Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 220] [p. 220] Crazy Horse monument (foar de byldhouwer) Heilstiennen falle as skerpe, ôfkapte stikken blauwe himel gûlende winen bûge it brune gers, wyls bisons klauwe en stampe en weagjende wolken steam útblaze, en prairywolven tsjin 'e moanne spoekgûle De flekte slange fan in doarp op reis: in stille rige hynders giet om hlchten hinne, de loftbaes mei syn grize mantel oan pakt de tonger en de winter siket om de sterkste minsken. Crazy Horse rydt troch de sirkel fan de sliep fan syn folk, fan de Little Big Horn oan Wounded Knee ta, de skaden fan de Black Hills binne syn iennige mantel donkere boarstfearren fan in stoarm dy't komt. Foar harren hwaens brutsen lichems dea opsteapele waerden, hwaens bloed bifrear op it wyt fan de snie, foar harren is nou it lofliet om geast to meitsjen dat it tempo oanjowt fan de berch fan Crazy Horse. En hy soe skreauwe fan lilkens om ien deade, en de gewearen fan de blauwe soldaten op hynders fergje, hwant him hearde it bloed en de polsslach fan rivieren ta, en bergen en flakten, dy't as in hillich pân oanfurdige wiene. Crazy Horse rydt troch de sirkel fan de sliep fan syn folk, fan de Little Big Horn oan Wounded Knee ta, de skaden fan de Black Hills binne syn iennige mantel donkere boarstfearren fan in stoarm dy't komt En hwat soe hy tinke fan de kâlde stienen beitel, en fan it dinamyt dat it gesicht fan in berch forwoestet, hokfor wearde hat de tokrûmele gloarje fan Grikelân en Rome foar in folk dat kâld en hongerich makke is? [pagina 221] [p. 221] Om it wezen fan de gest fan in man yn stien fêst to lizzen, om de leafde en it respekt fan bern en âlden wer to jaen, meitsje ynsté der fan de skerpe stiennen punt fan in jachtpylk, en lit de erosy fan de tiid oer oan de eleminten. Crazy Horse rydt troch de sirkel fan de sliep fan syn folk fan de Little Big Horn oan Wounded Knee ta, de skaden fan de Black Hills binne syn iennige mantel donkere boarstfearren fan in stoarm dy't komt 22 des. 1973 Vorige Volgende