fjouwer nammen Simke Kloosterman, Rixt sr, Ypk fan der Fear en Tiny Mulder. Dat is ien per ieu. It as frou dwaende wêzen mei literatuer liket as died fan emancipaesje genôch Tsjinstberens dêrnjonken oan in bipaelde ideology is net folle fan to merkbiten Ek de jongere fryske skriuwsters steane net op de barricaden Berber van der Geest. Rixt Sudema en Akky Kuiper-van der Veer. Om fan in hiele ris K F F B -skriuwsters mar to swijen. Ek de forhalen fan in Hylkje Goinga foldogge net oan de criteria fan feministyske literatuer. Hoewol't Ypk fan der Fear har haedfigueren hast allegearre froulik binne, is ek har wurk net feministysk to neamen. ‘Ik jow net in boadship; ik stean oan'e kant fan'e wei en konstatearje, hoe't de minsken bisteane. Dat skriuw ik op’, (Hwer hast is wei, 1971). Mar al dit signalearjen en konstatearjen liket to neat to forplichtsjen as it forbân tusken feminisme en literatuer net neijer omskreaun wurdt. Hoe't men ornaris dy gearhing sjocht, dêroer daelk mear nei 't ik de forhalebondel fan Froukje Annema-Noordenbos, dy't my de oanlieding joech ta it skriuwen fan dit artikel, by de kop hawn haw.
It boppesteande suggerearret faeks al dat der gjin literaire oanlieding wêze kin om mei de forhalen fan Annema-Noordenbos dwaende to gean. De forhalen foarmje net mear as fordivedeasjelektuer Alles is standarisearre: de typkes binne standert, psychologyske processen en it biskriuwen dêrfan, is der net by. De ôfrin fan in forhael is foarsizber, de humoristyske clous forrinne neffens in fêst patroan fan oerdriuwen en brike setten De hannelingen komme ek meast op itselde del de trije jonges fan 'e húshâlding helje kattekwea út en spuije as reagers It leit der allegearre tommen tsjok op De titel ‘Birop: Gjin’, yn kombinaesje mei de omslachtekening in húsfrou mei in tsjotterjende pjot op de skoat, in waskline, in tafel mei reau en iten soe suggerearje kinne dat de posysje fan 'e frou as husfrou yn 'e kiif steld wurdt En dat yn kombinaesje mei skriuwersaktiviteiten soe einlings in frysk feministysk literair wurk opleverje kinne It mei dúdlik wêze dat ik de forhalen dy't yn Frysk en Frij, Friesch Landbouwblad en L C ôfprinte stien hawwe, net earder lêze hie. Doe't ik se dan ek neiroun op harren feministyske aspecten, wie ik gau út de dream. De strekking fan it earste forhael ‘húsfrou mei haedletters’ is dat húsfrou wêzen like goed it predikaet birop fortsjinnet as oare wurksumheden, ek al sjogge binammen manlju dat net altyd yn It lêste forhael, ‘noait wer hwat dwaen’ slút qua strekking by it earste forhael oan Nou is it de soan dy't mient dat mem-húsfrou wêzen bitsjut noait wer hwat dwaen Der is hwat ûnfrede om safolle misbigryp. mar de ein fan it forhael is in lofsang fan de mem op har mem- en húsfrou wêzen De oare forhalen suggerearje noch minder fan dy ûnfrede. Wol stiet mem eefkes foar de klasse. hja is fan in lytse yn in greate húshâlding stapt
Fierder gjin spoar fan forwar tsjin de deistige forhâldingen, de status quo. Gjin klassestriid, om dat greate wurd marris te brûken, yn emancipatoryske sin. Ek yn dit boekje gjin grevel feminisme.
Hwannear is dy gearhing tusken feminisme en literatuer (lektuer) der dan wol?
Ik gean to seil op Doeschka Meijsing dy't yn har artikel ‘De zusjes van Shakespeare’, yn de Revisor 4-6 har, faeks ek wol hwat willekeurige, om-