| |
| |
| |
Jelle Kaspersma
Ut 'e Reade Ierde
Yn in blêd dat foar it greatste part fol stiet mei it wurk fan in yndiaensk skriuwer heart ek in oersjoch dat de skiednis jowt fan de yndiaenske literatuer yn de U.S.A. en Kanada.
Utsein in pear oersettings dy't earder forskynden yn de blêdden ‘Hjir’ en ‘Trotwaer’, fynt men net folle wurk oer of fan yndianen op de Fryske literatuermerke. J.J. Hof sette it epos ‘The song of Hiawatha’ fan Longfellow foar in part oer, neffens in oersetting fan Guido Geselle, en J.J. Bylsma skreau yn 1973 it fers:
| |
| |
Bylsma hat fuortdaelk tocht oan Karl May en Winnetou, doe't er yndianen op 'e buis seach. Lokkich hat in greate stream publikaesjes oer it libben en de skiednis fan dizze minsken de stereo-type fisy dy't de measte blanken op de reade man hiene, gâns wizige. Waerden earder de yndianen yn films en romans ôfskildere as boeven en moardners, de lêste tsien jier is dat komselden mear sa, en yn de films ‘Cheyenne Autumn’ en ‘Soldier Blue’ sjocht men de wierheit. Oer de oarloggen mei de yndianen is gans skreaun. De opskildere man mei syn fearren dy't op in hynder oer de flakten gisele wie der meastal de haedfiguer yn. Fan froulju en bern hearde men neat. Dochs waerden dy faek it slachtoffer fan de striid.
Undersikers ha útmakke dat it tal deaden as gefolch fan de fjochterij mei de blanken net sa heech is as der altyd tocht waerd. It sille inkele tsientûzenen west ha. Miljoenen yndianen stoaren lykwols oan fan de blanken oerbrochte bismetlike sykten as mûzels, pokken, cholera, pest, syfilis. Honger en alkohol easken ek ûntelbere slachtoffers. De yndianen dy't tsjin it biwâld fan de blanke mei syn lânhonger en goudkoarts yn opstân kamen, wiene sadwaende de oerbliuwsels fan ienris machtige naesjes. De striid dy't sa'n lytse fjouwerhûndert jier duorre, waerd troch de yndianen forlern. De U.S.A. hawwe lykwols nea offisieel de oarloch oan in stam forklearre. De blanken brûkten de taktyk fan de toskroeide ierde, miljoenen hektares maisfjild waerden forbrând. Op de prairys waerden ûngefear hûndert miljoen bisons deasketten. Doe't de yndianen harren haedmiddels fan bistean kwyt wiene, waerden hja troch de soldaten yn konsintraesjekampen dreaun, dy't reserfaten neamd waerden. Nettsjinsteande alle forfolgingen, de diskriminaesje, de lege libbensstandert en it hege persintage selsmoarten is de geast dy't de measte yndianen bisiele, deselde bleaun. De measten leauwe dat hja in fan de Greate Geast apart set folk binne, krekt as de Joaden. Alle minsken dy't libje neffens de oanwizings fan 'e Skepper sille op de greate Himmeldei sparre wurde. Om 't de Makker fan alle dingen it dúdlikst sprekt troch de natûr, is it foar de yndiaen tige wichtich om yn harmony mei dy natûr to libjen.
| |
| |
Dizze primitive wylden, dy't it greatste part fan it jier healneaken omrounen, hiene, neffens de blanken dy't mei harren yn kontakt kamen, útsûnderlike brûkmen. Froulju hiene likefolle to fortellen as mânlju, it wurk waerd earlik fordield, allegear wosken hja harren elke dei hielendal, misgripen waerden ôfkocht, moardners waerden útband, finzenissen bistiene net, sprekkers koene útprate, skiedingen waerden troch de man en de frou sels regele. Hja seagen (en sjogge) it libben as in religieusk barren. De minsken binne in part fan de greate en machtige natûr en fan de Skepping.
