| |
| |
| |
R.R. van der Leest
Neisleep fan de great-Fryske opstan
Wy skriuwe 1346. De slach is slein. Party Hollanners binne tallen. It fjild by Warns lei siedde mei gouden spoaren. Nou net mear. De lykrôvers hawwe har wurk dien. Oer de forlittenheit fan it Reaklif snerpt it rauwe kriten fan ûnwaersfûgels.
In nammeleaze jongfeint ûnderweis nei Frankryk. In earme iensume skutter sûnder gilde. Hy suchtet ûnder it jok fan syn krúsbôge, dy't er oer it skouder meitôget. As hierling hat er oan 'e side fan de Friezen tochten. Nei de oerwinning en bûtfordieling krige syn gilde oansizzen om f uort. Mar doe't de ploech ôfsette, lei er mei Jeltsje yn it hea en doe't it gilde al twa dagen ûnderweis wie, lei er dêr noch. Repdy-skeardy syn knapsek folle en der efter oan. By nacht en by dei hie er op ‘en paed west, mar it slagge him net en kom syn maten binei. Doe waerden de grinzen mei it bûtenlân sletten en oeral skerp biwekke. Nimmen koe mear om utens gean. By elke grinspost waerd er opkeard. Sa wie er foroardield ta ivigen dage yn dit treasteleaze part fan les Pays Bah om to swalkjen.
De loft sit ticht en yn it ierdetsjuster trapet er mar troch. De wyn konkelfoezet mei de iperenbeammen oan wjerskanten fan it paed. Fan fierrens spoekgûlt in houn troch de neisimmernacht.
Ynienen bliuwt er stean. Oan de kym wurdt er in rossige gloede gewaer. Hy fierket sa troch it tsjuster, dat syn eagen pynlik bigjinne to prykjen. Dat moat infjûr wêze Dêr wol er mear fan wiiswurde. Hy set de stap der yn, mar is op syn iepenst. Tichteby bliuwt er jitris stean. Noch kin er de flammen net sjen, hwant dy geane biskûl efter beamkeguod. De wyn pûst sprankels omheech. As swarmen fjûrflinters dwerrelje se del. Us skutter is foarsichtich. Yn dizze roerige tiden binne moard- en deaslach oan de oarder fan de dei en de nacht. Foar in duit wurdt men om 'e nekke brocht. Hy bûkt him en krûpt by it wâlhout lâns op de fjûrgloede ta. Plat op it liif efter in ears hat er in goed gesicht op de trije jongkeardels, dy't om de sprille flammen hûkearzje. As forstienne
| |
| |
slacht er it taferiel merk. It lyk wurdt ûntkiste. Twa hearrigen driuwe har brekizers tusken de iken planken. Spikers knerse, bliuwe as lange krûme tosken stean Kreakjend giet it deksel oan ien koarte side iepen. De kiste gappet as in drakebek. Jasnogrodsky leit yn de tsjeaken des deads. As in ridder yn it harnas stoarn. It snútfizier fan syn bassinet stiet iepen. It aedlike antlit is pears forbolgen, ut de opskuorde mûle prottet tarre.
Pottelomme trêddet yn fol ornaet op de kiste ta, knibbelt. In gril fan ôfgriis fart troch him hinne. Hy lûkt mei de tosken in izeren fingerwant út en docht de brutsen eagen ticht. Dan dekt er de deade ta mei it dûkerige skyld, dat oan syn fuotten leit. Hy komt oerein, trêddet tobek. Hy lit syn eagen en gedachten weidzje oer it blazoen fan syn lêste soan. Trochkrûpt yn de heraldyk, lêst er it as in forhael. Elk stik ropt in wrâld fan oantinkens op.
It fjild is fearne troch in azuren krukkekrús. Yn de fjouwer kertieren in everswyn, in oankommende moanne, in griffioen en in fûst. Op it eareplak in sabelen striidbile, yn it hert in sinopelen bolle, op de nawle in kielen pompeblêd. Stille tsjûgen fan in oprjocht heltelibben, wreed ôfbrutsen foar 't him alhiel ûntjaen kinnen hie. De formoarde ûnskuld, foltroppe mei tarre.
-Hwer is er foun?, freget Pottelomme mei trilderige stim. Hy kin it lûd net fuortkrije.
-Yn in sodze by Laeksum, hear, andert Svenonius.
