Redaksjoneel
It nûmer fan Trotwaer, dat de achte lêzer nou yn hannen hat, makket de tsiende jiergong fan ús tydskrift fol. Yn it earste nûmer fan de earste jiergong skreau de doetiidske redaksje-foarsitter, Geart van der Zwaag: ‘By it forskinen fan “trotwaer” hat de redaksje eksplisyt gjin literair programma oan to bieden. Wy sjogge wol.’ Sa'n opmerking jowt jin gjin bulte moed foar de takomst. In smite folk sil doe wol forwachte hawwe (en faeks ek hope) dat Trotwaer gjin lang libben biskern wêze soe. Trotwaer bistiet noch jimmeroan en hat yn dy tsien jier sjen litten dat it net om 'e nocht west hat. Trotwaer moat ek yn de heine en fierdere takomst wiermeitsje, dat it blêd de krêften en sinten dy't deroan bistege wurde wurdich is.
Sûnt it forstjerren fan Miedema-pers wurdt Trotwaer útjown by de Koperative Utjowerij, dêr't it tiidskrift winliken ek thúsheart. Wy tidigje derop, dat dat sa bliuwe kin.
De sekuere lêzer hat yn it kolofon fan nûmer 1978-5 al lêze kinnen, dat Goos (ek wol: Goaitsen) van der Vliet yn de redaksje fan Trotwaer it plak fan Trinus Riemersma ynnommen hat. Goaitsen hat geregeld yn Trotwaer fersen en sjongteksten publisearre en mei syn bisprek fan in fersebondel yn Trotwaer 1978-3 forwachtings oproppen. Yn it Frysk studinte-formidden yn Twinte spilet er net swak by. Nou't er ôfstudearre is, wol er werom nei it Heitelân.
Willem Abma hat okkerlêsten foar de R.O.F. nochris forkundige, dat trochstreaming en fornijing yn literaire en kulturele formiddens needsaeklik binne. Forgrizing keart forjonging tsjin. Om dy reden hawwe de redaksjeleden fan Trotwaer yn bigjinsel net langer sit as fiif jier. Bigjin 1974 binne Willem Abma en Alex Riemersma tagelyk yn de redaksje kommen. Willem nimt nou ôfskied as lid fan de redaksje, mar hy giet fansels troch mei skriuwen; dat wy hoege syn fersen lokkigernôch net to missen. Syn bitrutsenens en ynbring op de redaksjegearkomsten makken dy middagen altiten ta spannende barrens. Dat moatte wy yn alle getallen wol misse! Alex Riemersma bliuwt earst noch oan as redaksje-skriuwer