Trotwaer. Jaargang 10
(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 226]
| |
[pagina 227]
| |
earste sprekker:
It wie Roek, dy't mei de snaffel en de bûk
fol maiskerrels
baernend yn it gesicht fan de sinne
fleach
en doe, swart wurden, troch it smookgat
fan'e nacht,
wyis er hjir en dêr de hillige
maiskerrels falle liet
nei de minsken fier ûnder him
En Roek makke in skreau
fan freugdepine
dy't heard waerd oan yn't boarst,
en hy liet ek in douns efter
dy't ús sels dizze
moarn noch bystiet;
en hy birikte de seën dêr't de sinne opkomt
om werom to kommen mei in pylk -
flecht guozzen dy't it loftpaed
skjin skreauden mei wjerlûden
fan forseine jiertiden.
En it skaed fan Roek
wie in ûnbidige byltenis fan in raven
útspraet oer dellingen
en klimmend oer hichten,
en Roek wie in neiteam
en in broer fan Raven;
en doe't hja alle kerrels
nei de ierde derûnder falle litten hiene
fleagen hja
nei in lân fan toferzen marren
en dêr sirkelen hja om inoar hinne
hurder, aloan hurder,
om in leechte to wurden,
in draeikolkmystearje,
in lêste skeakel
tusken wrâlden.
| |
[pagina 228]
| |
twadde sprekker:
En it bern wie tsjep
en har douns wie leaflik
en har lytse fuotten dounsen
de maiskerrels yn de ierde.
Hja wie sûnder klan of stamme,
in weesfamke
dat foun waerd wyls hja oer keale rotsen swalke,
en de jager dy't har foun
brocht har nei syn folk.
En de soan fan de jager hold opslach fan har
doe't er har seach
en hy holp har bliid
mei it losmeitsjen fan de groun
om de griene' teare planten hinne.
En de jiertiden soargen foar harren,
en de bosk rôp harren
mei syn stim fan seder,
en as hja sliepten
wekke it lytse folkje fan de bosk
oer harren en hja joegen
it pear party dreamen.
En lykas de mais, groeiden hja ek
ta folwoeksenens yn harren tiid,
doe diene hja de hânnen yn inoar mei de
bilofte om alle wûnders
fan de Skepping foar altyd mei har beiden
to dielen.
| |
[pagina 229]
| |
de frou:
Ik gûl noch altyd fan freugde om de barmhertigens
fan dizze minsken, myn folk,
dy't my sûnder freegjen
as har eigen oannamen.
Myn herte sjongt myn stille blidens
troch it lange tsjuster fan de nacht,
wyls myn liif troch sines waerme wurdt
en ús lichems
forwaermje fierdersoan dizze lytsen,
ús neiteam.
Ik waerd berne út in dream
op keale rotsen,
en de dreamer folge it spoar
fan de reis fan Roek,
en it libbene grien fan mais
joech my fleis en bonken.
En de dream kaem út,
doe't in folk berne waerd,
en it wie de mais dy't in doarp sette
en ekers rémakke om dy mei de bosk to mingen.
Nou barde it dat jagers de
waermjende fjûren fan thús
yn harren boarst biwarren as hja op 'en paed wiene;
en de winter wie in waermere jiertiid
yn de manmachtige wenten.
Wy kamen út dreamen foar it ljocht,
om in greatere douns to dounsjen,
en inkelen weagen it
om werom to gean yn dy dreamen,
en hja brochten boadskippen mei werom
fan in wrâld fan foar de skepping
en it bigjin fan de minskheit,
fan dounsen en sangen
om lichem en siele better to meitsjen.
| |
[pagina 230]
| |
Troch de geast fan Skepping waerden
ús de hillige searemoanjes jown,
en de kennisse
dat it hiele universum
in roune douns yn'e tiid is
dy't hieltyd nei it bigjin weromgiet.
De grintstien en de stjerre, it stof
fan de ierde yn de hite simmer,
alle eleminten
hawwe de libbenskreft,
it mystearje,
dat de geast fan de Skepping is.
