| |
| |
| |
Drs. Pieter Breuker
Literatuer yn sosiael perspektyf
Literatuur in sociaal perspektief.
Lezingen symposium YSF - 1974.
Priis: f 12.-/f 8,- foar stipers fan de YSF.
Yn april 1974 houd de Y(nteruniversitaire) S(túdzjerie) F(rysk) in symposium oer Literatuur in sociaal perspectief. Goed twa jier letter forskynden de trije lêzings fan it symposium - ûnder deselde titel - yn boekfoarm.
Yn 'e Verantwoording by it boekje skriuwt A. Feitsma û.m. dat de stúdzjekonferinsjes fan 'e YSF it doel hawwe ‘om nieuwere ontwikkelingen in de frisistiek te belichten en eventueel te stimuleren, en om de frisisten op de hoogte te brengen van de situatie in verwante taal- en literatuurgebieden. Dit laatste doel stond centraal op de konferentie van 1974.’ Sa bisjoen hat dy konferinsje grif fortuten dien, hwant literatuersosiology is yn Fryslân oant
| |
| |
nou ta hast neat oan dien: deselde Feitsma hat yn dit tydskrift twa artikels fan literair-sosiologyske aerd publisearre en op 'e YSF-stúdzjekonferinsje fan 1971 hat J. Goudsblom op 'e tekst west oer in literair-sosiologysk ûnderwerp. Alle trije artikels binnen tentatyf fan opset, sa't ek al út 'e titels bliken docht (A. Feitsma. ‘Oanrin ta in fryske literatuersosjology?’ Yn: Trotwaer 1970, nr. 7-8, pag. 1-8; Deselde. ‘Literatuersosjologyske fraechstellingen yn de fryske literatuer’. Yn: Trotwaer 1975, nr. 3, pag. 114-123, J. Goudsblom. ‘Problemen bij de sociologische studies van romans’. Yn: Stúdzjekonferinsje Frysk; 6 en 7 april 1971 to Grins, pag. 32-47) Literatur in sociaal perspektief bigint by wize fan ynlieding mei in Kader en probleemstelling (dêr't ik noch op werom komme sil) en mei in koart oersjoch fan De Friese streekliteratuur van de 19de eeuw, beide fan A. Feitsma. Dan komme de trije lêzings, dy't ik yn folchoarder fan ôfprintsjen op forsyk fan 'e redaksje fan Trotwaer nou bisprekke sil.
| |
1) H. Entjes. Oostnederlandse streektaalliteratuur tussen toen en nu
De lêzing fan Entjes bislacht - de bylage, dy't út fjouwer gedichten fan Simon van Wattum bistiet, net meirekkene - njoggen siden. De earste sawn dêrfan, dy't foar likernôch ientredde part folle wurde mei it sitearjen fan twa gedichten, hat Entjes nedich om binammen it forskil yn status en brûkberens fan streektael (dialekt) en kultuertael út to lizzen. Oan 'e ein fan dat (relatyf fierstento) wiidweidige stik, dêr't de skriuwer net folle nijs yn wit to melden, konkludearret er dat der ‘geen principieel verschil (bestaat) tussen een volksdichter en een cultuurdichter’ (pag. 14).
Lang om let sit Entjes dan to set oer syn eigentlike ûnderwerp, dêr't er wol hwat mei oan wêze koe. Ik kin dat dúdlik meitsje oan 'e hân fan 'e titel fan syn foardracht: Oostnederlandse streektaalliteratuur tussen toen en nu.
Dy titel is de pretinsieuze kant it neist. De term ‘Oostnederlandse’ (dy't troch Entjes nearne omskreaun wurdt) is to rom: de skriuwer bringt allinne (in diel fan) de Twintske en Grinslanner streektaelliteratuer op it aljemint.
