Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 175] [p. 175] Goos van der Vliet Ien fan'e knyntsjedagen och dy dei mei dy by see, it is sa fier fier fuort no, lykas doe dat boatsje oan'e kym hoe't ik ek wiisde, myn finger trille amper, ik sei: sjoch in boatsje ik stiek it hast midstwa, it sonk en do hiest it wer net sjoen fansels mar goed, de sinne skynde net dy deis, wy spilen wat moai waar mei tút en teken, ôfwaaid praat wylst de weagen stikken brieken op it sân, dêr't wy tegearre boarte hiene foar it earst en foar it lêst en noch in kear hiene wy mar omsjoen, of foarút hoe't ús printen der stadich ûnder strûpten wy hiene ommers doe noch withoefolle nije meitsje kind [pagina 176] [p. 176] Maitiid foar L.H. by syn santichste jierdei ek dy âlde beam krijt wol wer nije biêden: knoppen by de rûs! Vorige Volgende