[Jelle Kaspersma
Utliz Suilt Hutte]
In swithuttesearjemoanje wurdt holden foar elts oar godstsjinstig barren. De minsken wurde yn de swithutte fan geast en lichem suvere fan alle smoargens en forkearde gedachten. It tal dielnimmers rint fan fjouwer oant âlve. De swithutte wurdt makke fan wylgetûken mei dêroerhinne tekkens of hûden. De tagong is op it easten, oer in hillich paed fan útstruide ierde dy't út it midden fan de hutte weigroeven is.
Oan'e iene ein fan it paed is de kûle mei dêryn de gleone stiennen, oan'e oare ein is in bultsje ierde, in alter der't de piip tsjin oanset wurdt, ear't se de hutte yngeane. De gleone stiennen binne fan it fjûr njonken dat altar oer it hillige paed nei de kûle yn'e hutte brocht. Sitte hja om de kûle mei gleone stiennen, dan jit de lieder der wetter oer. Wyls de temperatuer yn de hutte sa'n 70 graden Celsius is, wurde der switlieten songen, de hillige piip wurdt smookt, se drinke wetter, se ite beijen en se wriuwe harren yn mei sealje. De tekken oer de yngong giet fjouwer kear omheech om frisse lucht yn'e hutte to krijen. Nei de fjirde kear drave de dielnimmers fan nijs ‘berne’ nei in rivier dy't deunby is en dêr dûke hja dan yn. Neffens de yndianen is der noch nea immen dea gien by in swithuttesearemoanje Ek minsken mei in swak hert skine neat gjin lêst to hawwen. Men kin de swithutte sjen as it skûlliif, de memmeskerte, mar ek as de bult fan de fluitspiler mei de roune rêch, dy't fol lieten en forhalen sit. Swithuttesearemoanjes fynt men by alle yndianen fan Noard- Súd Amearika.