Ek it wurd ‘literatuur’ is net sa lokkich keazen. Fierwei it measte omtinken bisteget Entjes oan 'e poëzij, it proaza en it toaniel wurde allinne eefkes sydlings neamd. Hy forantwurdet dy kar net. Men kriget boppedat it idé, dat it him alderearst bigongen is om it bêste ▵ 'e Eastnederlânske poëzij; it twadderangs wurk hat er mar in bytsje each foar. Is Entjes hjirre (tusken de rigels troch) fan bitinken dat allinne de bêste skriuwers in (literair-sosiologysk) ûndersyk wurdich binne? De fraech oars hwerom't dichters as Cato Elderink en Simon van Wattum poëzij mei literaire wearde skreaun hawwe, jowt er gjin antwurd op. Hy bliuwt stykjen yn dizenige útspraken. In foarbyld Van Wattum syn poëzij seit er allinne dit fan: ‘De belangrijkste figuur, die uit de groep om 't Swieniegeltje overbleef, is de Groninger dichter Simon van Wattum. Hier zou ik mijn verhaal moeten
| |
| |
beëindigen. Simon van Wattum is hier aanwezig en hij is bereid uit zijn gedichten, de wat oudere en de allernieuwste, voor te lezen. Tegen zo'n onmiddellijke kennismaking met een dichter en zijn poëzie kan uiteraard geen inleider op’ (pag. 17). Trije rigels fierder wurdt Van Wattum noch ‘de schrijver van uitzonderlijke Groninger poëzie’ neamd. Dat is alles. Dêr hat de lêzer fansels neat oan. It hie nou krekt Entjes syn taak west om dy ‘uitzonderlijke Groninger poëzie’ to karakterisearjen.
It ‘toen en nu’ út 'e titel is likemin botte krekt, sa't Entjes oan 'e ein fan syn lêzing sels tajaen moat: ‘Toen en nu bestaan als tegenstelling alleen in de Groninger dialektliteratuur. De andere Oostnederlandse provincies zijn het “toen” nooit teboven gekomen, zij hebben althans geen “nu” bereikt’ (pag. 17). Slimmer is it dat Entjes yn syn biskriuwing fan 'e ûntjowing yn 'e Grinslanner dialektliteratuer de lêzer sitte lit mei net-wiermakke, ûndúdlike karakteristiken as: ‘eigen wegen’, ‘groei naar volwassenheid’, ‘leesbare gedichten en verhalen’, ‘speelbare toneelstukken’, ‘een van de meest begaafde Groninger prozaschrijvers’ en ‘het satirisch-kritische tijdschrift “Twijspaalk”, een uniek verschijnsel in de dialektliteratuur, die satyre en kritiek nog maar nauwelijks kent’ (pag. 16-17).
Entjes syn lêzing sjit lykwols foaral tokoart op it mêd fan 'e.... literatuer-sosiology. Wittende dat Feitsma yn it al earder neamde stikje Kader en probleemstelling sawn kritearia neamt dy't neffens har gaedlik binne foar literair-sosiologysk ûndersyk en wittende dat dy de dielnimmers oan it symposium fan tofoaren tastjûrd binne, fornuveret dat manko jin namstomear. It iennichste punt dêr't Entjes op yn giet, is de status fan 'e (streek-)tael, mar op dat stik fan saken bringt er - lykas al sein is - syn lêzers net folle nijs by. Of moatte wy oannimme dat er net folle ljocht sjoen hat yn dy sawn kritearia? Dat is fansels syn goed rjocht, mar dan hie de lêzer op in oare oanpak rekkenje meijen
Feitsma har punten fan ûndersyk bislaen oars mar in lyts stikje fan hwat der op it stuit yn 'e literatuersosiology geande is. Hja binne foar in net-ûnbilangryk part ûntliend oan Sociologie de la littérature fan R. Escarpit, in fortsjinwurdiger fan 'e ‘boargerlike’ rjochting yn 'e literatuersosiology, dy't him binammen útlein hat op in sosiologysk merkûndersyk fan 'e literatuer (dat fragen stelt as: hwat is it milieu, de opfieding en de status fan 'e skriuwer, hwa binne de lêzers, hoefolle eksimplaren wurde fan in bipaeld boek forkocht?). De ynhâld fan it boek, de literaire wearde, falt fierhinne bûten syn eachweid en ek by Feitsma is dêr net folle fan to fornimmen.
| |
2) Eugène van Itterbeek. Sociologische benadering van enkele typen van Vlaamse streekromans.
It materiael foar Van Itterbeek syn stúdzje wurdt foarme troch seis Flaemske (net Flaemsktalige!) ‘boerenromans of verhalen die in een
| |
| |
boerendorp spelen’ (pag. 19). De term ‘streekroman’ út 'e titel is dus hwat misliedend. It giet om Hard Labeur (1904, Rijmond Stijns), De Vlaschaard en Teleurgang van de Waterhoek (1907 resp. 1927, beide fan Stijn Streuvels), Boerenpsalm (1935, Felix Timmermans), Houtekiet (1940, Gerard Walschap) en De Metsiers (1951, Hugo Claus).
