Hoewol't ik fuort oanstriid hie de pinne to gripen -Huismans wurk trunet de taskôger oan, it aktivearret- rekke it yn'e gielguorde omt syn wurk ek, en binammen, ta tinken oanset.
By de twa al neamde moetingen mei it wurk fan Huisman is einlik in persoanlike kommen op 28 maert 1978, doe't ik in hiele middei by him sitten haw, en hy myforduldich nochrisdepintekeningen en syn, meast nije, skilderijën sjen liet yn in omjowing dy't net maklik to forjitten is. Huisman wennet namtlik yn Hjelbeam op in boerepleatske mei alle opstapkes, bêdsté's, hoeken en harnen, dy't yn soksoarte âlde wenten pliigje to sitten. Oeral hat er syn wurk opslein. Hy forkeapet neat al wurde him astronomyske bidragen bean. Ut djippe kasten dêr't er sels ek mei hûd en hier yn fordwynt, komt er mei syn wurk foar 't ljocht. Kostber wurk dat oeral wei tsjoend en gûchle liket to wurden. Jopy Huisman, mei en sûnder bril, in wûnderlike krusing fan respektyflik Tetman de Vries en E.B. Folkertsma. Yn'e wenkeamer tusken in skat oan antyk hinget in selsportret: hy draeit in sjekje, sjocht hwat foardel, hat lak oan konfeksje en konvinsje, hy identifisearret him mei syn fodden en âld izer, yn djipste nedrichheit pleatst er himsels tusken de neatichheden dêr't er syn deistich brea mei fortsjinnet. Krekt troch dy identifikaesje fan 'e fodden en harren keapman, ûntstiet der in soarte fan forfrjemdingseffekt op 'e taskôger: de persoan en syn omjowing komme beide better út'e ferve, yn'e dûbelde bitsjutting fan it wurd.
Rjocht foar dit selsportret oer hinget in portret fan Huisman syn heit. Nei myn smaek ien fan'e moaiste skilderijën út de hiele kolleksje. It gesicht fan de heit bliuwt jin by: der is wrot en lit, de ein is yn sicht, de eagen steane helder en tinke nei. Skilderijën fan de heit en de soan foar elkoarren oer as inoarrens pendant. Gjin generaesjekleau, né, in tiidleaze útwikseling fan elkoarrens blikken fan doek ta doek. De heit hifket, de soan hat leaf. De mem, ôfbylde yn in folle lytser formaet, sjocht fansiden, dat liket genôch.
Hoe fier de ôfbylde foarwurpen der ek fanôf lykje to stean, by Huisman bliuwt de klam lizzen op de minske d.w.s. de persoan dy't mei it foarwurp anneks west hat: de eigner fan 'e fodden, fan it âldizer, fan in hinnehok dêr't in gat yn ticht makke is mei in skroat dêr't ‘onbewoonbaar verklaarde woning’ op skildere stiet -gjin grapke fan Huisman mar fan de realiteit-, de dragers fan skuon en klean. It wurk fan Huisman kin wier wol fan geniete wurde as men gjin inkeld forbân lizze wol bûten de ôfbylding om, mar it noeget der ta út om dy forbannen to lizzen. Yn syn wurk is Huisman namtlik in forteller, in skriuwer dy't ynsté fan de pinne it pinseel brûkt. Sa bisjoen is Huisman in literair skilder. Paradoksael miskien, mar troch dy ekstra diminsje trêddet Huismans wurk oer de grinzen fan har autonimiteit. De styl fan tekenjen en skilderjen nei '70 is ‘fotografysk-realistysk’: in genre dat fuortkaem is út 'e popart, oerwaeid út Amerika. Foarm en ynhâld fan it objekt komme troch de presisy fan werjefte, forsterke nei foaren. De stofútdrukking is faken skerper as dy fan in foto. Huisman hat dit genre net socht, hy giet syn eigen gong. Men wol him earne ûnder biflappe, mar dan noch is hwat Huisman docht in fariant fan dit genre.