-Lit him bysette yn ús famyljemausoleum, seit Pottelomme saeklik. In útgjalp fan machteleaze forwoedendheit kin er noch krekt ynslokke. Mar it ferget sa'n muoitepine, dat it
3.
swit brekt him oan alle kanten út. Hy sit yn in aeklik lyts himd. Dat binne Heaven's Devils, leden fan in fanatike frijfochten sekte, rounom yn West-Europa oanwêzich. Hy werkent se oan har klean en opskik. Dy foarmje har skaeimerk. Se sitte alhiel yn it lear. Glêdde jaskes, twange broeken, koarte learzens, binaeid mei sulveren knopkes. Fan har hollen drippe tsjokke hierslieren, krekt as hawwe se in deade inketfisk op 'e plasse. Har helms dy't koarby lizze en har hyns dy't in eintsje út de reek steane, binne forsierd mei plakplaetsjes. Op de koppen swaeije tinne stangen, hwer't in foksesturt oan bongelt. Túch en seal is rynsk bislein mei fonkeljend bislach.
Oan diskant fan it fjûr leit in protte klean en lea. Hy kin der in jonge
| |
| |
frou, in grouwe stins, út ôfnimme. Har krytwite holle rôllet hinne-en-wer, mar se jowt gjin lûd.
Hoewol't er as skutter gjin ridderbilofte ôflein hat en dus froulju net hoecht to helpen, fielt er him moreel forplichte fanwegen to kommen. Dochs docht er it net. Syn krúsbôge is in fuotbôge: hy moat him spanne troch in foet yn de bûgel to stekken en it wynwurk oan to draeijen. Dat duorret fierstento lang. As er ien rekke hat, binne de oaren al by him, foar't er op 'en nij oanlizze kin. Hie er mar in hânbôge by him. Dêr soe er fluch efterinoar mei sjitte kinne. Sil er stikem útwine en krekt dwaen oft er neat sjoen hat? Dêr susset er syn gewisse net mei. Der bliuwt him neat oars oer as to wachtsjen en de dingen op har birin to litten.
De troanjes fan de Devils gleonje yn de flammen. Se lykje wol fan hout. Skerp ûtfike, mei strakke swarte eagen, hurde smelle lippen en in rjochte bonkige noas. In pylkich ringburd omslút de taengiele tsjeaken. Se ite stikjes fleis fan it spit, dat se om bar boppe it fjûr hâlde en nimme by nou en by dan in swolch út deselde krûk. It is in noflike gearsit, al seit nimmen in stom wurd.
De barbecue duorret oant yn de lytse ûrkes. Einlings rize se oerein, springe yn it seal, litte har hyns lûdroftich wrinskje en fordwine spoarslachs yn de nacht, it frommes as in fodde efterlittend. Us skutter nimt syn trekken waer. Hoeden set er op it slachtoffer ta. Se leit nou folslein stil, mar kreunt sûntsjes. Hy krûpt efter har, steunt mei beide hannen har holle en lit dy foarsichtich op syn knibbels sakje. Hy wisket it hier út har gesicht, dipt it wounefocht fan de smertlape op har wang. Hy kriget it learen wettersekje dat oan syn gurdle hinget en hâldt it tsjin har triljende lippen. Dy splite starich iepen en nippe earst. Ynienen bigjint se to pjutskjen. As se ophâldt, is syn wettersekje wan. By it ljocht fan it slûch brânnende fjûr sjocht er, hoe't se ien amerij de teisters opslacht. In himelske tankberens strielt him tomjitte. Dan falle har eagen ta, se kreunt net mear, har sykheljen wurdt regelmjittich. Se hat der fan hawn, mar se sil mei in pear dagen grif wer de frou wêze.
Hy suchtet mismoedich, hwant nou sit er hielendal mei har oanklaud. As se weirekke wie, hie er sels mei goed fatsoen fierder gean kinnen. Sa mei er har noch net oan har lot oerlitte. Fan need moat er hjir wol bliuwe en by har binachtsje Moarnier sil er har oan de noed fan oaren tabitrouwe. Hwa wit kriget er in frijbrief foar Fankryk as tank foar syn bimuoijenissen. Dy spekulaesje stimt him in bytsje moediger. Hy heakket syn skoudermantel los
| |
| |
en dekt har ta. Dan wâddet er it fjûr út. Hy jowt him njonken har del. Deawurch fan alle trochstiene emoasjes rekket er yn 'e sliep en wurdt earst wekker as
de hoanne op it binnenplein kraeit. Pottelomme is al lang en breed by de wurken. Hy hat in minne nacht hawn. Yn it malkerige ljocht fan de iere moarn dat troch it hege finstergat sakket, stiet er yn syn vinotheek en sjocht op nei de muorreskildering fan syn stambeam.
