Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 204] [p. 204] Hwannear giet de lêste boat nei Alcatraz (foar Richard Oakes) Hwannear giet de lêste boat nei Alcatraz? Ik hear de misthoarnen en de iensume mokken. Hwa is skipper fan dy lekke tobbe, de ‘Broken Treaty’, en hokfor minsken tromje en sjonge nou op dy skyldpod? It wurdt hjir tsjusterder, yn dizze bosk. Hja bisykje my to fortellen dat myn broer dea is. Ik laitsje en myn laitsjen wjerkeatst, tusken dizze redwoods wyls myn ynderlik ljocht dertroch brutsen wurdt. Ik laitsje en laitsje en hear in pistoalskot, it is in losse stien dy't falt fan it klif fan Alcatraz. In ienlike bear rint oer de biboske bergen fan Pomo-lân, fan Pit River-lân. In greate bear, hwaens lilkens soms in ierdbeving fan freonlike tonger wurdt. Hwannear sil it lêste fordrach skreaun wurde? It is tsien tellen foar Amerika, 1976 It wurdt jimmeroan tsjusterder as de loft-earn syn greate flerken oer de sliep fan myn broer teart, It is winter en de gletsjers glydzje op de stêdden ta. De havens frieze ticht en de sleep - boat ‘Good Citizen’ sit yn'e falle tusken Alcatraz en mythe. It is kâld en sels de temperatuer fan it ûnthâld giet stadiger [pagina 205] [p. 205] De azem fan dy ienlike bear snúft lûd tusken de hege redwoods. Hwannear giet de lêste boat nei Alcatraz? (It wie sa kâld en wiet, der wie sa'n bytsje to iten, it laitsjen fan de bern. De mist dêr bringe wy ús noch to binnen. Wy boarten skaedspultsjes. Tichte by de waermens fan it fjûr de strakke need fan de tromme en ús eigen need - in waermte fan dounsjen.) Sokke frjemde fisioenen op dy rots. Hea, ja, dit binne dan einlings triennen. Der waerd my sein om nea wer dy namme to neamen, en om fan oare eilânnen to dreamen, ynsté derfan dream ik fan in bear dy't net ienlik is, mar dy't stadich en swier dounset. Myn broer, Stands Tall is syn namme, wy winskje nou dat syn reis yn frede wêze sil. desimber 1972. Vorige Volgende