| |
| |
| |
Eppie Dam
De Fryske literatuer hat syn beste tiden hawn
(de oandielen fan Daniël Daen by Psycho-Analyse)
1.
Fan Daniël Daen is in nije dichtbondel forskynd. Dizz' kear by De Tille, dat wol. Yn ‘rânnen fan forjitnis’ steane 24 fersen.
Hwat it uterlik fan de bondel oanbilanget, de earste oanfal is dat it boekje der moai útsjocht. En it sjocht der ek moai út. Dat is De Tille wol tabitroud. Allinnich spitich dat it lêste fers en de ynhâldsopjefte ûnder op harren side steane. Dat lêste fers is boppedat fet printe, lykas ek de earste letter fan alle titels (swalker, refleks, forlern). Hwa't dêr gefoelich foar is, wurdt der crazy fan
| |
2.
By it trochblêdzjen fan dit bondeltsje wurdt it de lêzer al gau dúdlik, dat er mei dizze fersen op it mêd fan 'e psychology bidarret. Termen as sûchrefleksen (6), driuw en drift (8), heitehaet (9), ûnderlagen fan de eigen geast (19), libbensdriuw (20), kastraesjeeangst (21) en orael-verbale (21) lige der net om. Psycho-analyse dus Freud en konsorten. De bondel ‘rânnen fan forjitnis’ is dan ek net in apel dy't elk mei likefolle gemak fan 'e skael pikke sil. Nou is it gelokkich net sa gelegen, dat de kwaliteit fan in literair wurk útgiet by syn algemiene tagonklikens Boppedat kin de fraech steld wurde oft de bondel ‘rânnen fan forjitnis’ foar psychoanalytyske outsiders automatysk weardeleas wurdt Miskyn dat der aenst noch in antwurd op komt.
| |
3.
Daen hat syn bondel dizze ûndertitel meijown ‘foar jo, frou fan alle forskiningsfoarmen’ Wy kinne dêr noch alle kanten mei út, mar dúdlik is yn alle gefallen dat it yn 'e fersen om de frou giet Yn 'e psycho-analyse hat de frou stâl krigen as biskermster fan it elemintaire libben (Rank), as partisipant yn it Oedipuskompleks (Freud) en as archetypyske forskining yn 'e foarm fan memgoadinne en hoedster fan wiisheit bygelyks (Jung). Binammen hwat dy earste eigenskip oanbilanget kriget hja yn 'e fersen fan Daen folop har gerak.
| |
4.
Otto Rank wie de útfiner fan it saneamde ‘berte-trauma’. bisef fan it útdreaun-wêzen út it skûlliif fan 'e memmeskoat en it dêrmei gearhingjende forlangen, in minskelibben lang, nei it werom derhinne, bytiden suver letterlik:
lit my noch ienkear sweevje yn jou skoat
werombrocht ta de djipste kearn (7)
| |
| |
Lykwols, yn 'e measte gefallen wurdt it forlangen nei it werom foarútprojektearre op in biskate gemoedsstastân, dy't qua eigenskip oerienkomt mei it tahâlden yn it skûlliif It spesitike byld fan 'e memmeskoat wurdt dan loslitten, ek al spylje wetter (doe fruchtwetter) en bloed noch al in rol.
Soms fiel ik faech in skok fan foarbistean
of 't widzjen fan jou bloed yn sirkelstream (7)
soe myn driuwen op jou fruchtwetterfochten
him fuortsette op oseanen fan ivichheit? (8)
Yn it fers ‘om 'e nocht’ (20) komme de letterlike en mear geastlike bineijering treflik bymoar
alle oséanen moatte yn ien rivier gearrinne
| |
5.