Van Itterbeek forset him tsjin R.F. Lissens syn opfetting fan ‘heimatliteratuur’. ‘Bij Lissens blijkt het begrip “heimat” nauw samen te hangen met een verhaalkunst die aan een aardrijkskundig vrij strak afgebakend gebied gebonden is’ (pag. 19). ‘Op Gezelle en Streuvels wenst hij het woord niet toe te passen, omdat hij hun kunst op een “hoger” vlak situeert’ (pag. 20). ‘Tengevolge van dit uitsluitend literaire standpunt ontbreekt bij Lissens het cultureel-anthropologische aspect van het heimat-begrip’ (pag. 20). Van Itterbeek wol de heimat as in ‘maatschappelijk-cultureel’ gegeven opfetsje, sadat er ek oare, ta de literatuer hearrende romans, bygelyks dy fan Streuvels, yn syn ûndersyk bihelje kin. Biskiedend yn dat ûndersyk is de fraech hokker rol it ‘territorium’ yn 'e boppeneamde seis romans spilet. Hy jowt dizze definysje fan territorium: ‘De “heimat” is dan het gebied waar een groep mensen beschutting en rust zoeken, waar ze door zichzelf te zijn tot actie kunnen komen in een wereld die voortdurend moet omgeschapen worden tot een leefbaar midden en waaraan ze aldus een eigen karakter of identiteit trachten te geven’ (pag. 20). Dy definysje hat er ûntliend oan Der territoriale Mensch; ein literaturanthropologischer Versuch zum Heimatphänomen, pag. 5, de dissertaesje fan 'e ynliedster fan 'e tredde lêzing, Ina-Maria Greverus.
Yn 'e folgjende tweintich siden skôget Van Itterbeek de seis romans. It is yn dit bistek fansels net mooglik en bisprek, lit stean bikritisearje, syn analyses. Om lykwols al hwat in yndruk to jaen fan 'e útkomsten dy't syn manier fan wurkjen opsmyt, jow ik syn wichtichste konklúzjes hjirûnder, yn sitaetfoarm. Ta bislút meitsje ik in stikmannich krityske opmerkings, binammen oer de methodologyske opset fan it artikel.
‘De zes hier besproken romans steunen op een gemeenschappelijke struktuur, waarvan het “territorium” of de streek het sleutelbegrip vormt. Tijdens de periode van een halve eeuw die we bestreken, onderging die struktuur verschillende, zelfs fundamentele wijzigingen’ (pag. 40). ‘Cultureel-anthropologisch bekeken ligt de beschreven ontwikkeling vervat in een spanningsveld waarvan Hard Labeur en De Metsiers de uiterste gebieden vormen. Beide verhalen geven een scherp beeld van de ontreddering in de Vlaamse agrarische gemeenschap: bij Stijns is ze van maatschappelijk-economische en bij Claus van religieus-filosofische aard. Bij Claus is de crisis fundamenteler(...). De ontreddering bij Streuvels (...) is niet fundamenteel, omdat het religieuze wereldbeeld en het eigenlijke “territorium” geen grondige wijziging ondergaan. Integendeel zelfs, het wereldbeeld wordt na het drama nog sterker bevestigd (...). Bij Streuvels speelt de ontreddering of de verandering zich af op het sociaal- | |
| |
psychologische vlak (...). Wijsgerig gebeurt er niets. Dat is nog meer het geval bij Felix Timmermans (...). Bij Gerard Walschap zitten de twijfels aan het waardenpatroon, waarop het traditionele agrarische “territorium” gevestigd is, veel dieper. Deze auteur tracht binnen het traditionele culturele raam een nieuw maatschappelijk haalbaar waardensysteem op te bouwen (...). In de vijftigjarige sociaal-culturele ontwikkeling, waarvan de behandelde werken de uitdrukking zijn, heeft de streekroman het besef doen rijpen van een geestelijke verandering in de Vlaamse samenleving. Dat besef of liever die functie van het verhaal legt uit hoe het persoonlijke aandeel van de schrijver in de uitbeelding van de wereld geleidelijk toenam (...). Ze (de seis romans) drukken uit hoe de Vlaamse mens sinds 1900 zijn territorium en de gemeenschap waarin hij leeft, ervaarde en hoe hij in
het zich steeds ontwikkelende wereldbestel ertoe gedwongen wordt naar nieuwe waarden te zoeken waarin hij zichzelf en zijn gemeenschap kan terugvinden’ (sitaten pag. 40-42).