Faeks wie ik yn myn forline
in part fan de wjirm
dy't tunnele troch de ierde
en de groun ta rykdom brocht.
Ik kin myn takomst net witte
mar ik bin bliid
dat ik ien gehiel bin mei de ierde.
de man:
En foar my is de jacht myn mantel,
as it nou in hart, in wapiti of in boskpaed is,
dat fan tsjuster nei ljocht fiert.
Ik folgje nachts de stjerren,
wyls ik eame oan de igge fan in stream kampearje,
om it paed fan de rede to finen.
En faek friest in kâlde, bitende wyn
de ierde ta witens,
en lege strûpen
en forsteurde dreamen
wurde in part fan myn iensumens.
| |
[pagina 231]
| |
Roppich en forbline
moat ik dan ite
fan myn eigen ûnrest,
en ik skreau lûd fan pine,
pine dy't it forstân blyn makket foar de rede.
Dan makket sliep myn
tamtaesje wer dôf
en yn in steat fan net-dreamen
fynt myn geast rêst
en ik wurd wekker
as in bern
yn it sinneljocht fan de Skepping.
Ik gean kâld en jit roppich
nei ús doarp werom
en moetsje jagers
mei dyselde eachopslach.
Ik yt in lyts poarsje
fan it iten dat noch oer is
en weagje it derop om myn wiif
oan to sjen,
en dêr, sa djipyn har eagen
sjoch ik myn eigen tamtaesje wjerkeatsen,
en it wicht fan myn skamte
wurdt freonlik fan my ôf nommen.
Ik dream fan har eagen
en fan har rêstige dwaen en litten,
en de waermte fan Us bern
dy't deunby sliepe, komt yn myn dream,
en myn dream wurdt in liet,
dat wy in húshâlding binne
yn in klan yn
in stamme, yn in folk,
wy binne ta in folk berne.
| |
[pagina 232]
| |
En myn dream heart in lûd
in sêft gûlen
as in bern him yn'e sliep omkeart,
en ik stek myn hân út
en reitsje in wachtsjende hân oan,
en ik freegje my ôf, oft dizze frjemde frou
dy't ik sa goed ken en
eins hielendal net ken,
ek myn dreamen mei my diele kin.
medisyn-man:
Der waerd my ek in dream jown,
in dream der't ik bang fan wie,
en dy't ik net ha woe.
Ik stie triljend yn it mystearje,
mei myn eagen stiif ticht,
myn lichem wie omsluten en waerd gearparse
oan't ik net mear azemje koe.
Ik swinge en wie mislik
en ik woe forwezen
dy lêste sliep yngean.
Ik wie biwâlle troch goed en kwea,
dy't skuorden oan myn spieren en sinen,
‘Né!’ âlle ik lûd,
‘Né! Ik wol hjir neat fan witte!’
Tonger en wjerljocht
dounsen yn myn geast,
ik wie neaken en kâld,
ik wie sa binaud.
Ik gie it dreamen fan de jager yn,
gie yn de tsjustere wrâld fan syn tamtaesje,
ik stie yn it sintrom
fan syn pine
en it waerd my jown om de donkere twilling
fan de Skepping werom to kennen.
| |
[pagina 233]
| |
ik seach minsken op kliffen stean
boppe ravinen fol balstiennen,
dy't harren sels nei ûnderen miterje litte woene,
de dea yn.
Dit is allyksa dines, skynde
in stimme to sizzen, doe't ik seach
hoe't minsken bigounen to skreauwen fan razernije,
mei it skûm om'e mûle en om'e geast,
om it oerbliuwsel fan harren libbens.
Wy binne berne as twilling fan goed en kwea
yn ien lichem, en ik wist,
o ja, ik wist lang foardetiid
dat it fisioen my oantwongen wurde soe.
Ik krige yn'e rekken dat ik net yn in dream wie,
mar dat ik yn in wolkenwrâld stie,
tusken Skepping en myn eigen geast.
