Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 101] [p. 101] Eppie Dam Skyrinders yn Eastenryks lânskip syn bergen steane dêr't hja steane en in sliepmûts op fan ivich wite snie syn streamen streame nearne hinne as nei âlde lichten dêr't al wetter wie dize spant syn fluezen oer de mar syn beammen bliuwe der't hja binne syn tûken wiuwe hwat hja kinne oars as wiuwe nei inoar syn twifels binne neat as wissichheit dat alles is hwat wurdt en wie dat lei hwat leit en stiet hwat stie - hjir helje har gerak dy't rêst ha wolle en lêst ha fan 'e holle en fêst stean seker wite dat har wurden nea in tombré wike hwant hjir stie troch de ieuwen hinne alles al to plak - smoutte hâldt ta yn syn dellen har fragen sykje biskûl yn stiltme blinkend forspringe as forellen de ûren dy't har dagen telle [pagina 102] [p. 102] Reedriders op 'e Tsjûkemar winter mei dan wol in eachweid fier mar reid omkrânzget har gedachten de wrâid is hjoed in kladde op 'e kaert wiene it kabouters? hwat timmerfolk sloech hjir tomûk in flier fan trije nachten iis as souder boppe alle twifel kening winter! faksistyske fakidioat mei krystman sinteklaes de âlde triarchy fan desimber hy jowt har leauwe foet de sloppe ankels feste groun - hja steane op skerp en streekjend krije hja skrep op iis dat hâldt sa lang it duorret froast fiksearret de fiksje dat it iene wurd it oare seit en alles der sa hinne leit - hja gliidzje en komme op gleed mar sjogge net de wolken as fûsten op 'e krûmte fan har rêgen en witte net dat lytser en lytser har postueren tusken himel en iis streekje en op 't lêst forswine en witte neat fan wjekken ôf dy't ien kear gapje en forsline [pagina 103] [p. 103] Plattegroun fan Stienwyk doe it koe noch biheinder mei muorren as einder: de sted - de stêd as in rots yn 'e smots fan har twifel de stêd as in wjek yn it ûngewisse de stêd de muorren en it gelyk oan har kant de godgânske wrald húsmanne yn it biwald fan tichtknypte hannen fan harsens fortocht yn har panne de sted it libben biheind ta syn grinzen en hertslach finzen achter de ribben frede wie in fûstfol wissichheit - nou noch sawnris om de muorren hinne: de stêd in steed yn it weak fan 'e hals in etterbult dy't bûcht en barst en brekt Vorige Volgende