Van Itterbeek syn opset om nei to gean hokker, letterlik eksistinsiële rol it territorium spilet yn (Flaemske) streekromans (út 'e njoggentjinde ieu), is grif fan bilang. It slagget de skriuwer om sjen to litten dat syn útgongspunt fruchtber is: hy kin dêrmei in biskate (en nijsgjirrige) ûntjowing biskriuwe. Boppedat - en dat achtsje ik noch wichtiger - is syn methoade ek brûkber foar oare literatueren. De Fryske boereroman yn 'e tweintichste ieu (to bigjinnen by De Hoara's fan Hastings) soe in gaedlik ûnderwerp fan ûndersyk en fan forliking mei de Flaemske situaesje wêze.
Dochs haw ik ek biswieren tsjin Van Itterbeek syn artikel. Hoewol 't syn stúdzje mar seis romans ▵ 'e pearioade fan 1904 oant en mei 1951 omfiemet, hat er it yn syn gearfetting oer ‘de ontreddering in de Vlaamse agrarische maatschappij’, ‘de Vlaamse samenleving’, ‘het collectieve culturele bewustzijn’ en ‘de echte Vlaamse streekliteratuur’ (pag. 41-42; kursivearrings fan my, PB). It liket my ta dat sokke generalisaesjes yn striid binne mei syn eklektyske wize fan bistudearjen.
Myn twadde biswier hinget dêrmei gear. Op side 21 skriuwt Van Itterbeek oer de kar fan syn materiael: ‘De romans die we in dit opstel bespreken, worden als hoogtepunten in de geschiedenis van de Vlaamse roman beschouwd’. Op 'e lêste side motivearret er dy kar sa: ‘De veranderingen die het model (fan 'e streekroman) ondergaat, van Stijns tot Claus, leren ons veel meer over de streekroman zelf en het collectieve culturele bewustzijn in Vlaanderen dan de zogenaamde literair minder belangrijke heimatliteratuur uit de literatuuroverzichten. Daarom aarzelen wij niet de in dit opstel besproken romans als de echte Vlaamse streekliteratuur te beschouwen’. Yn 'e lêste oanhael docht Van Itterbeek ymplisyt (en yn noat 9 eksplisyt) in birop op 'e Frânske marksistyske literatuersosiolooch Lucien Goldmann, dy't eins oars net as de wichtichste literaire wurken bistudearje wol, omdat allinne dêryn op in ‘cohérente’ manier de ‘vision du monde’, it wêzen fan it ‘collectief cultureel bewustzijn’ om mei Van
| |
| |
Itterbeek to praten, ta utering komt. Yn syn Le dieu caché; étude sur la vision tragique dans les Pensées de Pascal et dans le théâtre de Racine, pag. 349, seit Goldmann noch yn 'e foarm fan in stelling dat ‘toutes les oeuvres littéraires valables, sont cohérentes et expériment une vision du monde’, mar yn syn Pour une sociologie du roman, pag. 346-347, twivelt er datoangeande net mear. De skriuwers fan (heimat)-literatuer dy't net boppe de midsmjitte útstiket, sille nea by steat wêze om stal to jaen oan in gearhingjende wrâldvisy, lit stean dat hja meihelpe kinne soene om dy to foroarjen. Sa bisjoen is it bigryplik dat Van Itterbeek, útgeande fan hwat hý - en dus subjektyf - foar (literaire) hichtepunten oansjocht, oan 'e ein fan syn lêzing generalisearret. It liket my lykwols ta, dat neist de hichtepunten ek de twadderangswurken bistudearre wurde moatte om ta in sa folslein en bitrouber mooglik byld to kommen. Yn dit forbân soe miskien de stelling jilde kinne, dat de skriuwers fan twadderangs literatuer mear bisykje sille om in (min ofte mear) bitroubere ôfspegeling fan de werklikheit to jaen en om 'e status quo to hanthavenjen as har masterwurken produsearjende kollega's, dy't net allinne in koherinte visy op 'e wrâld ûnder wurden bringe, mar boppedat dy visy aloan wer foroarje, dy't dêrby foarop rinne en lieding jowe. As Goldmann gelyk ha soe, dan wie it net mooglik om op sinfolle wize in literatuer sûnder hichtepunten to bistudearjen. Hoe soe it der dan by stean mei de Fryske literatuer út 'e 19de ieu?
