Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 246] [p. 246] Swit Hutte - Neitiid Wetter op stiennen it sisterjen fan steam fan sealje delfallen stiennen yn gatten yn'e rûmte it sisterjen fan stjer - fleanende meteoren Né! ja, it is tocht fonket myn geast tinkt myn geast miskien miskien mar troch alle tild hinne is der in stimme oan it sjongen skouder oan skouder sitte wy yndûkt tusken bergen greate baistiennen forwege en reitsje inoar en it lûd is in holte rûmte wjerlûd dizze hutte is it skûlliif fan de ierde is de tiid yn de mem is it forline yn'e takomst, de net-bernen fan ús folk reitsje myn loshingjend hier oan, ik rydboskje, fiel dat ik stik myn lichem docht sear as ik steam trochslok troch noas in folslein tsjuster ynazemje Ik bin in slang - stream dy't in heuvel delwynt [pagina 247] [p. 247] búkglydzjend tusken beammen wyls ik yn moas liz sjoch ik kunden driuwen boppe en oer de oarsprongen fan de geast hinne ik reitsje seder en sealje oan, myn noas priuwt, foar in stuit, in piip, hillich, dan hinnebeijen en mear wetter in sjongen is myn geast yngien, in skepsel in sirkel fan kôgjen dat myn harsentekken opfret om myn geast bieat to lizzen foar it tsjuster wyls de nutte hinne en wer skoddet en nou toppet op 'en nij troch de rûmte toppet it sjongen, myn skouder fannijs oanrakke troch peis om de oare kant út to swaeijen om meijaend skyld oan to reitsjen hja binne it dan sit ik hjir tusken bear en skyldpod ja bear en skyldpod ik stek myn hannen út om myn lichem to fielen myn skonken, ik stek hânnen en earms ut ik haw net, neat, ik bin neat, gjin lichem neat, ik bin in tins in sied yn'e rûmte in forwaeid en forlern ding tusken stjerren ien fan de wit hoe folle ien fan de talleazen, dy't sirkelet [pagina 248] [p. 248] sûnder lûd, dan tsjin de hûl oanslacht fan in greater sied dat allyksa roundraeit en rattelet yn wer in oarenien ik bin neat, ik bin alles ik bin in part fan ik bin in part fan in sirkel yn dizze hutte in omgong yn it Mystearje! ik hear dit en myn liif springt omheech It is mar myn buorman, dy't hoasset, ‘Pake!’ dizze stim komt fan binnen en fan bûten wei it is in skreau in needgjalp mar hy puntet as in flamme nei in smeking ‘Pake?’ Dan wurdt alles wei giet alles fuort myn selswêzen wurdt stadich wei troch mysels hinne yn itjinge boppe it selswêzen om to swalkjen tusken geasten tusken siedden dy't gedachte binne, suver gefoel binne, dan in sjongen, in liet en fier werom út in hoale wei (in lústerjen) ‘Pake, ik bin thús.’ Mohawk Territory simmer, 1975 Vorige Volgende