Dit meitsje ik wier net op út de kennisse fan de persoan Willem Abma, dy't ik yn 'e rin fan in tal jierren opdien ha, mar mear út it aerd, de teneur fan 'e gedichten fan Daniël Daen, sa't dy op my oankamen. Hja forriede my folle mear - by lêzing èn by werlêzing! - dat hja in wichtich oanpart útmeitsje fan syn ‘libbensopdracht’: om ré to kommen mei himsels en mei ‘de wrâld’. Mei oare wurden: hy set der gâns by op. Ik kin it fansels mis hawwe mei hwat ik oant nou ta ûnder wurden brocht, mar as der mar in lyts krûmke fan doocht dan hâldt dat foar my yn dat men syn fersen earnstich nimme moat, en - as lêzer - der hege mjitstêven by oan to lizzen hat. Hy makket it himsels net maklik: hy hantearret de tael om winliken ûnsizbere geheimenissen fan bistean en libben mei oan to boarjen.
Tja, hoe moat, mei.... ik syn dichtkunst karakterisearje; Fansels, it is dichtkunst, en dat wol it wêze, en wier, it falt net leagen to hjitten, dat sjongsumens der net alhielendal frjemd oan is. Lykwols - en foargeande litotes forriedt it al oant in hichte - utert him yn myn eagen de dichter Daniël Daen net alderearst as lietsjesjonger, troubadour, mar ûnmiskenber mear as tinker - Grübler, soe'k hast sizze - dat syn fersen skaeije neffens myn lêzersûnderfining mear de kant út fan aforismen of, as hja hwatte lang útfalle, fan - suver - essays. It brein (de harsens) spilet yn it hantwurk fan syn dichtsjen ornaris net swak by. Ik bitraepje syn - poëtyske! - uteringstrant dêrom min of mear op in ‘genrekleau’, dy't - soms spitiger - soms lokkigernôch - dúdlik bliken docht yn it taelgebrûk. Daniël Daen tinkt, en bisiket syn tinken koart en krêftich wer to jaen yn - soms paradoxe - taelbousels en stelt jin sadwaende al foar de frage: hoe lit er - hoe sa? - de sjónger dêryn syn gerak krije?
Foar in part koe soks slaen op syn ‘De iken fan Dodona’; mar eink slacht it op oarsoartige gedichten fan syn hân, dus al bisibbe, mar in finne fierder, samle yn 'e bondel ‘rânnen fan forjitnis’, mei de opdracht: ‘foar jo, frou fan alle forskiningsfoarmen.’ Dizze opdracht itiget Daniël Daen ta in echte dichter; ommers alle dichtkunst dy't dy namme fortsjinnet is en wurdt de ‘makker’ (poiétes) ûntfytmanne fan de.. ‘frou fan alle forskiningsfoarmen’, mythologysk bikend as.... de Muze.
Ik ergerje, dat de útsprutsen opdracht, foare yn de ‘rânnen fan forjitnis’, yn 'e kearn to krijen hat mei dy ‘genre-kleau’, mei in soarte fan ‘ynboude’ wiffens op it stik fan 'e foarm, de trant fan wjerjefte.... ek, faeks, mei syn ‘roppenens’, syn plichtsbisef foar himsels en syn neisten oer, en syn ‘oerripe’ wekkerens - biwittenens - mei it each dêrop Lykwols sykje ik de sjonger, de troubadour....