It bern moat berne wurde, dat is bern eigen. It frysk jowt de ûnûntkomberens fan dizze wet treflik wer It bern wurdt berne, al wurdt der noch even hoopfol twifele (bin ik al berne/en is it bûtenwrâld/dat kâld bisit naem hat fan ûnthâld?, 7). It bern is berne, en it sil nou sykhelje ek, mar, lykwols, hwat is myn libbensfetberheit, 20. It gie net fan herten, mar der is in minske by; it bern is der en it moat groeije
Daen hat yn syn bondel in searje fersen opnommen dy't de oanhâldende argewaesje en frustraesje by it greatwurden ta utering bringe It binne, oer 't generael, knappe fersen, dêr net fan, mar myn biswier is dat Daen suver neat tafoege hat oan de tinkbylden fan de psycho-analyse Hja binne op 'en heechsten aktualisearre De fersen binne in folsleine ûntjowingspsychology op psycho-analytyske basis. mar dan poetysk Dit is in biswier dat nammers wol in bytsje foar de hiele bondel jildt De dichter hat winliken neat nijs to meldzjen, of it moast al wêze yn in konkrete ynfolling fan psycho-analytyske idéën Dat is ek net neat fansels, mar bytiden lit de dichter him, nei myn bitinken, al to maklik weromfalle op it psycho-analytysk jargon. (Ik haw dy termen yn it bigjin al oanhelle) En dêr giet de wittenskip mei de poëzij oan 'e hael Net dat dy twa inoar bite soenen, mar it hie subtiler kind It leit der hjir en dêr to dik op. Hwat forkeard wol kin tinke dat Daen foar de Psycho Analyse fortsjinwurdiger is en mei in kofferke by de streek moat, of yn alle getallen oandielen hat
As ik om ‘sûchrefleksen en ‘heitehaet’ hinne lavearje bliuwe der lykwols genôch fersen oer yn dizze ‘searje’, dy't it bisprekken mear as wurdich binne. It fers ‘spjelden’ (10) bygelyks, dat hwat poetyske uteringskrêft ien fan 'e minsten is (to praterich), mar ynhâldlik haw ik it heech. It wurd ‘feilichheitsspjelde’ hie net better út 'e doeken dien wurde kind
| |
| |
hoe kin it dat troch myn feilichheit nou
de spjelden fan doe stutsen warde?
It gefoel fan bidondere-wêzen komt faker oan 't ljocht. Yn 'e psycho-analytyske fyzje is berne wurde al bidondere wurde fansels, mar dit set him letter hieltyd fuort It fers ‘allinne’ (12) seit yn fjouwer rigels alles oer it ellindich (ellendig = uitlandig!) bistean. los fan alles It jonkje dat út skoalle wei thúskomt en syn mem net thus fynt. hie it witte kind op it momint dat de nawlestring trochknipt waerd Winlik doe al wie de forbining forbrutsen
ik kom út skoalle. waer en wyn
jou stoel in keale sitting tusken tafel en linig
dit lege plak in brutsen bining
in sté fan ôfskie myn fortrek
| |
6.
De folchoarder Rank, Freud, Jung als fortsjintwurdigers fan de psycho-analytyske skoalle haw ik sels oanbrocht om hwat systeem yn it bisprek to krijen It hat in goed ding west dat Daen by de gearstalling fan de bondel him dizze folchoarder net optwinge litten hat, hoewol 't er folslein logysk is. Der leit al safolle fêst en wy koene noch minder kanten mei de fersen út as wy se perfoarst lêze moasten tsjin de achtergroun fan elk fan dizze fortsjintwurdigers Dat ik de fersen nou lykwols al op dy trije mannen fêstprik hat in praktyske reden Yn wêzen lit ik to min romte oer. Ik treastgje my mei de gedachte, dat der altyd forskil bliuwe sil tusken it ûndergean fan in fers oan 'e iene kant en it bisprekken derfan oan 'e oare kant In bisprekker kin minder sizze as dat er bidoelt. mar meastentiids seit er mear; binammen by poëzij is dat sa
Hoewol't yn guon fersen de mannen net oanwiisber binne, en yn oare fersen aspekten fan alle trije foar 't ljocht komme, is it dochs sa gelegen dat der fersen by binne dy't sekuer op Jung weromgeane Dizze fersen rinne der foar my wol út
