[Nummer 4]
Peter Blue Cloud
Ynlieding
‘It giet de kunst fan de oarspronklike biwenners fan it Skyldpodeilân (Amearika) tige foar de wyn. Us talrike stammen en naesjes hawwe in hiel soad goede dichters en skriuwers opsmiten. Wy geane troch mei de tradysje fan it fortellen fan forhalen.
‘Leginden wurde makke en lieten berne om foar ivich om in mar hinne yn 'e woastyn to bistean. Wolf en Coyote binne de libbene wjerlûden fan de berch en wy binne de bern. Wynhoazen rinne by rjochtopsteande ljedders op en del en wjerljocht is de dounsjende geast-stoarm, dy't berne waerd út tongertrommen. Earn sil ús bern biskermje. Coyote ken men as in Skepper dy't foar gek spilet.
‘Ule bisiket fan de dea to sprekken. De heimsinnige hoale dy't fiert nei de mage fan de berch krôket faken forskriklike holle lûden fan swart obsidiaen út. De mar siedt en greate weagen wûrde sûnder wyn berne.
‘Mar de kalmte komt altyd werom en al dizze dingen binne skreaun op de muorren fan grotten of skildere op in fel.
‘De minsken knoopje harren netten en in kûgel gûlt efter in skaed yn in canyon oan. In sang, in douns, in feestmiel; de lucht foar in Skepper-geast fan minsken dy't altyd bistean sille.
‘En dit moat fêstlein wurde op stien, op bonke, op fel of hout, of skildersdoek, of op papier, as in sied om geast-fisioenen to meitsjen yn in stjerrende tiid.
‘In gedicht is op syn eigen wize in liet of in boadskip oer de Skepping. Alle dingen steane yn wikselwurking mei inoar: de berte fan in bern, de bou fan in hûs, it biplantsjen fan in tún; dit binne hieltyd wer lytse nije bigjinnen, fornijingen yn de omgong fan it libben.