Tichelwurk
Koperative Utjowerij
Sekretariaet: S. Sybrandy
Rengersstraat 17
9721 CS Groningen
Redaksje Trotwaer
p/a A.M.J. Riemersma
Grins
Grins, 25-8-1978
Achte Redaksje,
By de krityk fan Alex Riemersma op Adri van Hijum syn bondel Fersen 1965-1977 (yn: Trotwaer 1978-3) past in lytse rjochtsetting. It is ntl. net wis oft foar dizze bondel gjin subsydzje fan K.R.M. of fan de provinsje to krijen wie. De oast sit djipper: eltse útjefte yn spé fan de K.U. moat nou ienris in lêskommisje fan trije persoanen passeare om útjown to wurden. Slagget dit net of wol de skriuwer net oan dizze proseduere, dan kin in boek yn de Skûlrige útjown wurde, bûten forantwurdlikheit fan de K.U. foar kwaliteit of finânsjes. (Wol wurde de boeken yn de Skûlrige yn de forsprieding ‘meinommen’.)
Yndertiid hat de K.U. de flater makke om alfêst subsydzje oan to freegjen foar dizze bondel, yn it bisykjen de lange tiid dy't forrint tusken ynleverjen fan in manuskript en it útjaen dêrfan to bikoartsjen. Letter hat de K.U. dy oanfraech wer ynlûke moatten. Noch altyd wolle wy nammers graech fêsthâlde oan it prinsipe dat de útjowerij sels noed stiet foar de kwaliteit fan syn útjeften, wylst de Prov. Kommisje Taelbifoardering oan de hân fan oare kritearia - it biskikbeare jild, in earlike fordieling oer de genres, de útjower, de skriuwers ensfh. - útmakket hokker boeken subsydzje krije.
Mei achtinge,
w.t.S. Sybrandy
n.t. skriuwer K.U.