En út de wrimeljende mist
oan myn rjochterkant, kaem in hillige rattel
foar it ljocht,
en út de wrimeljende mist
oan myn lofterkant, dreau de flerk
fan in earn my tomjitte,
en ik naem se allebeide.
En ik seach lyk foar my
in lytse plant yn'e bloei,
in griene en freonlik lykjende plant,
en ik koe
de blêdden fan dy plant,
en ik hie yn syn woartels libbe,
en ik koe syn wêzen,
syn krêft
om better to meitsjen.
| |
[pagina 234]
| |
En nei't ik in hiele protte libbenstiden
mei de plant libbe hie, waerd it my jown
om party oaren to kennen, en eltse plant
droech my nei de folgjende,
en it earste liet dat ik krige
wie in persoanlike wet en warskoging
om better to meitsjen,
om allinnich mar better to meitsjen'
en om dizze krêften
nea foar eigen foardiel to brûken.
Dit folk,
elts en alleman fan ús,
wy binne in stimme,
in liet,
nimmen is mear of minder as in oar,
alles is hillich, wy binne hillich,
hwant wy binne bern
fan de Skepping.
En it liet
dat ús jown waerd moat ivich
trochklinke yn moarn.
En de tromme
dy't wy makke ha is de hertslach
fan alle dingen dy't libje.
En de rattel
is de wyn en de stoarm
en de greate, droege mais
dy't dounset.
klan mem:
En de greate, droege mais
wurdt rispe en flochten
en yn de hutte hongen.
Wy jowe tank oan de Skepping
sadat ús bern to iten hawwe sille,
wy offerje in gebed oan alle
dingen fan de Skepping.
| |
[pagina 235]
| |
De wettertromme en de rattel,
de sanger mei de lege stimme,
de sirkel fan minsken dy't dounsje,
dat is ús lof,
ús herten dy't bloed pompe
dat is ús ûnthjit.
Ik bin âld, ik sit waerm klaeid
tichte by it fjûr,
myn eagen ûnderskiede, hoewol't se
net skerp mear sjogge, dúdlik de dounsers.
Ik reltsje it weefsel fan myn jeugd oan
en ik helje my de honger
foar de geast,
en in yn geast en lichem
forspraet folk.
De Skepping krige bigreatsjen mei ús
en joech ús Wite Mais Suster,
en troch de krêft fan dizze jefte
binne wy ta in folk berne.
En jiertiid gie oer yn jiertiid
en wy learden
de libbensomgongen fan alles
om ús hinne,
lykas de moanne, is it gesicht fan elts
ding oan ien tried wei oan it foroarjen
en jit
giet libben de dea yn, in sied
dat wachtet op syn werberte.
En fan jiertiid ta jiertiid
woeksen wy ta in folk
fan party wenten
en maisfjilden,
en searemoanjes waerden ús jown
likegoed as beane en pompoenen.
| |
[pagina 236]
| |
En wy kamen gear
mânlju en froulju
om oer de takomst fan ús bern to tinken,
fan ús folk,
en fannijs hearde Skepping
en joech antwurd mei de stimmen
fan ús âlden.
En fan jiertiid ta jiertiid
woeks, lykas de jonge dinnebeam,
it tinken fan ús âlden
ta in greate beam,
en de geboaden dêr't ús folk
neffens hearde to libjen
waerden bikend as it Greate Goed.
En dizze geboaden wiene as
maiskerrels
elts apart, lykwols boun oan
in inkele kearn,
en dizze geboaden waerden faek
tsjin ús folk sein
sadat nimmen se forjitte soe.
En de oantins oan dizze geboaden
waerd weve yn kralebânnen
lykas rigen maiskerrels,
en de wurden waerden sein
ta de herten en ta de geast
fan it folk,
as in libben part fan it libben
en net as staffe wurden
dy't mei in smûger fuortwaeije.
ik bin âld, ik dream glimkjend,
wyls ik yn de sinne sit, rinne de bern
bylâns en groetsje my: ‘Beppe,
it is in skoandere dei.’
