Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 222] [p. 222] To-ta Ti-om foar in muoike ús muoike wie in krûdedokter, hja hie ien each en krûme giele tosken de Kristenen skolden har út foar heidense hekse en harren bern biskimpten har of hja draefden fuort om't hja yn noed sieten oer harren bibelske libbens as sy der oan kaem, har hûs fan skuorrehout line op'e wyn as soe it omfalle by 't winter waerd it dûbeld fan'e snie en heldere fûnken út de houtkachel sisteren de snieflokken ta steam oerdieken it dak mei iis, ‘as myn lichem stjert sil dat by it winter wêze, krekt op tiid om de maitiid to sjen’ dat fortelde hja wyls hja bledden ta poeier rôlle tusken har meagere hannen hwant har taek as medisynfrou wie om better to meitsjen yn'e iere simmer bigounen pake en ik mei it plantsjen fan'e mais en de beane en pompoenen lyk efter it hûs fan ús muoike en hja strampele nei ús ta om to helpen by it plantsjen fan de tabak, as de earste griene spruten foar it sinneljocht kamen siet hja op'e treplanken droege woartels yn in skael to raspjen om wit hoe faek op to hâlden en nei de tún to stoarjen. as de tiid oankaem om de tabak to droegjen wie hja der by fielend en rûkend en priuwend en elke jiertlid foun hja it goed letter siet hja dan by de houtkachel [pagina 223] [p. 223] har piip to smoken ‘Kom, sei se dan tsjin my, ‘dit is tiid foar onanoron’ en se roun nei de fiver en se wiisde sterke planten oan dêr't ik hinne baeije moast om dy medisynwoartels der stadich út to lûken, wy hongen de flochten brune woartels boppe de houtkachel om harren hillige kreft to biwarjen om se los to meitsjen as se nedich wiene foar dyjingen dy't forlet hiene fan sokke krêft, lytse pakjes waerden fan de woartels makke mei eintsjes jern dan neamde se de minsken der't ik onanoron hinne bringe moast en hja boun it allegear yn in blauwe bandana en sei: ‘gean,’ dit is foar Kaienwaktatse en dat foar Kaerine Lives Close to Town en She Bends the Boughs in stik as twa stûren en dimmen iet ik bôle mei sjem de stuorkes makken stadich de glêzen pot op de tafel fol oant ús muoike nei de winkel gie in stik sâlt bargefleis, ien finger yn it fjouwerkant, in muskaetnút, sâlt en fjouwer suertsjes alle fjouwer foar my. as ik dêr by de houtkachel siet seach ik tomûk nei har wurge gesicht fol ronfels en ik soe wol lûd skreauwe wolle ik fielde in binearing yn myn kiel en faek gûlen, ‘hja siet oan har taffel mei in skael op 'e skerte en it waerd krekt maitiid’ dat skreau pake my en ik gie earne hinne om allinnich to wêzen en ik siet sa mar hwat, it is wer tiid om to plantsjen en alles is klear bihalven de tabak pake linet op de skoffel en sjocht nei it hûs fan ús muoike dan glimket er en ik glimkje werom, ienlik as in gûlen. 23 des. 1973 Vorige Volgende