Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 170] [p. 170] Lamkje van der Goot (Út 'e hjerstsyklus ‘Hjerstreach’) Lêste fersen fan Lamkje Âlde man hy wifket eefkes, sil er oerstekke lofts en rjochts fljocht drok forkear hjir brûzet libben oer rounwegen hy forwideret him stapke foar stapke fan dit fan libben omklamme sintrum ienkear oer gappet er syn toskeleazens bleat tusken de kaken inkeld it loaze lûd fan klaksons dan hifket er syn hoed en draeit him om siket syn bistimming by wize fan lêste groet [pagina 171] [p. 171] Keppel rounten en wer wer is der ien it middelpunt fan alle punten fan 'e sirkel it iensumst [pagina 172] [p. 172] Marter bilust op proai noas oant kûnt in marter strúnt frij fan birop in weezling sels, by't minste ûnrie fuort mar hwat er oankin is forskuord it fûlste rôfdier slûpt yn 't djûrste bûnt [pagina 173] [p. 173] Iisblom âlde frou: iisblom op in rût lêste heevjen fan broas bigroede hannen de winter yn âlde frou: oergong fan bistean fanselssprekkend forstjerrend libben en dea op elkoar werom fallend [pagina 174] [p. 174] Skuorren kom en hear de núnders fan 'e hjerst allike ûnbigryplik as dit fers bitaest de barrels fan dyn spegelbyld: dyn deabigroede fingerseinen de nerven troch dyn winterlippen en sjoch de skuorren rinnen troch dy en dyn yllúzjes Vorige Volgende