En wier, sa is it.
| |
[pagina 237]
| |
earste sprekker:
En jiertiid folge jiertiid
wyls ús folk woeks,
it bern waerd beppe,
waerd foarâlder,
it folk fleure
mei de jefte fan mais.
Der wie pine en honger
yn harren tiden,
in oantinken foar it folk
dat it libben, hoewol't it sterk is,
inkeld mar in tried is yn de Skepping.
twadde sprekker:
En de twillingbroer fan it kwea
oerskade faek it goede,
en habsucht en ôfgunst wiene bikend,
mar altyd
waerd weromtocht oan it Greate Goed,
en de krêft fan de klan-memmen
spriek troch de lieders
en brocht it folk
ta rede.
de frou:
En jitris wie der
tiden lang frede.
Doe waerd der in bern berne
hwaens dreamen it folk ûngerêst makken.
Hy krige fisioenen fan forneatiging
en fan bloedforjitten sa't men dat
nea meimakke hie.
En dizze dingen,
dizze forskrikkingen,
waerden wurklikheit.
| |
[pagina 238]
| |
[pagina 239]
| |
de jager:
It bern waerd inkeld folwoeksen
om sels
sûnder bern, mar as in broer
fan in folk to stjerren.
Hy lei bliedend op
in swartbaernd maisfjild,
it smeulende oerbliuwsel
fan in doarp deunby.
Hy glimke doe't er oan de dea tocht
en wachte
oant oaren fan syn folk
syn lústere wurden hearre koene;
dat der in folk berne wie
fan in Great Goed,
en dat in folk dat sa berne waerd
sterk bliuwe moat
sels oan de dea
fan syn minsken ta:
‘De twilling fan goed en kwea
is gearroun ta in skepsel
fan twa geasten,
dat jowt mei de iene hân
en dat forneatiget mei de oare.
De greate forneatiging is al bigoun:
ik haw it sjoen.
Us folk is nou al forspraet
ús doarpen en maisfjilden lizze
braek en stjerre, en dit is
noch mar it bigjin,
hwant ik seach dat de forneatiging
minskelibbens lang oanhâlde sil.
Salang oanhâlde sil dat de bern
fan moarn it kwea akseptearje
en der ienris mei libje sille.
| |
[pagina 240]
| |
Ik haw de folken fan dizze ierde
forspraet en forneatige sjoen,
wyls hja yn hongerige ploegen omswalken,
en sels de kerrels opieten
dy't leine to sliepen, dy't wachten
op harren tiid.
In pleach fan habsucht sil de
hielde ierde forskuorre en forneatigje,
en de hiele loft en al it wetter
sille folreitsje mei de smoargens fan de minske,
en syn jefte oan ierde en Skepping
sil syn eigen forburgen langstme wêze:
iens en foar altyd nei gychem to gean,
om mar fan de Skepping
ôf to wezen.
It wie forskriklik om it fisioen to oanskôgjen,
en dochs
de omfetsjende han
fan de twilling fan it goede
sweve der hieltyd boppe.
En de geast fan it goede spriek my ta
en liet in ûnthjit efter.
In bilofte fan libben middenmank
de dea, as wy mar
it Greate Goed libben holden
by ús folk.
Wy sille in forspraet folk wurde,
in forlern folk.
Wy sille yn us ienlikens inoar opsykje moatte,
om fannijs gear to kommen
en om wer fan ien geast to wêzen,
wyls wy middenmank de dea libje
sille wy neffens it Greate Goed libje moatte,
mei de wierheit libje moatte,
en wy sille net allinnich mar in steil wurd
ha moatte.
| |
[pagina 241]
| |
De maiskerrels yn de ierde,
it krekt berne bern,
de sinne dy't altyd opkomt
om de goede ierde waerm to meitsjen,
al dy dingen
binne in ûnthjit foar in forspraet folk.’
Medisynman:
Dat waerd sein en it waerd ûntholden
troch in forsille folk,
it oerbliuwsel fan in naesje.
