Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 195] [p. 195] De fluitspiler mei de roune rêch wy: Alle tinzen en eagen en longerjende fingers hawwe de fluit krigen en de bitsjoening de teisters dy't huverje as in triljende fraech en de eagen o, dy eagen as fan in rank hart hoeden, tsjep, en foar oaren in tuorre in krobbe, in rjochtoprinner, in ienling stien foar stien foar ús forlern rekke yn rûmte/tiid troch ús werom foun en toplak set yn it dreamen. Yn stien en yn sulver getten noch triljende mei jade bipunte teisters de obsidiaen swarte eagen dy't ús eigen leave eagen wjerkeatse en dy't in glimk efter de fluit hâlde in toan in skerp kristal dat in ynderlik wjerklinke lit dat ynkringt yn de tromme fan de geast getten yn stien en yn sulver hingers fan tinken wurde pake wurde in ienling dy't skûlet tusken skaden [pagina 196] [p. 196] wy: Rêste op ús dré ûntspannen mei ús bult op'e stien op'e groun de toan nei de loft de fluit wysels, wy... (Stop! hwant krekt nou komme dêrboppe wolken opsetten en ûnder ús fuotten fiele wy tonger de loft is forbolgen ik dûk yninoar boppe it pepier it potlead ré de skouders roungear ik wachtsje op rein it wurdt jit tsjusterder en it tongeret hjir rjocht boppe my en nou falle de grouwe spatten yn de swier delkommende iere middei it wurdt tsjuster en ik huverje nou't de tonger ynienen hjir boppe my kreaket de rein wurdt swierder en de wyn boazet oan blêdden wurde ôfskuord fan beammen rintfear en sumac dounsje en huverje fan it golfplaten dak hjirneist wurdt eltse ribbel in hurdstreamende rivier wetterfallend nei puollen dy't ynienen ûntstean gêrs wurdt tsjin'e groun bûgd marren en sompen keare dan ynienen wer ta droege ierde Dêrom werom nei) [pagina 197] [p. 197] wy: Rêste op ús dré untspannen mei ús bult op'e stien op'e groun de toan nei de loft de fluit wysels, wy, alle sij-en dy't wy binne meitsje frjemde obstakels dy't wy leafst kunst neame forbjustere troch ús eigen talint. Pausearje hjir. Ik biskogje fan nijs de bult. en tink mysels werom nei in swit-hutte. Fuort, wy, wysels, foar dit stuit. De bult is leechte swartens neatigens rûmte oerstallich oerrinnend bûtenwêzen swartens, it is rattel en wettertromme de bult is de boaijem fan de welle is de kearn fan de ierde is de skerte fan de skepping is fel is spand flues is slach-fet, fulkaen nova swart gat yn'e rûmte rûmte is rûmte is fakuüm-sûger, it lûken fan it tij is de bult fan de fluitspiler yn skidrow-merica-street in fiif-gallon kanne boun op syn rêch folle mei neat, [pagina 198] [p. 198] hy is samler fan net winske dreamen, fan lytse pakjes nachtmerjes bihindige pakjes mei freze mei hate mei langstme lytse pakjes kreas tichtboun mei sine en hjir en dêr oer syn hiele lichem fêstboun syn fel kreas trochboarre (hy bliedt dochs nea). fannijs, allegear: de toan fan'e fluit iensumens oantinken fleis foar nimmen trageedzje fan it selsbigreatsjen. De bult is de rattel is it fet is it wekker wêzen is wekker wurde en de bult oer de stien wriuwe is groun ûnder de fuotten fiele woartel ranken fêstichheit wol men en ynsté dêrfan fynt men alwer in twifel oan jinsels (Coyote waerd oan'e groun fêstmakke mei learne rimen en ynsleine stokken sjonge, tocht er, sjonge jonge. Ja, ik bin oan'e groun fêstneile sjonge jonge, tocht er wyls er dêr stie en delseach op himsels hwant witte jo Coyote is makke fan tover, dat tocht Coyote, en fierder tocht er, en hy krige bigreatsjen [pagina 199] [p. 199] mei dizze skriuwer fan fantasy sjonge, tocht Coyote fan nijs, as hy net iens efter de wurden tinke kin soks wurdt my to slim tink ik, hoewol, ik kin my eins gjin fluit skele). wy: Wyls ik de toan fan it lûd opskriuw mei in potlead meitsje ik in ein oan dit spesjale stik en klaei my neaken út om de rivier yn to gean rivier sûnder ein rivier sa stadich rivier foar altyd part fan de omgong ik dûk yn dyn stream. Onen Vorige Volgende