| |
| |
| |
Rare fûgels
der boarten hwat bern op strjitte. hja hienen mei in potdiggel in plattegroun op 'e klinkerts tekene en sprongen yn 'e fekken in lestich spul dert hja by songen. de twa jonkjes wienen noch to lyts om wiis to hâlden sadat it koar in seldsume polifony krige mei hjir en dêr forguldige harmonyen. de famkes wienen even greater, de âldste lykwols noch gjin toalve, de lichemkes slank as ynsekten, de lange skonken yn jeans, de fuotten rêd en licht, harren lyts skril lûd wie mar in ûnderdiel fan 'e wenstige symfony fan stedslûden.
midden yn dit spul hâldden de bern op mei sjongen. de iene nei de oare die noch in pear hinkelsprongen, doe stienen hja, de lytsen gienen tichter by de greaten stean, ien fan 'e jonkjes pakte it âldste famke by de hân. hja seagen de selde kant op. wilens like it stedsrumoer ûnformindere troch to gean. hwat hja seagen wie in minske, in man dyt lâns kaem. syn fuotstappen dienen gewoan mei yn 'e lûden rounom ek wienen syn fuotten en skonken gewoan dy fan in
| |
| |
man. yn broek en trêdden mei lange linige stappen, dounsjend en krêftich. de skonken droegen in normael bekken, manlik smel en mei lytse stuten.
op it bekken stie in ierappelsek, wikkele yn in forwrongen colbert. dêr út, boppe oan 'e foarkant. stiek in manskop dyt bij de skonken hearde, hwat skerp fan trekkens faek. mar skeard, wosken, kjimd. it kontrasiearre desto mear mei it freeslike lichem. it kin fan dizze kop rêstte op ien skouder, dat foar út 'e romp stiek. oan it skouder hong in earm. ûntspand, de hân slingere ûnder it rinnen licht foar de boppeskonken, mei de rêch nei foaren, de tomme nei lofts. hij hie ien earm. boud as in rjochter. syn stappen wienen lang, hast springend, syn gong uterst rjocht, sûnder slingerjen. it die tinken oan in groteske steltrinner. allinnich it sykheljen gie swier en lûd, blazend troch de noasters, de foarmleaze romp pulsearre as m pûster.
de bern stienen swijend to sjen, hja bleauwen stil doet it gedroch foarbij wie. doe bigoun de âldste to flústerjen.
doet pjotr syn einexamen dien hie waerd er op 'e earste dei fan 'e fakânsje troch in frachtauto achterop riden dyt even nei rjochts wiek foar in tsjinlizzer. in geweldigen klap tsjin syn lofter skouder slingere him fan 'e fyts ôf, nei rjochts. hij wie frijwol fuortdaelsk biwustleas fan 'e pine: in útstekkende heak oan 'e oplizzer hie syn lofter earm grypt en út it skouder skuord. de earm waerd letter tomûk opnommen en kaem yn in bak mei formaline, bij oare earmen (tramûngelokken. sûkersykte) dyt tsjinst dienen op snijseal, dert oansteande chirurgen part fan harren oplieding krigen.
de chirurch dyt pjotr bihannele stie foar in earnstich gefal. wie de operaesje op himsels winliken sa earnstich? of sloopte de chirurch mear as nedich wie? de pôt fan it lid wie trobrizele, de kaeibonke losskuord. de kop fan it skouderblêd seage er ôf de resten fan 'e deltoïde naem er wei, ek de greate boarstspier. de yncisys rounen fan boarst- nei rêchmidden. de sierlik tordearre kaeibonke naem er fan 'e boarstbonke, de teres major amputearre hij. somlike spieren wienen as fûsten opkrompen, hij moast harren ein sykje en se wer oprekke. ôfpreparearre sinen sette er op oare plakken fêst. wol waerd it in moai ôfroune stik wurk, in kreaesje, de earm wie forûngelukke, de oantinzen deroan waerden weinommen. gjin útsteksel, gjin ûnderhûdse biweging wiisde mear op it earder bistean de wounen genêsden hurd.
de man roun sûnder om to sjen. wylst de bern efter him flústeren fordwoun er
| |
| |
yn ien fan 'e pakhuzen dyt de gevelwaech foarmen de treppen dyt fuort efter de doar begoun wie steil en sa heech dat er him boppe yn 'e skimer forlear hij klom smûgjend nei boppen ta, de hân griep de trêdden foar him. de treppen kaem út op in fordjipping. In houtene flier fan foar- nei eftergevel, it ljocht kaem fan twa pearen lytse finsters, it midden wie skimerich en leech, der stie ien jitizeren bousel op swiere S-foarmige poaten, fol mei handles en tsjillen de funksje wie ûnbikend, it ding wie ûnbrûkber, ûnbigryplik dêr forsille en net to forwiderjen. dert it tsjusterst wie biklom de man in ljedder, staette in lûk op en loek him yn 'e wenromte dert ka him dounsjend forwolkomme.