Dêrom bisochten hja
om de fjûren
fan it Greate Goed libben to hâlden.
En sels hjoed de dei
libbet yn it hert fan dit folk
it Greate Goed,
fêstholden troch in pear triedden sine
dy't flochten wurde moatte
ta in sterke en gearbinende koarde.
Dizze sine, dizze libbenstriedden,
dy't âlder forbine mei bern
en bern mei Skepping,
is de bitsjutting fan ús mystearje.
Wy, de âlden, binne de samlers
fan dizze triedden,
binne de sjongers dy't ús stimmen
de wynstreken ynstjûre
om ús bern to roppen
om werom to kommen, om fan nijs berne
to wurden
ta in folk.
Kom by ús thús en reitsje
ús hannen oan,
en til de groun op en rûk
de rike, dampe ierde,
dy't jim foar altyd forsein is.
| |
[pagina 242]
| |
Kom by ús werom en dounsje
de lof fan it Greate Goed
en sit by ús gear
ticht by it waermjende hurdsté.
Klan Mem:
En tiid folget tild
en om't wy berne binne ta in folk
plantsje wy de hillige mais,
en sjochstou dyn âlder,
de rêch krûm fan jierren,
de skoffel yn de hân,
stadich nei it maisfjild rinnen?
En silstou dy neist him bûgje
en syn lústere wurden hearre,
dat er syn bern wolkomthús hjit
en dat nou,
as syn eagen tichtgean sille
foar dy lêste sliep,
syn reis mei frede wêze sil?
Ik bin âld, en dizze bonken
fan my akselje tsjin elts forwegen,
mar de sinne is waerm, myn bern.
Wolstou fierder harkje,
wolstou de wurden
fan dizze âld frou,
fan dizze klan-mem hearre?
Liz wiis mei dyn âlden oer,
liz dan oer mei dyn geast en hert,
en bitrou it dysels net ta om
fan it Greate Goed to sprekken
eardat dyn geast en hert ien binne.
| |
[pagina 243]
| |
Jow allinnich rie astou preaun
hast fan de chaos yn de fraech,
en wêz ynderlik sterk en wis fan dysels,
foardatstou de uterlike krêft
fan dyn stim brûkst om oaren
fan dyn wierheit to oertsjûgjen.
En as der in feestmiel jown wurdt,
tankje dan de Skepping dat
de minsken to iten hawwe.
En yt de mals en de pompoenen en de beane
wylstou witst dat dyn rêch him bûge hat
neffens it ritme fan de skoffel.
En by de waerme gloede fan it fjûr
moatstou bliid wêze datstou mei oaren
de brânje byinoar socht hast
om de wente waerm to hâlden.
En ken en priizgje de jiertiden
mei de wittenskip datstou
harren trochrinnende foroaring dield hast.
En foaroarje sels
lyk as de jiertiden' en win oan
yn forstân, geast en lichem
foar dyn folk, dyn minsken.
Ik suchtsje; hearst wol?
De sinne giet ûnder
en de earste koele jounsrûzer
wurdt troch myn âlde lichem field.
Ik sil nou yn de wente gean,
Myn famke, is der mais
dy't ik klearmeitsje kin
foar it jounsmiel?
Myn jonge, ik sjoch datstou
it hout tichteby
steapele hast
om de kjeld fan de nacht waerm to meitsjen.
| |
[pagina 244]
| |
As ik jim nachts roppe sil,
treast dan in âlde frou
mei jim antwurd.
Ik sjoch, nei dizze âlde, ronfelige hannen
dy't sa'n protte dien hawwe,
myn eagen wurde minder,
ik trilje fan âldens,
ik hear mysels lústerjen
tsjin myn eigen stoarne alden.
Beppesizzers, kom
by dizze âld frou sitten,
sadat se witte mei
dat der in folk libbet.
Skyldpodeilân, winter 1976-1977
Copyright C 1977. Peter Blue Cloud.
|
|