Trotwaer. Jaargang 10
(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd1) It literaire wurk.In literair wurk is foar mij per definysje in stik tael. Tael is in systeem fan tekens dat brûkt wurdt foar kommunikaesje. Tael is net itselde as hwat kommunisearre, meidield, wurdt: dat lêste is eat net-talichs. Wij sizze ommers yn gewoane wurden faek dat tael kommunikaesjemiddel is: it doel is in mentale | |
[pagina 79]
| |
ynhâld, de bitsjutting. Fierders witte wij allegearre dat op forskillende (tael)wizen itselde sein wurde kin; tael en boadskip skine dus (oant op in hichte alteast) ûnôfhinklik fanelkoar to wêzen. Forlykje it feit dat ‘net’ yn it Frysk en it Nederlânsk forskillende bitsjuttingen ha, en ek dat ‘net’ yn it Frysk mear as ien bitsjutting hat. Dat in sprekker fan in tael der yn slagget om in selde mentale ynhâld as bij himsels ta stân to bringen bij syn taharker(s) troch it medium tael, is it bêste to forklearjen troch oan to nimmen dat de sprekkers fan in tael itselde taelsysteem bihearskje, aktyf en passyf. Mei it brûken fan it wurd itselde wol ik utersté net sizze dat der in tael bûten de hollen fan de sprekker bistean soe. Wurden as ‘it Frysk’, ‘it Nederlânsk’, soene hjir wol oanlieding ta jaen kinne. Lykwols, tael bistiet allinne yn de minske en ôfhinklik fan him. In útdrukking as ‘it Frysk’ moat dan ek op de neikommende wize forklearre wurde: ‘it Frysk’ is net ien tael, dy't troch in tal sprekkers brûkt wurdt, mar likefolle talen as der sprekkers binne, mei de bitingst dat al dy forskillende taelsystemen yn ai dy forskillende sprekkers lyksoartich binne. Mei sin siz ik hjir net fan identyk, omdat de ûnderfining ús leart dat net eltsenien deselde tael praet: men ken in persoan faek oan syn aparte styl fan praten. Oan de oare kant sil oan it reseptive ein fan de tael de lyksoartigens de identiteit moai nei-oan komme: in styl fan praten dy't je sels ûnmooglik neibauwe koene, kinne je dochs faek tige skoan neikomme. Gearfetsjend: in útdrukking as bijg. ‘it Frysk’ bitsjut dus oars neat as dat de taelsystemen fan in tal sprekkers tige opinoar lykje; yn wêzen bistiet ‘it Frysk’ dus net. As it Frysk dus net bistiet, mar der allinne taelsystemen yn persoan a, persoan b ensfh. binne, dan hat dat greate gefolgen foar de literatuer-theory. Hwant neffens deselde riddenearring as hjirboppe is der dus net bijg. ien ûnforoarlike Hoara's fan Hastings, opfette as stik tael, mar allinne in Hoara's yn lêzer a, lêzer b, ensfh., en allyksa is der dan net ien mentale ynhâld (bitsjutting, ynterpretaesje) fan de Hoara's, mar likefolle as der lêzers binne. It iennige hâldfêst is wer de ûnderstelling dat der yn dy beide getallen oerienkomsten binne, en wer siz ik net fan identiteit. Literaire kunstwurken binne faek skreaun yn in persoanlike tael, kompleks fan foarm en ynhâld, en neffens boppe-oanjowne opfetting fan tael kin it dan ek net oars of folsleine ienheit, d.w.s. identiteit, fan tael en bitsjutting bij al dy forskillende lêzers mei al dy forskillende acritergrounen is in fata morgana. Ik wol net sizze dat ienriedigens yn ynterpretaesje en ek yn weardeskatting altyd ûnbirikber is, mar al dat foaral yn mear komplekse wurken wij der foargoed rekken mei hâlde moatte dat folsleine ienriedigens fanwegen de aerd fan tael net yn de reden leit. Al soene wij it graech oars ha wolle, ik bin bang dat yn it gefal fan literaire wurken it heechste dat wij birikke kinne oardielen binne sa yn de trant fan: it hat in protte eigenskip dat, it leit yn de reden dat, it kin hast net oars of....., ensfh. Hwat de ynterpretaesje sels oanbilanget, en hwat dêr foar nedich is, noch ditte: der sil bisocht wurden moatte de tael fan it kunstwurk bleat to lizzen. Foar dat doel kinne wij gebrûk meitsje fan algemiene kennis oangeande de | |
[pagina 80]
| |