Harren religy kin nea fêstlein wurde yn doktrines en dogma's. Godtsjinst is in saek fan it hert. Elk minske leaut op syn eigen wize. Minsken dy't nearne yn leauwe, binne neffens de yndianen dom en blyn.
De literatuer wie en is foar harren in tige religieuze saek. Fansels binne der útsûnderingen yn de moderne literatueruterings, mar dat binne gefolgen fan in opfieding bûten it stamforbân, bûten de femylje, bûten de hûshâlding.
Grinnell, Fletcher, Boaz, Curtis, Mooney en oaren hawwe harren âlde lieten en forhalen optekene. Men kin de lieten, dy't noch altyd in tige wêzentlik part fan harren bistean binne, fordiele yn fjouwer kategoryen:
| |
1.
De fiif lieten fan elts yndividu. Dat binne
a. | It nammeliet. Dit liet meitsje hja nei't hja de namme fan it folwoeksen wurden krigen ha. |
b. | It geastliet. Hja krije dit liet fan de biskermgest, de totem, nei 't hja in pear dagen sûnder iten en drinken op in iensum plak sitten ha. Dizze biskermgeast kin forskine yn de foarm fan in fûgel, in bist, in plant of in stien. |
c. | It leafdeliet. Sa'n liet wurdt makke foar dejinge dêr't de jongfaem of jongfeint sljocht op is. |
d. | It freugdeliet. As immen earne bliid om wie song er it freugdeliet. |
e. | It dealiet. Hja koene dit liet mar ien kear folslein sjonge, flak foardat hja stoaren. In hiel bikend dealiet is dat fan de Kiowa-lieder Satank. Hy song it ear't er troch soldaten deasketten waerd. Dit binne de wurden: |
‘Kaitsenko ana obahema haa ipai degi o ba ika
Kaitsenko ana obahemo hadamagagi o ba ika’
‘Kaitsjenko stjerre mar dou sinne bliuwst ivich bistean
Kaitsjenko stjerre mar dou ierde bliuwst ivich bistean’
De soan fan Satank sei letter lykwols dat er hwat oars song, it wie ûngefear sa:
| |
| |
‘Ik libje nou mar ik sil net ivich libje
Moanne fol mystearje dou allinnich silst bistean bliuwe
Sinne fol krêft dou allinnich silst bistean bliuwe
Wûndere ierde dou silst ivich bistean’
| |
2.
De lieten fan de forienings, bygelyks de preesterforienings, de borduerforienings, de soldateforienings, de âlde manneforienings. As foarbyld haw ik it wolveliet fan in soldateforiening fan de Cheyenne útkard:
| |
3.
De mienskiplike lieten dy't alle minsken fan de stam meisongen, lykas dizze Arapaho Ghost Dance Song:
‘Heit, haw bigreatsjen mei my
Heit, haw bigreatsjen mei my
Alles is wei, ik haw neat to iten
Alles is wei, ik haw neat to iten’
| |
| |
| |
4.
De sangen fan de medisynmannen, dy't hja songen by seremoanjes om immen better to meitsjen, by rituelen of by de tarieding foar de oarloch. It Osage piipliet, dat hjirûnder stiet, waerd songen ear't de medisynman de brân yn'e tabak stiek. It heart by de kriichsseremoanje, dy't de deis foar de oanfal troch ien of mear medisynmannen utfierd waerd. De measte lieten fan medisynmannen wiene en binne geheim, om 'e krêft dêrfan to biwarjen, dat it sil Alice Fletcher wol in soad muoite koste ha om it op papier to krijen.
Osage Piipliet
‘Achtsje dizze piip. It is wier in minske!
Ik haw myn wêzen deryn stalle.
Stalje dou dyn wêzen der ek yn.
Dan silst frij wêze fan alles hwat dea bringt.
