himsels in oardiel foarmje. Dy lêzer kin him fansels liede litte troch in min of mear fomeamd kritikus. Hy kin him der op wize litte dat der tael- en stylflaters yn in boek sitte, dat der ynderlike ynkonsekwmsjes yn foar komme, dat it boek sá net konsistint is, dat der ûntalitbere perspektyfwikselmgen pleats fine, dat der relaesjepatroanen binne, dat der plots binne dy't to ûnderskieden falle, dat er to krijen hat mei in auctoriale roman, en net mei in ik-roman of in personale roman. Dy kritikus kin him útlizze hwat der bidoeld wurdt mei bigripen as ‘implied author’ en ‘beliefs’. It bliuwe allegearre formele en technyske saken dy't allinne net in totaelwjerfarren en it totale wjerfarren fan in tekst opsmite kinne. Dat totale wjerfarren fan in kunstwurk lit him nea loskeppelje fan de totale sintúchlikheit fan it waernimmende subjekt en bliuwt dêrmei yn 'e groun fan 'e saek en yn lêste ynstânsje in subjektive oangelegenheit. Soks makket dat ik net botte motivearre bin om my út de liken to skriuwen oerin literatuerbineijering. Ik bin heech út forwûndere oer it feit dat ik om my hinne sjoch en lês figueren dy't boppe har stjerlikens bisykje út to stigen troch in theory oan to hingjen of to lansearjen dy't it (tydlike) oadium fan ûnstjerlikens meikrigen hat. Nochris, kritykfoarmen binne sa stjerlik as mar kin, it literaire wurk is ûnstjerlik. As biwiis foar dizze stelling fungearret de tiid dy't leart hoe relatyf moarn is hwat hjoed as absolút sjoen wurdt. Nim nou de literaire krityk fan foar de twadde wrâldkriich. Hoe dielt de Jong se yn en hoe bineamt er se, de hearen kritisi? In pear foarbylden:
Coster en Ter Braak: libbensskôgjende en ethyske kritici, Kloos en Binnendijk: esthetyske kritici, Kloos is in ekspressy-kritikus. It giet him om de fraech oft de feelings fan in skriuwer adekwaet útdrukt binne.
Binnendijk is in transformaesje - kritikus. Hoe wurde de feelings yn tael transformearre?
Nijhoff en Van Ostaijen wurde formaesje-kritici neamd. By harren stiet de foarm fan de tekst sintrael.
Nei de twade wrâldkriich ûntstiet de eksistinsje-filosofy. Fansels geane in tal literatuerkritici de boer der mei op, bg. Dubois en Dresden. Hoe en hwat docht en kiest de situasjoneel bipaelde mins? Dy fraech stiet foar harren sintrael.
Letter ûntstiet de s.n. Merlynrjochting fan in Fens, Jessurun d' Oliveira en J.J. Oversteegen.
Yn 'e jierren sechtich soargje studinte- en arbeidersbiwegingen der foar dat de krityk, of leaver literatuersosjoiogy marxistyk ynspirearre wurdt bg. Bert Brouwers en J.F. Vogelaar. Net allinne mear de tekst, binammen de reiaesje tusken tekst en sosjale en politike forskynsels krijt fan dizze rjochting omtinken. As der gjin relaesje is dan moat der ien makke wurde tusken dy beide.
De ‘close-reading autonomist’ hat plak makke foar de engaezjemint-opfetting of, mei in moaije term, foar in ‘referentiëel-sosjologyske’ bineijering.
It is sa al bitizend genôch yn it lân fan kritisi, de gaos komt aerst echt as de Jong it bigryp ‘vrije interpreten’ yntrodusearret. De Jong kin trouwens min dy wurdebrij to foaren wêze, hwant eltse kritikus dy't himsels respektearret hat ommers syn eigen oanpak.