tael fan it wurk (bijg. kennis fan de gefoelswearde fan biskate wurden, de assosiaesjes dy't se oproppe, de forskate soarten fan formeel oant meast húslik taeleigen, ensfh.), de kulturele achtergroun dy't it wurk ûnderstelt of oantsjut, ensfh. En dy algemiene kennis dy't de lêzer foar hwa't boek ornearre is, hat, moat dan binutte wurde om datjinge to finen hweryn't it wurk him fan alle oare taeluteringen ûnderskiedt. Mei oare wurden: it wurk hat folslein unike eigenskippen dy't ûntdutsen wurde moatte troch de tael (struktuer) fan it wurk bleat to lizzen, in tael dy't yn alle getallen dy fan de lêzer wêze moat, wol fan kommunikaesje sprake wêze. It trochkringen ta it unike, d.w.s. dat dat slagje kin, moat grif forklearre wurde troch de ûnderstelling dat de lêzers, al sjogge se hjir eat dat se noch noait earder sjoen ha, ûtrist en wapene binne mei strategyen opdien bij taelgebrûk dat hja daelk bigriepen omdat it net unyk wie, strategyen dy't nou ynset wurde foar de ynterpretaesje fan it wurk dat nou dan foar har leit. Yn in wichtige, mear abstrakte sin is dus in wurk dat wierliken kommunisearret mei de lêzer net unyk: hoe soe oars ek sprake wêze kinne fan bigripen fan de lêzer! Gearfetsjend: it unike yn in wurk is neat oars as it unike gebrûk fan algemiene regels. Unnedich noch to sizzen dat de tael fan it wurk sels sintrael stean moat, en neat oars. Hwat de foarm oanbilanget: yn it earste plak kin ik forwize nei in artikel fan mij yn Trotwaer 1977-5. Yn it twadde plak: it boppesteande toant kleardernôch oan, tinkt mij, dat foarm ( = de taelstruktuer fan it wurk) en bitsjutting, ynhâld, of hwat dan ek, inoarren ûnderstelle, it iene stiet net los fan it oare. | |
2) De lêzers fan it bisprek.Ik leau dat ik dêr meast net oer neitink bij it skriuwen. Bij mij docht tink ik út de praktyk bliken dat ik mij rjochtsje ta lêzers dy't it bisprutsen boek sels ek lêzen ha, en ré binne yngeand oer it boek as literair wurk nei to tinken. Nou, dat lêste hâldt neffens mij yn dat sokke lêzers net alhiel ûnkundich binne fan literatuertheory, en dat hja boppedat net al to gau fan harren libbensoertsjûglike stik to bringen binne: hja binne net binaud it aventûr oan to gean dat elk wurk, en hooplik elk bisprek dêrfan, bij einsluten is. En fansels hat it medium, i.c. Trotwaer, wol hwat to krijen mei foarm en ynhâld fan myn bisprekken, omdat Trotwaer in biskaet lêzerspublyk ûnderstelt, en je je dochs altyd wol nei de lêzer rjochtsje Ik soe yn alle getallen foar in krante oars skriuwe. | |
3) It doel fan it bisprek.Ut 2) kin ôflaet wurde dat ik net yn it foarste plak oan in introduksje tink, mar helte earder oan in bihanneljen fan stoffe dy't de lêzer bikend is. Bij dy bihanneling komme bijg. problemen oan de oarder as ynterpretaesje, foarmprinsipe, en (neffens mij: dus) implisyt en faek ek eksplisyt it probleem fan de evaluaesje. Dat leste hoecht neffens mij net perfoarst wiidweidich: it is al wichtich genôch as fraechstikken as de earste twa bijg. op it aljemint komme. Evaluaesje is yn wêzen sa'n dreech probleem dat ien bisprekker, fral as er ien fan de earsten is, bileaven net tinke moat dat er nou al it lêste wurd sprekke | |
[pagina 81]
| |
kin. In fikse poarsje biskiedenens is hjir wol forlet fan. | |
4) Hwat is/wol literatuer?Ik leau dat it doel en de funksje fan literatuer de fornuvering is. De lêzer moat út syn dogmatyske slomme weihelle wurde en fan de ûneinige rykdom en it ivige forskaet fan de wrâld forsteld stean, literatuer hâldt him noait oan de biwende paden. Dêrom jowt it ek faek sa'n argewaesje, en dêrom is der bij skriuwersaltyd it bisykjen oare middels to finen, fornijing to bringen. In minske moat noait de wil(le) om de wrâld mei oare eagen to sjen forlieze. Dat is hwat literatuer wol. Hwat it is is in oare fraech. Myn útgongspunt is dat wij yn alle getallen bisykje moatte om út to finen hwat de foarmprinsipes foar literatuer binne, hwat dus suver formeel in stik tael ta in kunstwurk makket. Dêrbij moat net forgetten wurde dat funksje en formele middels (fan literatuer) net itselde is: in net literair wurk kin foar in great part deselde funksje ha as in literair wurk. Fierders soe bisocht wurde kinne om út to figelearjen hwat de ynhâldsprinsipes fan literatuer binne. It is allegearre fansels in útgongshypothese dat der sokke algemene prinsipes binne, en net in fêststeand feit. Sokke hypothesen birêste allinne op in oertsjûging. Sa'n oertsjûging is ek dat yn lêste opslach morael, ethyk en literatuer op in nausten gearhingje: ik kin net leauwe dat literatuer echt immoreel, ûnethysk wêze kin. Dan soe hja ûnminsklik wêze, en ik leau nou ienris dat literatuer en minsklikens alles mei-inoar to krijen hawwe. Dat literatuer faek immoreel en ûnethysk liket komt omt wij mar al to gau oanstriid ha om histoarysk groeide en boune ethyske bigjinsels to akseptearjen as de iennich jildige. Literatuer wol dêr boppe útstige en wize op de suvere, altyd jildende eask fan minsklikens: hja spegelet it stribjen om folslein minske to wêzen. |
|