Myn tredde opmerking is in winsk oan Van Itterbeek syn adres. Hy konstruearret op basis fan syn seis romans in visy op ‘hoe de Vlaamse mens sinds 1900 zijn territorium en de gemeenschap waarin hij leeft, ervaarde en hoe hij in het zich steeds ontwikkelende wereldbestel ertoe gedwongen wordt naar nieuwe waarden te zoeken waarin hij zichzelf en zijn gemeenschap kan terugvinden’. It soe nijsgjirrich en needsaeklik wêze om nei to gean hokker byld oft der út it net-literaire materiael foar it ljocht komme soe. Sa'n ûndersyk soe tagelyk hwat oer de brûkberens fan Van Itterbeek syn methoade sizze.
| |
3) Ina-Maria Greverus. Heimatdichtung und Dialektdichtung in Deutschland
Krekt sa as Entjes skriuwt Greverus binammen oer de heimatpoëzij (dêr't hja ek ferskes ûnder biflapt). De titel fan har lêzing soe men út opmeitsje kinne, dat hja har dêrby ta Dútsklân biheint. Dat is net alhielendal it gefal: hoewol't hja har foaral op 'e Dútske heimatpoëzij útleit, sjocht hja ek wolris nei de Switserske en Eastenrykse situaesje.
Greverus bigjint har lêzing mei njoggen stellings, dy't - soms letterlik - werom to finen binne yn har hjirfoar al neamde dissertaesje. Dat jildt nammers foar folle mear. Om har lêzing, dy't net opfalt troch in heldere styl, goed neikomme to kinnen, is bistudearring fan har dissertaesje winsklik.
It is forliedlik om wiidweidich út 'e njoggen stellings to sitearjen, omdat
| |
| |
dy fuort al in goede yndruk jowe fan Greverus har opfetting oer heimatliteratuer yn Dútsklân. Om 'e romte sil ik mar twa hielendal oernimme. It bigryp ‘Heimat’ omskriuwt hja sa:
‘Heimat wird als Satisfaktionsraum der territorialen Bedürfnisse nach Identität, Sicherheit und aktiver Lebensgestaltung definiert’ (stelling 1, pag. 47).
De njoggende stelling giet oer it ramt dat Greverus needsaeklik achtet om heimatliteratuer to bistudearjen:
‘Das “heimatliche” Identifikationspotential von hochsprachlicher und mundartsprachlicher Dichtung muss analysiert werden aus der Perspektive
a) der historischen Entwicklung der Dichtung im Kontext politischer und pädagogischer Heimatinterpretationen,
b) der Fixierung von Wertorientierungen und
c) der situationsspezifischen subjektiven Bedeutsamkeit für den Produzenten und Konsumenten’ (pag. 48).
Utgeande fan dy trije perspektiven jowt Greverus yn 'e folgjende (goed 18 siden in oersjoch fan 'e Dútske, op 'e heimat bilutsen ‘Mundartdichtung’ yn 'e 19de en 20ste ieu. Ik sil by wize fan yllustraesje in greep út 'e (rike) ynhâld dwaen, mei as doel om sa in karakteristyk fan 'e heimatliteratuer to jaen.
Greverus set ûtein mei de (eudemonistysk rjochte) Aufklärung yn Switserlân, dy't it gewoane folk, dat in politike faktor fan bilang foarmet, opfiede wol: ‘Der Glückseligkeit des Menschen - im Sinne einer Zufriedenheit - durch Erziehung zur tugendhaften Bescheidung gilt der Einsatz aller Bemühungen’ (pag. 51). It dialekt, dat de rol fan nasionael symboal yn 'e striid tsjin 'e forfrjemding spilet, wurdt út patriottistyske oerwegings brûkt. Yn Dútsklân wiene de dialekten net gaedlik foar de rol fan helpmiddel by it foarmjen fan in nasionale ienheit en striidmiddel tsjin it frjemde; dy wie weilein foar de ‘deutsche Luthersprache’. By it uterjen fan ‘hegere’ gefoelens, lykas frijheitsleafde, eare, trou, plichtsbisef, iver, reedlikens, edelmoedigens en mienskipsgeast komt it dialekt likemin yn 'e bineaming.
