Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 201] [p. 201] Fisioenen op Alcatraz Boaten fan 'e kustwacht farre om it eilân hinne helikopters fan it leger sweevje der boppe as gieren en dat neamt men nou de Amerikaenske Militaire ‘Meltingpot’ mei syn Frijdom en syn Rjocht. De bern binne wûndere skepsels as hja oer de betonflakten drave, it binne de jonge earnen fan in Yndiaenske takomst it binne de bern fan alle stammen, hjir op Alcatraz. De autoriteiten fan it regear sitte ûngemaklik, harren earen wurde read as se sjogge dat in mem, dy't de wurden oer de takomst fan har bern hearre wol, har poppe drinke lit. Der komt in skip fol minsken oan: Navaho, Sioux, Hoopa, Pomo, harren geast, herte, eagen en fuotten kinne útrêste op dizze mienskiplike groun. San Francisco is sa tichteby, fertikale bitinksels brekke troch de roune heuvels hinne, heldere ljochten en lûden en luchten fan bidjêr driuwe nei dit Skyldpodeilân ta. Fakânsjeboaten swermje deunby om ûs hinne: wapperjende seilen en wyn en stimmen. Tim sjocht dat blanke formaek ris oer en seit: ‘Eartiids sieten wy dêr.’ In oarlochsskip komt der hurd oanfarren, in straeljager gûlt syn mechanyske grime út; as kano's fan útholle beammen en bjirkebast oer it wetter glydzje skreauwe de sniefûgels net fan lilkens. Der binne oeral stielen brêgen om dizze baei hinne dy't lân mei in bumper oan bumper-pine forbine mei oar lân, de dreamen op Alcatraz geane oer in oare brêge, hja binne makke fan sinneljocht en sêfte stimmen. [pagina 202] [p. 202] Us heit jage op 'e greate mammoet, en ik bin noch mar fiifhûndert jier âld, ik kin my noch it bloed fan Montezuma en it gûlen fan Wounded Knee to binnen bringe. En ik bin noch mar fiifhûndert jier âld ik waerd juster noch opjage oer de Trail of Tears, en wol hûndert Sand Creek's streame troch de ieren dy't myn Yndiaenske hert fuorret, En ik bin noch mar fiifhûndert jier âld en myn dream bigjint nou pas, wyls de trommen fan Alcatraz troch myn geast bounzje, en alleman in raeidouns dounset. En ús Mem lerde is in roune douns en alle stjerren omsirkelje ús dreamen fan earnen en de bern fan Alcatraz drave en boartsje en ik bin bliid dat ik in jongfeint fan noch mar fiifhûndert jier bin. [pagina 203] [p. 203] Vorige Volgende