Der binne skriuwers dy't foar alles in literair forantwurde skepping presintearje wolle en dêrfoar de werklikheit fan it deistich bistean oangripe (‘hwant it moat dochs erges oer gean’), en der binne skriuwers dy't foar alles dy werklikheit etalearje wolle en dêrfoar de literatuer brûke (‘hwant it moat dochs erges stâl krije’),. Hielendal kompleks wurdt it as in skriuwer teffens bisprekker wurdt en gear moat oer it skriuwen fan oare skriuwers.
Lykwols komt alles gear yn de fraech: hwat wolle wy mei de literatuer? Doel op himsels? As middel ta wit-ik-hwat. Beide, hwant ien dy't skriuwe kin moat fyzje ha, en ien dy't fyzje hat moat skriuwe kinne. Winlik is der gjin tsjinstelling, goed, mar as dat sa is, dan moat soks gefolgen ha foar de bisprekker. Dan kin er him net bêst alhiel op it literaire wurk smite, hwant literatuer is mear as literatuer allinne. L'artpour l'art’ mar ûndertusken.
Ik bin al sadanich op 'e saken foarútroun dat it net ien mear nuver oanfalle sil as ik siz, dat ik net foar de folle 100 persint achter myn útgongspunt stean. Dat ik lykwols al fan doel bin en arbeidzje der foarearst fierder út fuort, sit him hjiryn, dat ik as de dead bin foar de gefaren fan dy oare oanpak, dêr't skriuwer en bidoeling ek omtinken krije. It greatste gefaer is dat bûtenliteraire kritearia it oardiel oer it literaire wurk bipale kinne. Dat kin likegoed posityf as négatyf. Wurdearring foar in tsjokke roman, dy't de skriuwer hielendal mei ien hân úttikje moast, om 't er de oare forspile oan 'e elektryske blekkendekker hageskjirre. Gjin wurdearring foar in bondel leafdesfersen fan in skriuwer, dy't, hwant dat wie bikend, syn wiif elke dei foar de bleate kont jowt en har alle bonken al in kear brutsen hat. In bisprekker dy't de persoan fan 'e skriuwer derby hellet kin, tinkt my, syn eigen persoan der net bûten hâlde. Hwant as dy bisprekker alle wiken de liguster byhâldt en syn wyfke alle jounen bisieddet mei lytse leave tútsjes hjir en dêr, dan rekket it literaire wurk dêr't er oer gear moat al gau bûten it eachweid. Hoe sil in prinsipjele heterofyl dan noch in literair wurk fan in homofile skriuwer (literair) bisprekke kinne. Hwa't him bijowt yn bûten-literaire saken kin hiel maklik de wei nei it literaire wurk blokkearje, en dan kin der net mear praet wurde fan in literair-kritysk bisprek. Dan wurdt der riddenearre fan de skriuwer út nei it wurk ta, of, noch slimmer, fan de bisprekker út nei it wurk ta.
Oarsom kin it ek noch. In bisprekker dy't hwat kunde hat oan de skriuwer kin op groun fan it literaire wurk noch mear to witten komme fan dy skriuwer, mient er. Bygelyks: Ik skriuw in forhael oer in ûnderwizeres dy't har op in doarpke yn 'e kost bisteld hat by in widdou. It minske bimuoit har oeral mei en de ûnderwizeres fielt har opsluten. De bisprekker lêst, wit dat ik ûnderwizer bin en yn 'e kost west ha, en konkludearret dat it my dêr pûrmin foldien hat. Of yn oare getallen, fan it wurk út nei de skriuwer ta: In skriuwer dy't oer pédofilen skriuwt knoeit sels mei lytse bern; in skriuwer dy't in haedpersoan in gefulde koeke opite lit, mei sels graech gefulde koeken (Tiny Mulder in kear yn ‘Ventweg’, FD); in skriuwer dy't oer gekken skriuwt is sels in stekje oan los.
Yn elk fan ús húsmannet de duvel fan Henk van der M., dat wol sizze: wrotte en wrame yn 'e húsketonne. Dêr haw ik it noch net oan ta. Dêrom hâld ik my