De Ljouwerter en It Deiblêd moat nou mar ris út wêze. Hwatfoar kranten binne dat dy't daegliks forskine en noch net lyk rinne. Minsken, dy mannen binne al tiden út 'e redaksje.
Oars moatte wy mar ris oan it tellen slaen. Hwant elk jammeret en docht nou wol, mar hat ea wol bliken dien dat Hjir safolle mear oarspronklik wurk opsmyt as Trotwaer? Nim bygelyks de beide jiergongen fan 1977. Dan kom ik (ynhaldsopjeften, tekeningen en fotoderij net meirekkene) foar.
Hjir op 91 siden frysk-oarspronklik wurk tsjin 90 siden net-oarspronklik wurk (skôging, bisprek, oersetting en kursyf). By Trotwaer binne dizze sifers 145 tsjin 202. Mei oare wurden: Hjir joech op elke 10 siden oarspronklik 10 siden net-oarspronklik wurk, Trotwaer op elke 10 siden oarspronklik 13 siden net-oarspronklik wurk Net in forskil om biroerd fan to wurden. En bûten de forhâlding bisjoen joech Trotwaer altyd noch in dikke 50 siden mear fryskoarspronklik wurk as Hjir Dêr komt noch by dat yn 77 yn Hjir 8 dichters oan it wurd kamen, yn Trotwaer 11. Hjir hat yn 77 ûnderdak jown oan 3 proazaskriuwers, Trotwaer oan 5 Hwa't, dus werklik op 'e hichte bliuwe wol, kin mei Hjir net ta. Yn dit nûmer fan Trotwaer fine jo bygelyks op side 372 in stikmannich fersen fan Eppie Dam, dy't by de Hjir-redaksje gjin genede founen. Of is Dam faeks sels foar ivich forlern nou't er de brede wei fan it Trotwaer-redakteurskip opgien is? In oare syklus fersen wie de hearen ek al net nei 't sin. It leit der wol dik op. Dam is fan de forkearde kant, mar uteraerd mei er in oare kear wer ynstjûre hwat er wol Uteraerd net. De leafde is foarlopich út. In 1982 bin ik út 'e redaksje fan Trotwaer. Oant salang sil ik foar Hjir it abonnemintsjild oermeitsje. Hwant op 'e hichte bliuwe sil ik.