Wa sjocht se fleanen?
Enskedee, 13 sept 1978
Bêste Lieuwe Hornstra
Jo frijwat grutske en bepreekjende toan freget hast om in lêbbich antwurd, mar ik sil besykje ta de saak te bliuwen Ik gean dan ek net oeral op yn In pear dinkjes dy't net alhiel doge wol ik al efkes rjochtsette.
2. De titel fan de skôging is Oer Haikû, de earste rigel begjint mei, Haikû, Japansk' Dat betsjut nét dat jo de lêzers yn 'e kunde bringe wolle mei haikû-yn-it-frysk of mei wat jo der sels fan bakke Dêrom slacht. Haikû hat masters en is tagelyk folkskunst op Japan, en net op Fryslân, lykas jo ek al onder 1. skriuwe. Dat jo de earste net wiene, wite jo likegoed as ik Jo Smit publisearre al fryske santjinwurdliddige trijrigels yn de Tsjerne (1966, side 240) It is wier dat ik jo om in oardiel frege ha, mar wat ha de lezers fan Trotwaar dêr mei noadich? 3 Ik ha besocht dudlik te meitsjen dat it ferskil tusken beide talen sa greut is dat der fan de oarspronklike Japanske haikû-foarm yn it frysk (en likegoed yn oare westerske talen) suver neat oerbliuwt Sa leit it ek mei oare fersfoarmen. Hawwe jo wolris heard fan Japanske sonnetten? Ik net.
5 Wat der op't heden noch oan Japanske haikû skreaun wurdt hat net folle om'e hakken Dat docht al bliken ut de besteande haikû-oersettingen dêr't suver gjin fersen ut dizze ieuw yn foarkomme
6 Sabearekeunst is skynkeunst of kitsch, mei sabearekeunstmjittich bedoel ik dus kitscherich en net keunstmjittich Lykwols, de foto is net echt, mar in montaazje fan twa totoos De guozzen binne letter bytekene en dat is, foar my alteast dudlik te sjen Nuver dat jo dat sels net iens witte
7 Ik ha net skreaun dat ik leaver gjin titels wol, mar dat by Japanske haikû titels net foarkomme en dat se yn it Frysk wolris gaadlik wêze kinne
8 Ik bliuw fan betinken dat jo wolris tefolle freegje fan jo lêzers Guon fersen, lykas it, hy smyt binne kryptogrammen gelyk Boppedat, wat de oplossingen dêrfan oanbelanget kinne jo us fansels alles wol wiismeitsje oer wat jo der ynlein (of foon?) ha It is ommers net nei te gean, it stiet der gewoanwei net (bygelyks yn it fers oer de kraanfûgel) Oan'e oare kant komt it net yn jo op dat min lêzen ek noch te krijen ha kin mei min skriuwen
9 Mislik praat of net mar jo ha yn Oer Haikû dúdlik skreaun: ‘by my is it almeast twa moannen in moanne fan tarieden, in moanne fan sknuwen’ en nét dat in haiku-fers jo faken rju tiid' kostet Hoelang ik der sels alris mei omgriemd ha stiet hjirbûten
10 Wat de dichterlike frijheid fan it wurd drysten oanbelanget slane jo de bal aardich mis Dryst is in gewoan frysk eigenskipswurd, drysten of drystend