Jung hat it oer in kollektyf ûnbiwuste dêr't allehande archetypen yn húsmanje, oantinzen oan mythen. biswarringen en goede en kweade geasten. Forskiningsfoarmen binne bygelyks sfinksen, bitsjoende prinsen, preasteressen, wize froulju en goadinnen Hwat de frou hjir oanbilanget, net allinnich de psycho-analyse hat him dwaende hâlden mei har forskiningsfoarmen, ek de humanistyske psychology komt op sok terrein Yn syn boek ‘Religie en topervaring’ (oersetting Maurits Mok) seit Abraham H Maslow op side 98:
Iedere vrouw kan onder het gezichtspunt der eeuwigheid worden gezien, in haar hoedanigheid als symbool, als godin, priesteres, sibylle, als moeder aarde, als de eeuwig vloeiende borsten als de baarmoeder, waaruit het leven komt, en als degene die leven schenkt die leven schept
| |
| |
En hy seit der fuort achteroan
Dit kan ook operationeel gezien worden aan de hand van Jungs archetypen, welke op verschillende wijzen te herkennnen zijn
Daen nat it foar yn syn bondel oer ‘alle forskiningsforamen’ Foar ‘Radio Fryslân’ hat er sein dat er fuf fan dy forskiningsfoarmen yn syn bondel stoppe hat. Hy neamt dan sels twa, de oare trije moat de lêzer mar opsykje. Oan sokke spultsjes dogge wy fansels net mei. Ik zie, ik zie wat jij niet ziet op literair nivo, né. Boppedat leit it bytiden net iens sa simpel Yn feite binne alle foarmen dy't Maslow neamt, oanwêzich, apart, mar ek yninoar forstringele
By it werkennen fan de ûnderskate forskiningsfoarmen spilet it ûnthâld in dominante rol. Dat ûnthâld giet werom op Jung syn kollektyf ûnbiwuste. De frou yn al har forskiningsfoarmen is suver net biwust to meitsjen, it binne parten dy't yn it ûnthâld sitte, nea gjin totalen Daen syn wurdkar yn dizze fersen giet dy kant ek al ut harnen fan 't ûnthâld (5), glimpen (5), byldflarden (5), forkennen hat syn grinzen (14), jou leafde is in sekonde oan 'e loft (17), stammertinzen (26) brokstikken (26)
It archetypysk karakter fan e fersen yn it ljocht fan 'e ivichheit komt yn mear as ien fers boppe wetter De oermem, de memgoadinne, hja hawwe beide de oermacht (yn syn dûbelde bitsjutting) dy't typearjend is foar de archetypen It tsjoenende elemint komt al út yn it fers ‘fjûrtoer’ (17)
jou leafde is in sekonde oan 'e loft
in hân dy't oan 'e kym forskynt en aeit
dan wer fordwynt fol fjûrtoerljocht
Mar ek yn oare fersen hat de dichter har net yn 'e macht, mar krekt oarsom, hja him
sil myn wêzen jo dan nea ûntrinne kinne? (5)
hjitfolging dy't gjin lichten docht (5)
jou manoevrearjen yn myn siele
forsplinteret de frede yn myn eagen (23)
ik haw 't al faker sein hâld op. (26)
lit my mei rêst ik wol forjitte (26)
de oermem stiet almachtich tusken jo en my (27)
It lêste sitaet ut ‘gizeling’ bringt de oermem en de frou as ierdsk forskynsel gear yn kontroverse Man en frou binne beide mar bern fan it hegere, dêr't gjin kontakt mear mei mooglik is
ûntsprongen oan har skerte binn' wy mar offertoanen
gjin plak foar krisissintra of kontaktpersoanen
| |
| |
As illustraesje fan it feit dat alles der net sa inkelfâldich hinne leit as dit bisprek miskien hawwe wol. in sitaet út it fers ‘leagening’ (23). As it net foar twifelachtige útliz fetber wie, soe ik sizze. hjir krûpt Jung Rank yn 'e kont en de sirkel is roun En dat is ek noait wei
goadinne fan net to rikken skyn
myn langstme wol jou net to taesten
| |
7
Hwat hat in leek op it mêd fan de psycho-analyse oan Daniel Daen syn bondel ‘rânnen fan forjitnis’? Dy fraech soe noch steld wurde. Men kin op 't lêst net fan elkenien forwachtsje, dat er sa'n tik fan 'e maetskippij meikrigen hat dat er him mei psychology dwaende hâldt Boppedat binne der party lju sûnder kweekskoallediploma Oars sein. Kin ‘rânnen fan forjitnis’ sa de sutelkroade yn?