| |
| |
Inkeld de manlike leaten, útsein syn mem Rubella en ienlinghealsuster Nano binne hjir forivige. Ek de lêste libbet net mear. De deis fan har doop wie se spoarleas fordwoun. Mear as fiifentweintich jier hie se yn Hollân taholden. Nei de nederlaech fan 1345 wie se dêr út wraek formoarde, sa waerd him oerbrieve Nou rêst him gjin inkele wettige troanopfolger fan it Oannaem Keningsgambyt mear. Hy hie sels okkerjiersby dekreet ôfkundige, dat allinnich oan syn soannen it faderlik erfdiel takomme soe. Hy lûkt in swiere sike. Alles hwat er opboud hat, sil nou oan de staech fan it Wegere Keningsgambyt forfalle. Hy heart Svenonius al yn syn fûstje nokkerjen.
Pottelomme kriget in ljedder en in stik houtskoal. Syn ôflibbe fuotten knoffelje by de trimen op en mei ûnfêste hân tekent er in deakrús efter de namme Jasnogrodsk Y. Hymjend keart er op syn trêdden werom, knibbelrjochtet, skoffelt swier.
sweevjend op it frommes ta. Se slept noch. Hy wol gjin gedoente mear mei har ha. Hwa wit hokker swierrichheden er oanhellet. Hy hie hjir noait bliuwe moatten. Nou kin er moai útwine. Earst har syn skoudermantel ûntdwaen. Hy docht it mei sin, se wurdt net wekker. Noch ien kear sjocht er op de gewûpste frou del. Dan kriemt er en set de stap der yn, syn morele frijheit tomjitte.
-Noli ire, bel messere!
Forstuivere bliuwt er stean. Hwat bargelatyn treft dêr syn ear? Prate de Friezen sa? Dat hat er noch nea earder fornaem en hy is in bytsje mei de tael bikend. Of is it de stim fan syn gewisse? De klanken binne him net hielendal frjemd. Hy snapt der neatfan en dus giet er fierder.
-Noli ire, bel messere!, wjerklinkt it noch smekender efter him. Op 'en nij stiet er stil, stuf foar him út stoarjend.
-Noli ire, bel messere!
It heart sa dichenjend, dat hy lit him bidde. Tige starich kriemt er, makket op syn alve en tritichst rjochtsomkeard. Nou swevet er net mear reklamefilmysk Hy bjisket poepeklomperich, wylst er syn emoasjes trochslokt.
Har skonken fan geïerd moarmer lizze as in pear omfallen pilaren nei him ta. Se stekke út it machtige massyf fan har torso, dêr't bûk en boarsten reliëf oan jowe. Mar op dit stuit hat er gjin each foar sokke klassike
| |
| |
boukunst. Har útstutsen earm, de palm fan de hân nei boppen, is net mis to bigripen. Hy moat har oplûke. Hy omfettet har pols, set de hakken yn de groun en skuort. Wûndere maklik en fluch stiet se op har fuotten. It ivich froulike. Se kinne it sels wol, mar se wolle holpen wurde.
-Io ti ringratio, bel messere, seit se tankber.
Hy skokskoudert. Se kin him alles wiismeitsje. Jitris strekt se har earm út. Nou, mei de palm nei ûnderen, wjukkelt har hân as in flerk. Wer in gebeard dat boekdielen sprekt. Hy mei opkroaskje. Bliid ta set er fan ein. Sisa, dat blok oan 'e poat hat er einlings ôfskodde. Noait, noait sil er wer yn in oar syn potten en pannen riere. Hy hat genôch oan eigen diggelguod. Moedich skonket er op de grins ta, miskien litte se him dizze reis trochgean. Hy avensearret moai, de groun dreunt der oer. De groun dreunt der oer? Hy mindert syn gong, skoareazet noch in eintsje fierder, stiet deastil.
-Prae, sequar te, klinkt it freonlik. Se is him folge. Lillebiljend komt se him op 'e side.
Nou moat er har plan-út oan it forstân bringe, hoe't de sinne omgiet. Hy wiist earst op har en it plak, hwer't se weikaem binne. Dan tsjut er him sels en de tsjinoerstelde kant oan. -Dou dat út, ik dit del! Hy telt har de wurden ta.
Se skodhollet bislist. -Prae, sequar te.
Hjir helpt gjin gebeartetael mear. Sûnder útstel nimt er de hakken op. It jowt allegear neat. Se rint him oan, hy kin har net kwyt wurde. Poemeljend hâldt se him by -Festina lente, himet se.