doet de wounen genêzen wienen stoatele pjotr as in krabbe yn 'e hûs om. de âlden koenen it net oansjen sûnder triennen sadat pjotr him knerstoskjend yn syn keamer opsleat ite die er ûnder, hij skepte de foarsniene spiis op in foarke en skoude it yn 'e mûle, fuort boppe it board, dan klom er blazend nei syn keamer werom. hij lies net. hij die neat, hij wende
syn lichem waerd freeslik de rêchspieren loeken oan it skeinde skouderblêd dat de nekspieren gjin hâldfêst mear joech sadat de holle foardel nei de soune kant ta foel it rjochter skouder loek stadich foarút, stribjend nei nije symmetry nei trije jier wie it lykwicht wer foun, it skouder sawol as de kop stienen frontael, de romp wie wreed tordearre, it sykheljen wie helsk, mar de nije foarm wie ûntstien it drukte in swier stimpel op syn karakter pjotr forlear eat dat oer 't miene. mar ûnrjochtlik, foar essensjeel minsklik hâlden wurdt in lykwicht tusken twa siden hij foun in frontael lykwicht werom troch sydlings draeijen fan syn holle hoe lyts ek, begoun it lichem to slingerjen en drugde to tallen hij wende it dêrom ôf syn earm, dyt altyd fóár him wie, krige in ûnskiedber forbân mei syn troanje it joech him in pikkende agressiviteit, hwat syn each seach die syn han eat dat nêst him wie bitsjutte gefaer syn skonken, fan alds slank en sterk, forseagen dêr yn hij sprong, feilleas, en stie frontael.
syn tinken gie de selde rjochting út der wie gjin wifkjen mear tusken twa, der wie goed, net goed goed waerd ta-eigene, net goed forstaet
de oaren, en binammen de âlden, begriepen dizze foroaring net der wie gjin kontakt genôch foar utliz de iennichste dyt oanfielde wie de faem ka. hja wie it skoalkameraedske dat altyd by him yn 'e klas sitten hie. hja hie him altyd al biwûndere, nou groeide it ut ta tawijing hja hie gjin meilijen, of it moast wêze dat hja syn lijen it djipst meifielde, mar sûnder oerstallich sentimint. it woechs út ta in leafde dyt rypte yn it bisef dat hja him helpe koe hja socht him
| |
| |
op yn syn keamer. hy praette net, allinnich oer húshâldlike dingen. hja brocht him syn iten en iet mei him. hy praette oer de ûntarikkende ynrjochting fan syn keamer. syn stuollen hienen earmlizzers, de doarren swaeiden forriederlik. hja frege net mar holp him in wenstê yn to rjochtsjen op 'e souder dert gjin doarren wienen.
jouns siet hja bij him en bisocht him to helpen. hja holp him oan fortaelwurk en makke de souder húslik, hja bisocht ta it uterste om it forlerne kontakt werom to finen. ek bea hja him har jong goed lichem oan. mar op it sjen fan har beide skouders hâldde er syn fûst foar de mûle en kroep yn in hoeke.
de âlden seagen de foroaring yn harren soan mei ûntsetting ûntstean. de mem skriemde sadré't hja him seach en de heit mijde him. ka fornaem dat er him net mear de rêch takeare doarst. pjotr fornaem it ek. hy liek der syn niget oan to hawwen.
doe wist hja dat it har taek wie to soargjen dat pjotr it kontakt mei de minsken net forlear.
hja wist in pakhûssouder to hieren op ien fan 'e eilânnen oan 'e âlde stedsperifery. allinnich makke se it skjin. doe helle se pjotr fan hûs ôf en naem him mei derhinne. earst moat er oan mij wenne, tocht hja.