Daniel Daen hat, foar't er dizze bondel forskine liet, trijeris in searje fersen derút publisearre yn ‘Trotwaer’ (1976-4, 1976-5 en 1976-6). De earste searje waerd foarme troch ‘iiskjeld’, ‘fjûrtoer’ en ‘om 'e nocht’ Ik haw it lêste fers keazen om sjen to litten. dat in fers him net altyk gelyk lêze lit. It fers lit ik hjir aenst yntegrael folgje, en ik sil it dêrnei twaris bineijerje. De earste kear (A) jow ik myn earste lêsûnderfining, dus doe't ik ‘Trotwaer’ yn 'e bus krigen hie en de frou yn alle forskiningsfoarmen der noch net sa dik op lei, de twadde kear (B) gean ik mear ut fan de bondel as gehiel, en dy ynterpretaesje stiet dan ek net los fan de oare fersen yn 'e bondel It is noch al even wichtich om to sizzen, dat ‘jo’ en ‘jou’ yn 'e Trotwaer-ferzy mei haedletter bigjinne, ‘Jo’ en ‘Jou’ dus Side 20
om 'e nocht
in skimp fan libbensdriuw haw ik oan jou ûntliend |
1 |
in macht fan twivel oer myn bistean |
2 |
dat oan jou fuottenem leit |
3 |
hwat is myn libbensfetberheit |
4 |
|
soe hope dan oerwinne |
5 |
bigûchling en skyn |
6 |
alle oséanen moatte yn ien rivier gearrinne |
7 |
ear't ik my yn jo fyn |
8 |
A Ik lês it fers ‘om 'e nocht’ It foldocht my fuortendaliks, om't ik der krekt in neil achter krije kin, mar mear ek net Nei lêzen en nochris lêzen bigjint my eat dúdlik to wurden De dichter hat it oer God, hwa oars lit him mei haedletter
| |
| |
oanroppe! Alle libben komt fan Him en de dichter hat dêr ek in tik fan meikrigen (1). Net dat it fan herten gie, mar it moat sa fuort (2). Syn bistean leit oan syn fuottenein (3) Ik wist it ek al, it gie oer God, dy't dizze ierde sjocht as ‘één voetbank Zijner voeten’, of leaver. minsken sjogge dat Hy it sa sjocht. Rigel 4: dichter freget nei it doel fan syn bistean en syn kânsen, en hy set God dêrmei foar it blok. Even liket it derop dat er it sels oprêdde kin (5), mar né (6), ‘alle oséanen moatte yn ien rivier gearinne/ear't ik my yn Jo fyn’ It ûnmooglike moat barre foardat de dichter frede hat mei syn berte, syn libben en de skepper fan dat libben Wy kinne Jezus der noch by helje, hwant neffens it kristendom is hy de rivier dêr't alle oséanen yn gearrinne. Dan kinne skriuwer en lêzer har ek fine yn de ‘Jo’, hwant hwa't de rivier sjoen hat, hat de oséanen sjoen
B. Ik lês it fers ‘om 'e nocht’. It stiet yn de bondel ‘rânnen fan forjitnis’, ‘oan 'e frou yn alle forskiningsfoarmen’, en ik bin al tsjinkommen termen as ‘sûchrefleksen’, ‘driuw en drift’. ‘fasen’, ‘sobje’, ‘heitehaet’, ‘kompleksen’, ‘depressy’ en ‘ûnderlagen’ Nou lês ik wer ‘libbensdriuw’ (1), en ik tink: dêr hast it wer, Adler, libido. Jo, dat is de frou, hjir de oerfrou en oermem, bigjin fan alle libben (1). By ‘fuottenein’ (3) komt my nou fuort in kreambêd foar de geast It bern is útdreaun wurden en wurdt fan 'e dokter hifke op ‘libbensfetberheit’ (4) mei in klap foar de kont, en dêr giet it hinne. Dêr binne al de siken, in minskelibben lang. Is der noch in doel dêrnei (5)?. Né (6), it bern hie fuort werom moatten yn 'e skoat, hwant alle oséanen moatte yn ien rivier gearrinne/ear't ik my yn jo fyn', Rank En nou leit it der al even oars hinne
Is hjirmei de fraech biantwurde oft dizze bondel foar in psycho-analytyske leek nijsgjirrich wêze kin? Foar in part al, hwant it hat bliken dien, dat in bûten-psycho-analytyske ynterpretaesje (A) likegoed mooglik is. Foar it oare part net, hwant der steane mear fersen yn dizze bondel as ‘om 'e nocht’, en ik kin my yntinke dat psycho-analytyske leken mei guon fersen gjin kant út kinne. It wie miskien de baes en lit sa'n leek nochris op dizze bondel los. Dat soe in hiel oar bisprek opsmite Miskien waerd it wol better ek, hwant hoewol 't ik al fan 'e fersen útgien bin, wit ik dat de psycho-analyse my hieltyd foar de fuotten roun hat Foar my is it dan mar to hoopjen dat hja de fersen séls foar de fuotten roun hat En ik leau ek dat dat sa is (sjoch 5)
Lykwols, it is mar de fraech oft dit in punt fan négative krityk wêze moat. Yn alle getallen koe ik mar ien kant mei dizze bondel út. Oan 'e oare kant mei de wurdearring fan sa'n dichtbondel net ôfhingje fan syn tagonklikens. Poëzij is altyd in bytsje élitair. en it sil ek altyd in bytsje élitair bliuwe, wol it poëzij bliuwe Slim élitaire poezij is ek poezij. Dan mar net yn 'e kroade. Hoewol, dichter Daen dichtet meastentiids op rym. En it rint ek noch. Hwat wol men noch mear Ik hear it de sutelder al sizzen ‘Bêste fryske fersen, beppe!’ Beppe leaut it wol mar ûndertusken sa is de fryske literatuer net troud. Dy hat syn bêste tiden hwan En dat is mar in gelok ek
|
|