Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 251] [p. 251] Milkweed dyn bloed mongen mei loft hâldt de wrald byinoar, de bôge sjongt al by in suchtsje wyn mei dyn tried dyn griis-griene blêdden binne seinen fan in freonlik kamp, en dan falt dyn sied fleurich lykas de earste snieflokken, en dyn lege hûlen wurde makke ta rattels, of troch de bern opsocht om kano's to wurden mei grintstiennen as passagiers dy't meinommen wurde nei fiere lannen, en nou risselje dyn gielwurden blêdden mei de musyk fan in oare snie en dyn sie leit to sliepen. Peter Blue Cloud, Blind Shady Creek, California oktober, 1974. [pagina 252] [p. 252] Vorige Volgende