Trotwaer. Jaargang 10
(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 372]
| |
[pagina 373]
| |
Winterhurd
ryp set beammen op poaten
izel stekt it gers omheech -
hjir knapte ynienen de film
en krigen wy in glêzen each:
wyn is út 'e weagen
boaten lizze fêst sûnder tou
wy witte langer net hwat wie
hwat komt sit finzen yn it nou
azem wurdt in ketling wolken
froast hâldt alles moai to plak
mar winter bliuwt in falsk skelet
in stiennen tinkbyld foar 't gemak
| |
[pagina 374]
| |
Wyt
de weide in printkaert
en de wrâld wie in wûnder
ien guodkeap antwurd
wiske al ús fragen ûnder
dagen yn 'e ivichheit bidobbe
ynienen sûnder driuw en doel
wy knypten beide hannen ticht
de harsens slomjend op gefoel
achter sleauwe moannen
stie in wite ponny yn 'e snie
achteleas to prakkesearjen
oft er al as net bistie
| |
[pagina 375]
| |
Froast
hwat flues foel ús
sa hommels oer de eagen
ik wit net hwat swijen
frear ús hjoed de lippen fêst
hwa syn leagen leave
krûpt hjir tusken ús yn
kom my mar net oan
ik ha de hûd fol spjelden
hoedzje dy
en sjoch my net sa oan
ús eagen spegels gelyk
wy binn' net to fortrouwen
hjir lizze wy
it burd fol pegels
izel klommet
op dyn boarsten
| |
[pagina 376]
| |
Snie
snie en even wer hoe lang
is even wer it puntdak fuort
de skerpe kanten
fan it hoe en hwat
winter is âldwivehúskes
dy't ús thé forkeapje en sigaretten
foar de priis van jierren jierren lyn -
snie en alles is noch net to let
hoe wolle wy de tiid ha - ynferzen?
en in deakleed om de harsens hinne?
sa lang as it duorret is winter
lânskip dat hieltyd aeiber is
mar sinne krûpt al boppe nul
en skout de romantyk fan 't dak
goaten snottebelje
ûnthâld komt stadich op gleed
| |
[pagina 377]
| |
1812
hja tôgen har deaden wei
as fuotstappen
in spoar fan
swarte kladden yn 'e snie
winter op winter
stout ús witten ûnder
oantins rekke har kwyt
sniedún as grêf
kin it noch opnij bigjinne:
de wrâld in bôge papier
skiednis ûnbiskreaun
en oare printen achterlitte?
nij foarlân hawwe
skjinne loften frij gewisse -
winter is neat misse
forline en takomst forjitte
| |
[pagina 378]
| |
In memoriam net
dit seizoen is sûnder dagen - dy
grinzen húsmanje earne ûnder it wyt
fan forswijde perselen
winter is in antwurd
mar sa hurd gjin tragen
tiid bliuwt sûnder tinzen
hwat wisten wy dat wy net witte
rym bihinderet ús ûnthald
hwat wie? der is gjin kunde mear
wy ha gjin weet fan ús formisten
ús deaden bleauwen jimmer kâld
ûnder jierren jierren prakkesaesje -
hwat let ús
en lit it ivich winter sa
iisblom oer de grêven en forjitte
| |
[pagina 379]
| |
Febrewaris
muorren switte âlde sykten út
wazem slacht wyt fan 'e tunen
ychelbargen komme de stikels oerein
hwat sliepte gappet nei de siken
snaffel wol de ierde wer yn
blommen wrotte har út it ônthâld
in winter foarby in âld seizoen
falt werom op linnen en forhalen
in winter foarby
mar it wie de winter net
it is hwat oerbetteret
en gjin spoar van werkennen
ûngemurken wiksel fan seizoenen
tiid rint op himsels foarút -
treurtûke op tafel
giel de sniefal út 'e plommen
|
|