Yellow jacket
(foar Coyote)
Hy ried it doarp yn op in berchhynder mei wylde eagen,
syn hoed hie er leech dellutsen en lang swart en griis hier,
dat swaeide en wappere yn'e wyn, hinge oer syn rêch en skouders,
en nimmen seach de eagen, mar sels de soldaten fielden
dat se bistudearre waerden, faeks like iiskald as de wyn
man en hynder rieden troch it doarp dat stil taskôge,
hja makken lytse stofwolkjes en lieten de sterke geuren
efter van buckskin en sederreek,
‘hy draecht bihalven dat gewear ek noch in pistoal,’ sei immen,
en in jonge stim sei fol respekt: ‘In hiel falsk pistoal,
in âlde man, in genêzer dy't it oandoarst de rituelen fan it better meitsjen
út'e wei to setten, mar bûten it sicht fan soldaet en missionaris,
núndere en preuvele in âlde berchsang ûnder syn azemjen troch
en hy lústere: ‘in geast rydt mei him op en hy draecht
in hiele stam: hy is hwat der oerbleau fan in stam,
‘Ja’ sei de sersjant, ‘der is wer in forflokt ein stek
stikken skuord en der is krekt sa lang mei omsleept oant
it hielendal fornield en ta weismiten keard is. Wy jowe
| |
dy heidenen in hiele flakte om yn to wenjen, mar dat is
harren net goed genôch, we soene se bylnoar driuwe
moatte en it hiele soadsje deasjitte, krekt sa't wy
dat eartiids diene; of tominsten de greatste skoeljes,
mei de helt fan in slachte okse oer syn hynder boun
ried er op de lytse wente fan syn suster ta, oan 'e rânne
fan it doarp, ‘de herten binne forhuze nei de hege bergen, lykas ik,
hja hâlde net fan de rook fan yn'e oalje set lear en izeren kachels.
hjir is fleis dat eins noch to min is foar de gieren, mar
tominsten fleis om to iten
der waerd noch in stek fornield en trije stiks fé waerden slachte, en it
fleis waerd oan'e rânne fan it doarp efteriitten, as in útdaging
foar de hongerigen om it mei to nimmen, en om to iten, en in skoftsje
langer to libjen, en der waerd ek in soldaet foun, mei de kiel
ôfsnien, in flugge en skjinne dea sûnder sporen fan wredens
of lilkens, in jager deamakke troch de opjage.
en de soldaten rieden op harren hynders troch it doarp
en it folk seach ta en fielde in longerjen nei eat
dat forlern wie, krekt út'e reek,
mar nimmen seaie in hynder of pakte in gewear,
mar se seagen en wachten allinnich mar, to biskamme
en se seagen him, sûnder hoed, wyls er o sa stadich
it doarp ynried, en de skjinne berchwyn fan de boppeëin
fan de rivier bloes syn hier wyld alle kanten út, en doe't
er foarbyried seach hy alleman sûnder forwyt
yn'e eagen, en stik foar stik seagen se de gatten en
it streamende bloed doe't er troch harren formidden gie
en hja seagen him nea wer, en it praet hold ek op, doe't
syn suster tsjin in kloft folk sei: ‘praet net wer oer
him, jimme fortsjinje syn namme net.’ en hja
seagen hoe't se har hynder seale, har bern naem
en har man en har hûs de reen takearde en nea
en dyselde joun sealen ek in pear jonge minsken harren hynders
en hja lieten foar it earst sûnt skoften harren gewearen oan
alleman sjen, en in pear âlde minsken giene mei harren en
hja rieden nei de boppeëin fan de rivier, nei de skjlnne loft
en de keale rots, en de soldaten seagen harren foarbygean
en doarsten net tusken beide to kommen.
blind shady creek, californie. 26 okt. 1974
|
|