de souder fan it hûs, harren went, omjowt harren as in gigantysk karkas, minder troch de spanning as troch de langte. de flier, fan brede koppen en kûnten yninoar past en troch pakhûsfeinten ieuwenlang mei swiere balen en kokosmatten oersleept, is glêd en libben as in facht dert oasten as krunen yn opstean: de flier fan in balseal, fan gevel ta gevel rint er nearne ûnderbrutsen yn brede weagen oer de dragende hardersbalken. út him riist sydlings it byntwurk op, stienhurd eken. eartiids de ribben fan in eastynjefarder, nou foarmjend in smelle katedrael yn goatyske spitsrouning fan foaren nei efteren, de karbielen ta soepele rouning bitsjoksele, it ritme geastich tekene troch de koppen fan skoarren en yntangen. rjocht is allinnich de hege horizontael fan 'e hoannebalken. it is de ribbekas fan in enoarme sauriër, yn rêst, sykheljend allinnich as de wyn ta stoarm oanboazet en de panstrutsen oerhûd huveret op 'e goarrings. heech boppe, forlern yn 'e skimer, formoedet men de weaging fan 'e nael, opfallend allinnich fan 'e strjitte ôf, fortakjend út it midden wei en forboun mei de nael fan 'e neistlizzer, in healstiens ôfsletten soarte fan dwersskip dat boppe tsjusterder útrint, ien jok dwers op 'e bisteande rjochting. it ljocht is net oerfloedich. de gevels eagje mar elts mei in oeil-de-boeuf
| |
| |
dyt net oerhâldt, it is de oerhûd dyt forsjoen is fan dakfinsters, glêzene pannen, ûnregelmjittich struid, twa lytse kajuten sels. it ljocht stiet yn skeane pylders troch it byntorganisme en soarget foar nea trochsjoene hernen. foar en efter rint elts in skoarstien, waekst breed en fjouwerkant troch de flier op en stekt forjongend troch de oerhûd dert er it balkwurk ûnderbrekt mei syn eigen skean ramt. yn 'e rûge trochruotte wagen sitte jitizeren lûkjes. hja forwaermje elts in hoeke fan 'e went.
der binne gjin doarren en allinnich klapfinsters: alle forriederlike swaeijing fansiden is mijd. der stean gjin stuollen mei earmlizzers, der binne gjin keamers. went is it sykheljende orgaen yntegrael.
fan 'e spantbalken hingje trije hamac-eftige skommelsittingen fan tou, soms in fisknet dat in efterlizzende romte just forskimeret, ek touljedders liede nei boppen, oer trije balken leit in smelle barting, de pilebouten binne dêr troch gaes forboun. hjir en dêr bin kjessens steapele as nusten.
wie it der gesellich? né. Smuk; né. húslik? né. it wie in went, yn hege mjitte. it wie in romte, it wie der droech, waerm, stil. ljocht? ljocht, genôg, as it nedich wie in oerfloed oan kunstljocht de fordjipping joech út op in rom plat dak dert hja net sjoen wurde koenen hja ieten der simmers. it hûs wie forraskjend mar nea ûnbigryplik; fascinearjend en bitrouber tagelyk. it wie in libben wêzen. hja wennen yn him as fûgels yn in beam.
wol in wûnder fan in frommes, dizze jonge frou ka. hja die gjin war om him to bipraten, hja hie gjin wurk mei him to folgjen. lange yngeande petearen wegere pjotr en leinen nammers troch to lytse skoalske ûntjowing boppe har macht. ek wie har aerd mear oanfielend as analysearjend.
hja praetten tonearsten net; net mear as man en frou trochstrings. hja wurken beide, hja die it hûshâlden, de boadskippen. wol praette hja oer it wurk en brocht him forslach út oer hwat hja bûten meimakke hie. pjotr harke, selektearre en wurdearre hwat oerbleau. in biskate humor wie him eigen bleaun. ja it wie ka opfallen dat er faker lake as op skoalle. glimkje die er net, hy seach earnstich of hij skattere, heas en hymkjend. syn lichem wie skeind, syn ynstelling dêrtroch foroare. net antropomorf mar likegoed minslik. ek hij hie twa kanten. al wie it dan net fan siden. ka joech him wurdearlik replyk yn syn humor, hoe gruesome soms ek.
né, antropomorf net der wie gjin plak foar sentimint; wol foar affekt; foar hoaskens net; wol foar skientme. der wie: goed, net goed. goed wie moai. ka
| |
| |
wie goed.
tusken dizze twa ûntstie in nuveraerdige libbensfoarm. der wie gjin sêftens. der kaem gjin lyts skeel foar der wie ûrenlang swijen. it laitsjen rolle ûnwjersteanber oer de souder. hymkjend, keakeljend fan pjotr, tsjotterjend, soms gierend fan ka. mar it wûnderste barren wie harren boartsjen, fol oerjefte, sûnder laitsjen. hja makken lûden fol ritme, pjotr mei fiif fingers as trommelstokken op 'e sitting fan in âld kaféstuoltsje. de frou ka mei hwat hja útfoun, in ilastyk. in glês. dêrbij núnderjend. sjongend, mei tsjotterjende kiellûden. hja roun dêrby op hege skonken oer it hout, ymprovisearre biwegingen, siet twa trije tellen yn ien fan 'e touwurken to touterjen, klom dan yn ien fan 'e spanten op en rôp pjotr ta. rare ka! rôp pjotr en hja andere mei syn namme: pjòt-rrr, pjot-rrr, mei in wûnder metalige tsjûk. rare ka! hja roun balansearjend oer de spantbalken en resitearre ieuwenlange epyske forhalen dyt se dêr en dan ymprovisearre en forgeat. it dinderjen fan it gaes tusken de pilebouten, dert hja mei folle hannen yn griep. bigeliede har fersen. in geweldigen ûle mei in rea boarst folge har ûnrêstich mei de eagen. ien fan 'e forrassingen fan it hûs doet hja yntein wienen wie in hutkoffer fol tonielkostúms dert rare ka bigearlik yn dûkte. hja hong pjotr in lange poarperen cape om en sette him in bourgondyske mûtse op hij wie in blazende demon en bisocht forgees en stinnend om ka to gripen dyt mei in krâns fan strúsfearren om 'e heupen mei hege sprongen flechte dan wer fordwoun hja yn it tsjuster efter de skoarrings en joech him riedlingen op.
