Oer de skriuwer.
Peter Blue Cloud (Aroniawenrate) waerd op tsien juny 1933 berne to Caughnawaga (KA-NA-WA-KE bitsjut ‘by de streamforsnellingen’), yn Quebec, Kanada. Hy is in Mohawk-yndiaen fan de skyldpodklan, dat wol sizze dat syn mem ek hearde ta de skyldpodklan, hwant de klannamme wurdt by de Mohawk fan de mem oan de bern trochjown.
Hy hat izerwurker west yn'e saneamde ‘high-steel’; wolkeskrabbers en hege brêgen bouwe.
Gâns manlju út KA-NA-WA-KE wurkje yn'e heechbou; der sit avontûr yn en it fortsjinnet goed. Mohawks skine boppedat gjin lêst to hawwen fan hichtefrees.
Op 't heden makket Aroniawenrate groun ré foar it plantsjen fan griente en sa nou en dan fortsjinnet er hwat as timmerman. Hy is kunstskilder, houtfiker en hy makket trommen. Hy docht regelmjittich mei oan poëzijoptredens en hat trije ienmansútstallingen fan syn skilderwurk hawn. Hy wennet op it heden yn Californië, by Nevada City
Hy hat meidien oan'e ‘besetting’ fan Alcatraz troch yndianen, dy't duorre fan 1969 oan't 1971.
Fan him forskynde it forslach: ‘Alcatraz is not an island’, de dichtbondels ‘Turtle, Bear & Wolf’ en ‘Coyote & Friends’.
Oersettingen fan syn wurk forskynden yn ‘Trotwaer’, ‘Hjir’, it ‘Friesch Dagblad’ en ‘Raster’
Al syn wurk kin bisteld wurde by my.