Achtsje de nekke fan de piip!
Ik haw myn eigen nekke der yn stalle.
Stalje dou dyn nekke der ek yn.
Dan silst frij wêze fan alles hwat dea bringt.
Achtsje de mûle fan de piip!
Ik haw myn eigen mûle der yn stalle.
Stalje dou dyn mûle der ek yn.
Dan silst frij wêze fan alles wat dea bringt.
Achtsje de rjochterkant fan de piip!
Ik haw de rjochterkant fan myn eigen lichem der yn stalle.
Stalje dou de rjochterkant fan dyn eigen lichem der ek yn.
Dan silst frij wêze fan alles hwat dea bringt.
Achtsje de rêchbonke fan de piip!
Ik haw myn eigen rêchbonke der yn stalle.
Stalje dou dyn eigen rêchbonke der ek yn.
Dan silst frij weze fan alles hwat dea bringt.
| |
| |
Achtsje de lofterkant fan de piip!
Ik haw de lofterkant fan myn eigen lichem der yn stalle o Honga!
Stalje dou de lofterkant fan dyn eigen lichem der ek yn.
Dan silst frij wêze fan alles hwat dea bringt.
Achtsje de holte fan de piip!
Ik haw de holte fan myn eigen lichem der yn stalle.
Stalje dou de lofterkant fan dyn eigen lichem der ek yn.
Dan silst frij wêze fan alles hwat dea bringt.
Achtsje de bân dy't de kop en de stâl fan de piip byinoar hâldt.
Ik haw myn eigen strôt der yn stalle.
Stalje dou dyn eigen strôt der ek yn.
Dan silst frij wêze fan alles hwat dea bringt, o Honga!’
De âlde forhalen wiene foar de yndianen in ûnmisber part fan harren libben, lykas de lieten. Se waerden forteld foar de ûntspanning, mar de bern krigen bygelyks ek ûnderwiis yn forhaelfoarm. It greatste part waerd mounling oerlevere. Guon stammen hiene in soarte fan skrift ûntwikkele, dat brûkt waerd om forhalen en lieten op beambast en plankjes to notearjen. Dat diene de Chippewa mei harren Mdi-Wiwin-lieten en de Lenape mei de Walam Olum, de skiednis fan de stam. Oare stammen brûkten gjin skrifttekens of ûnthâldstokken. De âlden dêrfan tortelden de forhalen sa faek oan 'e bern, dat dy se op it lêst wurd foar wurd neifortelle koene. Guon fortelsels wiene koart, mar der wiene ek tige lange by. Immen dy't goed fortelle koe waerd faek frege op in smûke joun. De forteller forhelle dan earst in skoft, dan hold er op, der waerd hwat iten en dronken, de harkers koene in piip smoke en dan gie de gast fierder. It barde ek wol dat der in pear gasten útnoege waerden, dy't dan om bar in stik fan in forhael tortelden, dat wie dan in kettingforhael. Sa'n fortelling duorre gauris in hiele nacht. Hillige forhalen waerden altyd nachts forhelle, mei de doar ticht. Skiednissen fan slangen en swier waer waerden by it winter dien, men koe ris rekke of biten wurde. Foar en nei in hiilich forhael waerd der in piip smookt. Nimmen mocht dan in wurd sizze. De bitelling wie tige rejael, foar goede forhalen waerden tekkens en soms ek wolris hynders jown. Forhalen koene, lykas lieten. forhannele wurde. Foar in pear fearren, in tromme, in rattel of in fearrehoed koe men in forhael keapje. De eardere eigener fortelde it nea wer nei de forkeap. Foar in yndieling fan de forhalen haw ik dy
| |
| |
tan Grinnell brûkt, oare folkekundigen jowe gjin dúdlike yndieling. Grinnell ûnderskiedt:
1.
De alderâldste forhalen. Dit binne de skeppingsforhalen en de skiednissen dy't harren ôfspylje yn de tiid foar de komst fan de kultuerhelten.
