bondel. In bondel, en dat eefkes yn't foar, dêr't wy sûnder mear bliid mei wêze kinne om de kwaliteiten dy't er hat yn mear as ien opsicht.
Om by de efterflap to bigjinnen fan dizze kreas forsoarge bondel fan mar fiif goune. Pier Boorsma waerd berne to Snits. Hy wennet nou yn Amsterdam, is redakteur fan Sonde en ‘operaesje fers’ (hollânske line). Hy mocht in kear in optreden forsoargje op de manifestaesje fan ‘poetry international’ to Rotterdam. By myn witten de iennige Fries dy't dêr dielnommen hat.
Hwat de bondel oanbilanget, dêr rint, om dat klisjé mar werris to brûken, de reade tried troch fan in haedthema, namtlik de botsing fan it eigen gefoelige, teare ynderlik tsjin in omjowing dy't hurd, kâld en sinysk is. Elts fers jowt op in eigen wize útdrukking oan dit haedthema sa dat der ûnderskate farianten, of leaver subthema's, ûntsteane. Ien sa'n subthema fynt men yn dy fersen dy't ús meinimme nei de sfear ran ‘de piip’ dy't roungiet, truxal en tofranil. Sa wurde wy yn kontakt brocht mei in wrâld fan speed en junky. It biwende thema fan it fryske boerelân is hjir ynwiksele tsjin underground en kreakpân fan de greatere stêdden mei al syn outcasts en forslaefden.
side 7,
brief út in ynrjochting skreaun
út de lijte fan it lânskip
nei de leechte fan de loft
Op himsels is it like nijsgjirrich as in fortsjinste dat Boorsma mei fersen oer moderne musici as Brian Jones en oer middels dy't it biwustwêzen forromje soene, it mêd fan ûnderwurpen dêr't mem him yn Fryslân ornaris oan weaget, forbrede hat
Striidber binne de fersen meast net It synisme fan de bûtenwrâld wurdt net biandere mei noch mear synisme Somlike fersen binne yn al harren iepenhertigens de sentimintele kant it neist, yn alle getallen romantysk, dêr't in driuw ta escapisme nei foaren komt. En is dy ‘ontsnappingsclausule’ der net, dan is der birêsting en in sekere myldens. It bisef is der dat de s.n. folwoeksene it net stelle kin sûnder ‘it bern’ dat er is, wêze wol, sil er in stukje suverens