1) It literaire wurk.
a) Hwat forsteane jo ûnder it literaire wurk (sj. hjiroer evt. de diskusje de lêste twa jier yn Trotwaer); hoe, op hokker wize BISTIET it wurk: is it in fêststeande, ûnforoarlike, bûten de lezer bisteande saek, dy't de lêzer bisykje moat him sa krekt moogllk eigen to meitsjen,
of is it eat dat allinne YN de lezer bistiet en bistean kin, fan gefolgen dat it mooglik is dat IENRIEDIGENS oer it wurk net to birikken is?
b) Hwat moatte wij brûke foar de goede YNTERPRETAESJE fan sa'n wurk (yn jou eigen omskriuwing); binne bijgelyks fan bilang:
- ynformaesje oer de persoan en it libben fan de skriuwer sels;
- ynformaesje oer it ûntstean fan it wurk, de oarsaken fan it skriuwen derfan;
- is it foar de ynterpretaesje needsaeklik forbân to lizzen tusken libben en wurk fan de skriuwer;
- is ek oar wurk fan deselde skriuwer of fan oare skriuwers fan bilang foar de ynterpretaesje;
- it doel dat de skriuwer mei syn wurk foar hat; - óf moat oarendiels it wurk sels hielendal allinne de ynterpretaesje biskiede; is dat lêste neffens jo mooglik?
c) de lêste jierren hat de FOARM fan it wurk yn Trotwaer tige omtinken krige. Binne jo hjirmei lens, of is neffens jo de YNHALD wichtiger? Hwat binne jou redenen foar dit stânpunt? Sj. ek 4), en hwat is jou praktyk yn dizzen?