2.
De forhalen oer de kultuerhelten. Dizze redders fan de stam iorskine op in stuit as der honger is of as der in bismetlike sykte hearsket. It fuortbistean fan it folk stiet op it spul. Hja helpe de minsken út de lytse loege en jowe harren meastal in ding dat dêrnei as in hillich pân biwarre wurdt. Op dit stuit binne der noch de twa hillige pipen fan de Lakota, de piipbondels fan de Blackfoot, de hillige swarte piip fan de Arapaho, de hoed en de pylken fan de Cheyenne, de otterfellen fan de Chippewa en de wampumbannen fan de Iroquois.
3.
De heldemythen. Biskate ûngunstige krêften fan bûtenôf kinne it folk kwea dwaen. Minsken kinne reboelje meitsje, jagers bliuwe wei en blike formoarde to wezen, ensafuorthinne. Oer de minsken dy't de jefte krigen ha om dizze kweageasten to fordriuwen geane dizze forhalen. Gauris is de haedfiguer in earme jonge sûnder heit of mem. Hy helpt de minsken, mar fierder wurde wy neat fan him gewaer ek de boarne fan syn jeften wurdt net neamd.
4.
De mystearjeforhalen. Planten, bisten en dingen prate. De minsklike haedfiguren bilibje de nuverste avontûren en ek wol wurdt sa'n skiednis ôfsletten mei de meidieling dat de haedpersoan alles dreamd hat. Guon binne planút pornografyske fortelsels. bygelyks dy fan de Noard West Kust.
5.
De forhalen fan de bidrager. De bidrager hat by elke stamme in oare namme, mar de streken en fiten binne meastal deselde. To uzes is er bikend ûnder de namme Rein de Foks. By de yndianen fan Noard-Amearika hjit er Nana Bosho, Napi, Wihio, Saynday, Coyote. De skepsel wurden Skepper kin nea stjerre, hy hat oeral de gek mei en de fûgels en bisten helpe him altyd.
| |
| |
6.
Foarsizzingen en profesijen. Hjirfan witte wy it measte net. Antropologen hawwe der nea folle oer skreaun, hwant dizze skiednissen wiene hillich en eins allinnich ornearre foar yndianen. Sels Frank Cushing, dy't in djipgeande stúdzje fan de Zuni makke, fornijt ús hast neat oer dizze matearje. Op it heden is der alle jierren op in bipaeld sté yn Kanada of de U.S.A. in gearkomste fan medisynmannen en preesters fan sahwat alle stammen. Dit soarte forhalen wurde dan útwiksele en forlike. De Hopi ha in jiermannich lyn guon foarsizzingen buorkundich makke om it minskdom to warskôgjen.
7.
De oarlochsforhalen. Dizze forhalen waerden troch de âlde krigers forhelle oan de jongfeinten om harren ta to rieden foar it stellen fan hynders en it meitsjen fan kriichstochten. Se koene oan alleman forteld wurde en om de safolle jier kamen hja gear mei de fijân om de forhalen to forlykjen en om opskeppers toplak to setten. In spesjael genre wie it saneamde tellen fan de slaggen. Foar eltse tûf hier en foar eltse fear dy't in man droech, moast er in dappere died dien ha. Nei elke forhelle died sloech er dan mei syn slachstôk op 'e groun.
