‘vot elkenien fonsels vól vit’, mar lykegoed un teoretysk prinsype is.
De fraag fon de redaksje mat don ek, tinkt mij, sa lêzen vurre: is ut goed óm de téoretyske útgóngspunten fon de lêzers eksplysyt te maitsjen en yn diskusje te bringen, en eventúeel de eksplysyte téoretyske kennes út te vraidzjen? Mij tinkt fon ja.
Un resinsje mai dreeg vêze, os ur mar nijskjirreg is. Un resinsje soe lyke nijskjirreg vêze matte os un detectiveromon. Mun mat os resinsint net besykje óm de boel te fersimpeljen, dot vól seze: lyteratuer te popúlarysjerjen tróch dur un smeueg ferhaal fon te maitsjen oer de gaile sênes út ut bûk of de skrjower syn vrakseljen mai ut ljowe yn sintekristes.
2b. Ik ha ien of twa kear un resinsje fwar de RONO skrjowe mócht, en dû is dur un ain oan kómmen maidot ik gin mykrofoanstim hji. (Onsin fonsels, un oarenien hji de tekst vól lêze kinnen.) Ik soe, ljo ik, os ik ver mócht, gin ûnderskied maitsje; de RONO-resinsjes vurre ómmes letter ek printe.
Dur hûgt gin ûnderskied makke te vudden tusken resinsjes fwar un lyterêr tydskrift en dy fwar un kronte. Ut fait dot Trotwaer 500 abonees hat en de L.C. 80.000 vól net seze dot un resinsje yn de L.C. 160 kear sa ienfôdeg vêze mat. Hûfólle lêzers fon de L.C. lêze yndied un resinsje yn har kronte mai niget en belangstelling? Is dot fólle méár os 500?
Hûfólle kôns hat mun os resinsint, tróch ut skrjowen fon flotte en oerflakkege byologysjerjende ferhaaltsjes, de lêzers óp un doer ta viere lyteratuerleafhavvers óp te fieden?
En, mócht mun óp un doer ol inkele lêzers vier yntresjerje fwar lyteratuer, hûfólle skea hat mun don tróch juns oerflakkege ferhaaltsjes de lyteratuer os geheel ol tabrocht?
Ienfôdeg, dúdlek en helder skrjowe, net tefólle frjemde vudden brûkke, faktermen ferkljerje - akoat. Mar mun mat gin strónt fwar sytroenen ferkeapje.
3. Ut doel fon ut besprek is óm juns vedjerring fon ut vurk óp grûn fon un ynterpretaasje te jan. Ut bûk spuit jun óp ut festje, of lûkt jun oan de maue of skópt jun ûnder de kónt, en ut is perfwast net genôch óm inkeld mar te ynterpretjerjen, dot vól seze: technysk te ómskrjowen hût sóks yn syn vurken gjit. Nee, mun mat ek fertelle hût sóks oankómt, of hût sóks fielt. Un bûk is net un suetsje, mar un ding dot réaksjes úthelje vól.
De yntroduksje fon un vurk kin yn de regel yn de ynterpretaasje beflapt vurre. Ik ljo dot ut oerstolleg is óm fwart mun mai ut aigentleke besprekken begint east kwatte ynhôden te jan.
Ja fonsels, gwón resinsinten jaue inkeld kwatte ynhôden mai vot keuteleg praat durómhinne.
4. Dur binne safólle soaten lyteratuer, is ut net vier? Fwar de ferdyvedaasje, fwar de stichting, fwar de aktyvjerring en fwar ut delbêdzjen. Kin dot ollegjerre ûnder ien neamer brocht vurre?