Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 200] [p. 200] Alcatraz Wyls de wjerljocht ynslacht yn de Golden Gate en it fjûr troch de strjitten fan de stêd dounset snottert in Navaho-bern om it lûken fan it tij en Sioux en Cheyenne dounsje dimmen oer de groun. Moarn dounset mei yn it hert fan myn skaed en in stam is in eilân, en in stam is in eilân, en silhouetten binne de Katchina-dounsers fan myn prachtige folk. Hert en himel en geast binne skreaun yn de libbensomgong fan in tromme en in stam is in eilân, foar ivich, wy hawwe altyd in eilân west. As wy ús dreamen oer earnen sliepe, is in stam in eilân en in stam is in folk yn de ivichheit fan Coyote syn berch nov. 1969 Vorige Volgende