Fierder yngean op de skematyk, op de konstruksje of de djippere eftergrounen fan de âlde forhalen sil ik hjir net dwaen. Oaren ha dat al dien en dit oersjoch is eins allinnich mar in fondamint foar in wurdmannich oer de hjoeddeiske forhalen en romans. Boppedat binne de optekene forhalen mar in fraksje fan hwat ea bistien hat en noch bistiet. Fan it eastlik boskgebiet en fan de stammen fan Kalifornie witte wy sahwat neat, om 't de measte folken dêr wiene al omtrint útroege eart de folkekundigen harren fortelsels optekenje koene. It greatste tal fan de forhalen dy't foar it publyk tagonklik binne, heart ta de saneamde gebrûksliteratuer, dat wol sizze dat de ynhâld faek wol nijsgjirrich is, mar it is gjin literatuer mei in greate L. Men kin der lykwols net foar wei en jow ta dat der dan noch in great tal oerbliuwt mei wiswier wol literaire kwaliteiten. Dizze forhalen waerden opskreaun troch wittenskippers en komselden ris troch immen dy't ek noch goed skriuwe koe. Hja wurken mei minne tolken en dat is dan ek hiel faek tige goed to merken. De greate antropolooch Boaz hat binammen wraksele mei de taelbarrières. Grinnell en Mooney lykwols forstienen en sprieken de talen fan de folken dy't hja bistudearren. Hja koene boppedat goed mei de pinne oerwei. Harren wurk heart op
| |
| |
it heden ta it beste hwat der op it gebiet fan iere antropology bistiet.
Nei 1900 stie it der faei foar mei de yndiaenske kultuer. Op de kostskoallen wie it forbean, dat de bern harren eigen tael sprieken. Hja konfersearren doe troch middel fan de gebeartetael. De eigen godstsjinsten waerden forbean, en op it útfieren fan seremoanjes stie tonei finzenisstraf. Weinfollen maskers, klean, hillige dingen en gebrûksark waerden út de reserfaten weisleept om biwarre to wurden yn musea. Sommige dingen waerden gewoanwei stellen, lykas de hillige wampumbânnen fan de Iroquois yn 1921. Se wurde stiloan biwarre yn de feilige museumkelders yn Ottawa, ynsté fan yn de klûs fan de stam.
De blanke bistjûrders hawwe alle war dien om de yndianen to foarmjen ta hurd wurkjende boeren en arbeiders. It wie de tiid dat de ‘Meltingpot’ -gedachte oerhearske; alle ymmigranten, mar ek de oarspronklike biwenners moasten harren brûkmen ôfskriuwe en de ‘Amerikaenske’ kultuer oannimme. Se woenen in mienskip skeppe der't alles draeide om it jild. Yn dizze tiid forskynden der in stikmannich boeken fan yndiaenske skriuwers. Dit wurk passe goed yn it ramt fan de plannen fan it regear; it ûnderskiedt him yn neat fan it wurk fan oare Amerikaenske skriuwers út dy tiid. J.M. Oskison, in Cherokee, publisearre yn 1935 de roman ‘Brothers Three’. It wie midden yn de krisis en president Roosevelt hie in literair wurkforskaffingsprojekt op poaten sette litten. Fan de Flathead D'Arcy Mc Nickle kaem yn 1936 de roman ‘The Surrounded’ út en yn 1954 forskynde fan him ‘Runner in the Sun’. Ek de Osage J.J. Mathews skreau twa romans, ‘Sundown’ yn 1934 en ‘Talking to the Moon’ yn 1945.
Poëzij waerd wol skreaun, mar hast net publisearre. De Mohawk yndiaenske E. Pauline Johnson makke fersen dy't foar 1913 yn sommige tydskriften opnommen waerden. Dan is der ek it dichtwurk fan de Creek A.L. Posey, dat pas yn 1968 publisearre waerd, doe't hja al sechtich jier wei wie. Charles Eastman, in Santee. dy't oant syn sechtjende yn de wyldernis fan Minnesota en Manitoba libbe, waerd dokter en hy skreau artikels en boeken oer syn libben by de Sioux. Syn wurk is gjin skeppend proaza, it is allegear autobiografysk lykas ‘My people the Sioux’ fan Luther Standing Bear. Carlos Montezuma liet in pear artikels nei oer syn bernejierren by de Apache. Utsein de boeken fan D'Arcy Mc Nickle, Eastman en Standing Bear, dy't ik sels lêzen ha, kin ik hwat it niisneamde wurk oanbilanget allinnich mar de miening werjaen fan oaren. De ynfloed fan boppeneamde minsken hat net great west op de jongste generaesje skriuwsters en skriuwers.
