Trotwaer. Jaargang 10
(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 151]
| |
[pagina 152]
| |
2.
ach godferdomme
hwêrom adri
safolle kloaten ommers
ach godferdomme
dy lytse bern
en betsy
ach godferdomme
| |
[pagina 153]
| |
3.
it moast in kear komme
sa bang sa bang
laken wy dan
mar nou al
in oar hûs yn Wehe
wer in boerelul wurde
wer in krisis foarby
en nou dit
hwa moat dyn postsegels nou ha
| |
[pagina 154]
| |
4.
noartsk, koart, skerp
dat wie adri ek
mar sa'n bytsje mar
mear skieppetsiis
‘wite watten wêze’
hwerom net wachte
mei ús
sa iensum nou
| |
[pagina 155]
| |
5.
flokken jowt ek neat
neat jowt
neat
‘dyn tiid bringt noch wol skoft’
de wiisbeer fyntsjes seit
ach wit ik wol
mar hy wie noch gjin tachtich!
trille syn hân?
in slymdrip yn it burd?
dy moaije kop
dy rjochte noas
in mûts sa proastich
op it hier
is stil
is kâld
en sprekt gjin wurd
| |
[pagina 156]
| |
6.
fyftich sollicitanten
foar dyn stoel
draeijde it net sûnder dy?
de tiid is to hurd
hwêr bigryp to finen
in god meitsje?
ratio ratio
treast fan in wierheit fan twivel
eangst fan wissichheit
beethoven yn maximum volume
| |
[pagina 157]
| |
7.
it is de stoffearing
fan myn wrâld
adri
hwêr't ik oer praet
de ôfbraek bigoun
| |
[pagina 158]
| |
8.
perpetuum mobile
dat is it net to brekken ritme
fan stof nei stof
sels dyn skerpe geast
in mutaesje
weismiten energy
mar net forlern
forlern giest nea adri:
der is gjin himel
bondelje dyn tinzen
skriuw dyn namme
bou in mythe
of siedzje:
oare mutaesjes
wiest ek origineel
ek net uniek
| |
[pagina 159]
| |
9.
litte wy adri forjitte
gûle, skrieme, flokke
en dan forjitte
âld en nij fiere as 77
plannen meitsje
in doctortitel helje
oh ja adri
tjaa
archeologie is net ús fak
| |
[pagina 160]
| |
10.
wurden drippe net
ik praet my by dy wei
to hurd foar drippen
dach adri
ek sûnder moaije wurden
fan dy ôf
dat lit mar
allinnich
dach adri
moi
| |
[pagina 161]
| |
11.
as de sinne mar net skynt
as it mar reint
forbrek my net!
floitsje yn mineur
ûnforskillich dwaen
kwetse, synysk gnyskje
stientsjes skoppe
spul spylje
ôfkuolje en forhurdzje
filosofysk dwaen
(ook gij joggum!)
en letter
genietsje fan in koarnfjild
piken útbriede
en wille
| |
[pagina 162]
| |
12.
hwa is net adri
sjongend en gûlend
de iene foet foar d'oare
in tild bilêns
to forjltten tiid
tiid libbet net
wurdt tibbe
as adri
en forgetten
ek in adri
ik
Baffelt 15/16 jan. 1978
|
|