Krekt-en-allyk as yn Switserlân moat it bigjin fan 'e Dútske streektaelliteratuer bisjoen wurde yn it ljocht fan 'e Aufklärung: ek hjirre wie it nei to stribjen doel ‘tofredenens’. Yn 'e sawnde stelling seit Greverus it sa: ‘Mundartdichtung ist Zufriedenheitslehre und Bejahung des kleinen irdischen Satisfaktionsraums und der bestehenden Ordnung. Die nostalgischen Elemente eines Rückblicks auf die “gute alte Zeit” werden dadurch nicht ausgeschlossen’ (pag. 48). It konservative karakter wurdt noch mear de klam op lein yn 'e fyfte stelling, dêr't Greverus skriuwt, dat ‘Der pädagogische und politische Anspruch von Heimatdichtung zielt auf Einordnung in eine traditionalistische, restaurative Gesellschaftsordnung
| |
| |
(kursivearring fan my, PB) (pag. 48). Dêr geane ôfwizing fan alles hwat frjemd is en oerwurdearring fan it eigene mei mank. Binypter kin it hast net.
De meast wêzentlike trek fan 'e heimatliteratuer, oant yn 'e 20ste ieu, is neffens de skriuwster de ‘moralisierend beschaulich-heitere Ton’ (pag. 52), dêr't hja de noch altiten fierder libjende geast fan 'e Aufklärung as oarsaek fan sjocht.
De skeppers fan 'e streektaelliteratuer wiene yn haedsaek dûmny's, pastoars en ûnderwizers, dy't harren pedagogyske opfettings binammen stal joegen yn 'e lyryk en it koarte forhael. In ‘ienfâldich’ en ‘soun’ libben is it optimistyske ideael.
Yn 'e 20ste ieu binne ‘Forschung, Pflege und Dichtung (...) eine Symbiose eingegangen’ (pag. 55). Nei de twadde wrâldoarloch wurdt fan boppen ôf bisocht om 'e skriuwers fan heimatliteratuer lekker to meitsjen foar aktuele en polityk wichtige thema's, ûnder it motto fan: ‘kein Schöntum’ en ‘nicht mehr nur Rückblick, keine Restauration’, mar dat mislearret: ‘Allerdings scheinen sich die Mundartdichter selbst gern politischer Akklamation zu entziehen und weiterhin das Nostalgisch-Retrospektive, das Geschaulich-Pädagogische und das Zufrieden-Humorige zu bevorzugen. Die populäre Mundartdichtung ist weit gehend “poesie fugitive” (...) geblieben’ (pag. 56-57). Op side 64 (en yn 'e achtste stelling) foeget Greverus dêr noch oan ta dat de populairens fan 'e streektaelliteratuer ‘im wesentlichen’ biheind is ta ‘den humorigen Anteil’. Oant safier in koarte gearfetting fan in pear haedsaken.
Myn oardiel oer Greverus har lêzing is posityf. Hja set de lêzer in knap oersjoch foar fan 'e Dútske heimatliteratuer út 'e 19de en 20ste ieu, al kin ik net bioardiele oft hja op genôch en hieltiten wer relevant materiael to seil giet. Greverus makket gjin ûnderskie tusken lektuer en literatuer, alles is brûkber. Miskien is it oandiel fan 'e poëzij hwat oerbiljochte. It hie wol nijsgjirrich west om Greverus har miening to hearren oer de takomstkânsen fan 'e heimatliteratuer. Oan 'e iene kant soe men sizze, dat dy net sa great binne, sjoen it nearzige byld hat út har stúdzje jin side yn side út oanstoarret, mar oan 'e oare kant is der de lêste jierren in sterke trek nei it plattelân, dy't al in protte falske romantyk - ek yn 'e skriuwerij - opsmiten hat.
Literatuur in sociaal perspektief is, nettsjinsteande myn krityk, in weardefolle bydrage ta de Frisistyk. It boekje biedt gâns materiael ta bistudearring fan 'e Fryske heimatliteratuer, al mei dy perfoarst net oer ien kaem skeard wurde mei de Eastnederlânske, Faemske of Dútske situaesje. Dat de trije lêzings nochal hwat útinoar rinne neffens bihannele tiidrek, thematyk en methodogy hat as foardiel dat men dêrtroch in aerdige oriëntaesje op it brede mêd fan 'e literatuersosiology kriget. ‘Definitive’ útspraken hoecht men by in noch jonge wittenskip dochs net op to rekkenjen.
Tsjalbert, novimber 1977
|
|