Inkele oarsaken dat der yn it tiidrek fan 1900 oant 1965 hast neat fan yndianen
| |
| |
publisearre is, binne, njonken de niisneamde assimilaesje, û.o. it feit dat de yndianen de blanken seagen as oerhearskers, se woene net folle to krijen ha mei de tael en de kultuer fan de ûnderdrukkers, en ek it feit dat hja fêstholden oan it mounling trochjaen fan de eigen literatuer. Hja brûkten doe boppedat de eigen talen noch. Skreaune grammatika's dêrfan bistiene wol, mar waerden nea brûkt by it ûnderwiis oan de yndiaenske bern. Hja krigen allinnich ûnderwiis yn it Ingelsk en fangefolgen is it tal analfabeten by de âlderein ôfgriselik great. De yndiaenske hûshâldingen wiene great en der moast brea yn 'e spine komme.
Nei 1945 kaem it forskynsel fan it Pan-yndianisme, de kontakten tusken de jongerein fan de forskillende stammen dy't eartiids oarloch mei inoar hiene. Hja kamen gear op greate dounsfeesten en it Ingelsk naem it plak yn fan de gebearte-tael. De eigen talen rekken út 'e moade en de bern moasten al ier nei de beukerskoallen, dat fan in opfieding by heit en mem kaem neat. Bûtensteanders krigen niget oan de yndiaenske kultueruteringen en samlers bitellen (en bitelje) bûtenwênstige prizen foar yndiaensk gebrûksark, dat forkocht wurdt as kunst. Hippys droegen klean mei kralen en franjes en doe seagen de útjowers ljocht en jild yn it literaire wurk fan de ynboarlingen. Literatuer is op it heden lykwols in elitesaek yn Kanadaen de U.S.A. Subsydzje wurdt nea jown. In boek wurdt útjown as de útjower der finansjeel sukses fan forwachtet. Poezij wurdt meast útjown yn sammelbondels en oars op eigen manneboet. Der wurdt tochten om in fers publisearre to krijen in tiidskrift. Honoraria wurde nea bitelle.
Hawar, de heechlearder N. Scott Momaday krige yn 1969 de Pulitzer Prize foar syn roman ‘House made of Dawn’, dy't yn 1968 útkaem. It boek biskriuwt it libben fan in jonge yndiaen dy't ûnder tsjinst wei thúskommen is. Hy fielt him net mear thûs yn it kalme libben fan it reserfaet en hy giet der op út, de greate stêd yn. Nei in libben fol frustraesjes komt er dochs wer yn it reserfaet werom. Yn syn boekje ‘The Way to Rainy Mountain’ steane kreaze yllustraesjes fan syn heit njonken koarte stikjes dêr't ús de skiednis fan syn folk, de Kiowa, yn forhelle wurdt. Ek forskynde fan him de fersebondel ‘Angle of Geese and Other Poems’. Yn it boek ‘The World of the American Indian’, fan de National Geographic Society, stiet in koarte skets fan him.
Yn de roman ‘Winter in the Blood’ fan James Welch, in Blackfoot, wurdt yn in tige rûge en reälistyske styl it libben fan in Blackfoot yndiaen delset. De broer fan de haedfiguer waerd ûnder in wein deariden, syn heit frear dea en syn mem boasket mei in buorman. De jongfeint libbet fierder yn de leechte fan it
| |
| |
lânskip fan Montana. Mei freonen en kunden reizget er de wyld-west doarpen ôf. In bisûndere rol spilet in teddybear. Oan'e ein fan it boek set er him nei wenjen op it lân fan syn âlden. Dit jier forskynde de fan Jos Knipscheer oersetten en útjowne útjefte.
