[Nummer 5]
Hessel Miedema
Amsterdam, 15 maeije 1978
achte redaksje,
bijgeande tekst lei noch bij myn papieren. Hij is út 1963. Ik ha him yndertiid net as forhael publisearre omt er dêrta net helen roun wie. Ik fyn him nou, nei in pear lytse foroaringen, nijsgjirrich genôch om him jo oan to bieden. Meitsje jo net ûngerêst: it is net bidoeld as come-back mar as literatuerhistoarysk dokument. Binammen de ynfloed fan de skriuwtrant fan Bordewijk is big dúdlik.
Mochten jo de tekst publisearje wolle dan soe ik stavering en ynterpunksje foaral ûnforoare litte. Ek is it faeks gaedlik, dit bigeliedend briefke - of in parafrase derfan - derbij ôf to printsjen.
Mei groetnis,