Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 104] [p. 104] Oene Spoelstra Seis cellosuites fan Bach Die 6 Suiten für Violoncello solo BWV 1007-1012 Henry Honegger, violoncello Cello dat brúnglânzgjend liif hurder aloan en kleijend dounsjend as wetter sarabande fan snie myn ear leit syn wenstich patroan oan bannen en harket snijt justjes in snaer troch it hert sneed fan deagewoan wûnder dit lânskip in plaetsje mesyk Suite I-G dur op bistel sûnder stopplak fjirder rinne fan klank oer byld nei gefoel dûbelsnarich herhelling; flecht; - ik stút myn eagen trienwetter ûntkeart it forstân skruten biweech ik myn hân hokker gesicht fan juster of moarn dit mesyk lelt it wêzen bleat dit mesyk rint oer de dea hinne swartkleurich flewiel net minder as wit ik hwat kin net bineame dizze stadige streek, dizze rop leit syn hân om my hinne ik lit my ynmoedich nimme wit net hwerhinne Vorige Volgende