har moaiste fynst wie in jûpe dyt wierskynlik yn in operette tsjinst dien hie. hij wie swart mei griene glânzen. hie in djip décolleté, moai grif birekkene op in keine fichu. en fan efteren in reuseftiche faux cul. de jûpe moast in mûnstereftich dikke frou past hawwe. mar ka naem him hjir en dêr yn - boppedat knipte se de rôk der finael ôf it wie in sublime kreaesje, it décolleté liet har boarsten ûnbidutsen. de rêch loek hja hol en ûnder de heech opsteande faux cul. dyt hja mei plommen bisette, rounen har skonken blank en lang, yn hege stappen.
pjotr wie sprakeleas. dan optein. hja wie twa wrâlden: de foarkant mei syn symmetry fan licht dounsjende boarsten hearde ta de bûtenwrâld dert hij skruten fan wie, mei syn hurde, pikkende hân. fan efteren wie hja ka, rare ka, har lang hier weage oer de rêch mei de prachtich wulvjende skouderblêdden yn swart. mei metalige blauwe en griene glânzen. sa dounse se foar him, tsjotterjend. in greate steatlike fûgel. de earmen hâldde hja op 'e rêch.
| |
| |
hja sliepten togearre yn it brede bêd, mar dêr wie in grins. hja sliepten as de houn en de kat fan ien húshâlden, inoar waermjend, sûnder fan bigearte nei inoar to witten. dat skoarte hja op foar letter.
op de dei dat pjotr bûten west hie en it lûk opstaette forwolkomme hja him dounsjend. it wie de earste kear dat pjotr foet bûten doar set hie. in earste stap. wist pjotr dat hja in doel foar eagen hie? wurke 'r mei? hja hoopte op talitting fan in lytse groep soarchfâldich selektearre freonen, binnen ôfsjenbere tiid. hij hie syn minsklik kontakt net forlern. allinnich bleaun soe er degenearre wêze ta in haetsjende ienling.
bist wurch? frege ka net iens. sei pjotr. it went, de bûkholte bigjint mei to sykheljen. it giet better ek hindere it nijsgjirrich sjen fan 'e minsken him net: hij seach frijwol neat as rjocht foar him. syn oansjen wie to forskriklik dan dat er neiroppen waerd sjong mei. sei ka. se hie har swarte kreaesje oan. ik bin bliid, sei hja. ik ha bern sjongen heard. sei er. se dienen in spultsje en songen yn stimmen hij song foar hja folge it slagge nou en dan om forguldige dissonanten to foarmjen
hja dounse foar him. hja toande him har dûbelde blanke foarkant net, hja hie geduld.
hja laette him troch de hele romte, dounse foar alles hwat stie en hong. dounse mei har réch nei him ta. hij folge, hij seach har rêch, in prachtige wulving. swart mei djippe griene en blauwe glânzen as op fûgelfearren, strak spand oer de sterke plastyk fan 'e skouderblêdden. dêrûnder de triljende. ûnskerpe wurreling fan tule. de rykdom fan strúsfearren, in griemmank fan hwat bij de hân lein hie. útspringend en mei djippe ynsnijingen yn swart en djipper swart. dan de skonken. slank en fêst. sulverich ôfstekkend. de fearren rekken him risseljend en pjotr drukte him licht tsjin har oan. In greate oandwaning kaem oer him. hij lei syn hân op har sterke nekke, de ûnderearm lei tusken har skouderblêdden har skonken bleauwen stil stean, it lichem biweegde noch. (de stedslûden bûten gienen troch.)
rare ka, sei pjotr der rounen triennen ut syn eagen. ka kearde har net om. hja tilde de wurreling fan fearren en swart tule yn twaën en treau har waerm lichem fêster tsjin him oan ek holp hja him oant er yn har glied.
letter. doet hja leinen fielde hja dat syn hân eefkes har boarst aeide.
hja wie net min. dizze ka. hja boude him in wrâld en woun de biwenner werom.
|
|