De fersen fan Welen waerden yn 1971 bondele yn ‘Riding the Earthboy 40.’ Craig Strete siet in wike to skriuwen yn it Atheneum Nieuws Centrum, yn Amsterdam. Hy opponearre him yn ús lân mei de forhalebondel ‘Als al het andere faalt...’ en de dichtbondel ‘In Geronimo's doodkist’. Beide wurken waerden rounom bisprutsen yn de Nederlandske dei- en wykbledden. It oersetwurk fan Knipscheer falt tige to priizgjen, mar sa nou en dan komt it jin foar, dat er wolris hwat hastich west hat. De sprookjes fan Strete hearre thús yn it hippytiidrek, dat ûngefear duorre fan 1966 oant 1971. De styl hat in soad fan bygelyks ‘Tarantula’, fan Bob Dylan. Iksels bin der net sa wei fan en de ynlieding liket my in holle frase. Neffens Boltendal binne syn fersen tige goed, mar to faek draeft er troch eri dan forsûpt er yn syn eigen wurden. Alle taelienfâld is him frjemd.
Hyemeyohsts Storm, in Cheyenne, hat in kreas útfierde roman op 'e merke brocht, skreaun yn in tige byldzjende tael. De symbolyk steurt jin net, lykas yn it wurk fan Strete. It sintrale thema is de spegel. Hoewol 't de opset tige ûngewoan is, lit it boek him tige goed lêze. De skriuwer nimt de lêzer mei de wrâld yn tusken it doe en nou fan de Cheyenne en tusken dream en rûge wurklikheit.
Leslie Silko, in Laguna frou, skriuwt koarte forhalen en fersen. Har forhalen binne meinimmend en ûnderhâldend. Har pöezij waerd oant nou ta allinnich mar opnommen yn sammelbondels.
Fan'e dichters publisearren Duane Niatum ‘Ascending Red Cedar Moon’; Duane Big Eagle ‘Bidato’; Minerva Allen’ Like the Spirits of the Past’; Peter Blue Cloud ‘Turtle, Bear & Wolf’; Yves Thirault ‘Ashini’; Serain Stump, ‘There is my People Sleeping’ en sa kin men noch wol even trochgean. De bêste dichteressen en dichters binne hjir lykwols neamd. Neffens yndiaenske kritisi en neffens my kypje Peter Blue Cloud en Minerva Allen der út mei harren wurk. In fers dat der ek útroun is it folgjende fan Joseph Bruchac:
| |
| |
| |
Tromme Lieten
I De Tromme- Makker
djippe swierlûdige trommen
II De Tromslagger
jim binne fannacht nedich
om Amegah wekker to hâlden
en al it oare wurk is forgetten
ûnder syn palmen bounzjen
Mar hwaens fuotten forwege
as in rike man seit: dounsje?
| |
| |
III De Dounser
Neffens myn siele ûnhandich
wurd ik fan harren de sirkel ynlieden
ik fiel in brêge ûnder my
as myn fuotten it sân reitsje
fan hokfor God ik seinige wurd.
Fersen yn ien fan de ûngefear 140 talen dy't noch troch yndiaenen sprutsen wurde, komt men hast net tsjin. It Ingelsk nat de striid op alle taelfronten woun. Dat is spitich mar it is net oars. Dejingen dy't de skiednis fan de yndiaenen folgje, kinne bliid wêze dat der skreaun wurdt. Skriuwen is in teken dat minsken nei in identiteit sykje. De yndianen binne sahwat alles kwyt, it regear nat harren alles ûntstellen, mar de krêft om to skriuwen kin gjin mins ûntstellen wurde. Faeks is der nei it lêzen fan dit stik hwat dúdlik wurden oer in minderhei sgroep dy't wy sûnt ús bernejierren oars net koene as de ivige forliezers.
| |
| |
|
|