ûntkommen is. Dan bistiet de poezij net mear, dan is alles bare ‘woastenije’,
dan is de ‘ûnderierdske wrâld’ der net mear, likemin de ‘bern mei sêfte
eagen’ (fan dy forkeard sitearre), en de ‘skippen mei frachten fan fierren’
binne fordwoun. Dou witst net hwat poëtysk (as byld) in fisker is, inskipper.
Hastou wolris in ‘foalle’ sjoen? syn eagen? hast nea op in ‘brulloft’ west
t de leafde it wetter yn wyn foroare, lykas yn Kana?(‘Fryslân’, s. 52)
It ‘raar smaakje yn 'e mûle’ gun ik dy dyn hiele libben sa langstou ‘It gewelt fan 'e leren’ net bigrepen hast (Foar it oare hie ik tocht dat de persoanlike opfettings fan dichter en bisprekker gjin rolle by dy spilen?) Dat dit fers (‘O Fryslân’, s. 48)yn ‘in bombastyske bibeltael’ skreaun is, ûntstriid ik dy: der sit gjin Bibelsk wurd yn Mar it kin wêze dat foar dy Bibel as sadanich bombast is: dou hast ‘der net iens trochhinne komme kind’ Hwa de Bibel net ken en der neat fan bigrypt, kin ús hiele kultuer net neikomme, de kunst net: de byldzjende, de literaire, de muzikale, ek de filosofy net, de skiednis net, Marx net, de tael, de talen net, ús tinken net
Amos, learde ik as jongfeint fan de anarchistyske ex-dûmny Bart de Ligt, is wol de meast revolusionaire, maetskippij-krityske profeet. Hy skriuwt masterlik, profetysk proaza
‘Maeitiid’ is neffens dy in praetfers Lykwols de earste strofe is neffens it Heechliet út 'e Bibel, de twadde en trêdde strofen binne folslein midsieusk: op sokke fersen waerd muzyk komponeard. Fan ‘Emmaûs’ hast fansels neat bigrepen, kenst ommers de Bibel net, en Emmaûs is hast it kaeiforhael fan it Evangeelje. It fers hat deselde bou as ‘Antlit’ (‘Fersen’, s. 13), en dy bou kinst in side oer fol skriuwe Dat is al ris dien. - De foarste rigel is bisibbe mei Gysbert Japiks dy't ‘De dei is hast forroun’ ek brûkte foar Emmaûs. Ien fan de meast bikende lieten fan 'e wrâld (yn it Ingelsk ‘Abide with me, fast falls the eventide’ fan H.F. Lyte) is dêroan wijd. Hwatstou oer myn fers skriuwst, is forskuorrend: de dichter hat net ‘treast foun by Him en in nije wissichheit: de dea’. Hwer stiet soks? - De earste kaei leit yn de twadde strofe Oerdei wiene de sinnen - yn wissichheit forroun - nou komt it tsjuster. De sinnen: it forstân, de logica, it moed, de forwachting, de foarstelling. Yn wissichheit: de wissichheit fan in biheind forstân, hwant de Emmaûsgongers (de minsken) tochten wis to wêzen, lykwols hja kamen yn it tsjuster (O 1 en O 2). De twadde kaei leit yn de iepenbiering yn it hert: dy makket alles dúdlik: juster wie it Krûs, moarn is it Peaske en Pinkster (ek de kearn fan ‘It Wurd’, s. 47). Net de dea, mar de opstanning, Goos
Datst min kinst oer de tuskenfoarm fan poëzij en proaza (Lazarus, Martha, Amos, dyst hielendal net bisprutsen hast), seit mear oer dy as oer dizze op't heden ynternasionael brûkte skriuwwize Hawar, skriuwers en dichters moatte sûnder kritici gewoan trochgean
Myn groetnisse, Lieuwe