Hy haest him net iens langsum, hy forset gjin poat mear. Syn mulruft lûkt krampeftich gear Hy hat it gefoel, dat er midstroch knypt wurdt Dêrby is er sa roppich as de pest. Hy hat forlet fan in streksum miel. Mar syn knapsek is leech, syn wettersekje wan en syn ponge rut. Hy sil libje moatte fan jowne stikken. Hy brekt in reade surk ôf en bigjint der op to kôgjen. Dat helpt in bytsje foar de toarst. De frou docht itselde.
-Fruges consumeri nati, seit se
In gesicht fier de ûnherberchsumens fan it Fryske gea. In oarde sûnder forrassings. Hy sjocht yn it foar al dat elke kontrei dy't er tomjitte giet krekt liker is as de streek dy't er just efterlitten hat. Dy flakke ientoanigens makket moedeleas. Altyd itselde grien en itselde eachweid. Hoewol, om de bocht fan de dyk komt in âldeftich man krûpen. In heareboer foar it neist Hy slacht lykwols gjin regaed op it toheisterjen fan syn djûre klaeijing, mar siket yn it
| |
| |
swit syn soanskyns.
-Hwat is der oan, bêstefaer?, freget de skutter yn syn eigen Frysk.
-Ik haw in gouden rider forlern, grânzget de man sûnder op te sjen. -In sulveren great foar de earlike fynder. Ik bin grytman Smelbil.
-Dat stiet! Us skutter knibbelt yn it stof om to sykjen. De frou docht it him nei.
-Vis unita fortior, orakelt se.
Mear as in ûre binne se op 'e sneup. Se fine de gouden rider net. De skutter komt oerein en slacht syn klean ôf. -De segen mei it jild, winsket er Smelbil ta. Hy wachtet even. Miskien kriget er noch ien pinning foar de muoite. Mar de man gunt him gjin loaits en siket troch. Hy drost ôf. Syn slippedraechster folget him spontaen.
-Debile principium melior fortuna sequetur, treastet se.
Nei't se wer einleaze gelikense lânsdouwen biroun ha, poazet er. Dit kin sa net langer. Hy moat har kwytreitsje. As it net yn lilkens giet, dan mar yn goedens. Hy sil har yn it moed sprekke. Froulju binne sa fynfielend. Faeks jowt se dan bilies. -Harkje, bigjint er, wylst er melodramatyske meneuvels makket. - It needlot hat ús byinoar brocht. Lit ús dat needloot tarte. Elk fan ús moat op himsels gean. It is ús lêste kans op in minskwurdich bistean. Iderien stjert lykme-allinne. Us libbenswegen ha inoar krúske. Hjir rinne se útinoar. Goereis
Hy fûstket ôf. In trien kralet yn har eagen. Hy hat de krekte snaer rekke. Ynienen stekt se him in tichtknypte hân ta. Har fingers teare iepen en yn har palm skittert in gouden rider. Hy skuort greate eagen op. -Ha...hastou him foun?, hakkelt er -Ma... mar hwerom hast neat sein? Da.... dat is net earlik.
-Primum prendere, deinde philosophari, andert se sljochtwei.
Hy stiet forsteld. Soks hie er noait fan har tocht. Hy lûkt in meilydsum gesicht en hâldt de hân op. Mar de gouden rider jowt se him net. -Vade mecum, seit se.
Nou hat sy de foarstap. Hy lit him meitroaije. Finansieel is er fan har ôfhinkelik. Hy hat syn krúsbôge noch. Sil er har it jild ûntnaderje? Gjin stjerling dy't der hjir weet fan kriget. Hy bliuwt in bytsje binefter en stekt syn foet yn de bûgel om de bôge to spannen. Sûnder erchtinken rint se troch. Krekt as er it sjitark omheech bringe sil, draeit se har om. Se winkt him en wiist. Tusken it beamte forskûle sjocht er it moassige tek fan in hûs. Hy sil de útfiering fan syn goed foarnimmen even forstelle moatte. Aenst komme se wol wer yn de ûnbiwenne wrâld.
| |
| |
It hûs is in herberch. In rustich úthingboerd slingert piipjend yn de wyn. ‘Yn It Mokkende Wiif’ is der mei greate hoannepoaten op ferve.
Ut de taepkeamer dûnje lûdweagen.
-Ne timeamus, seit se dapper. Hy folget
syn kolleezje yn kriichstaktyk.
-Sjoch, dosearret Don Quickshot oan syn adjudant Zuckel. -Op dizze peal stiet in oanwizingsboerd. Hwat docht it ús to witten?
-DOODLOPENDE WEG, lêst Zuckel haperjend.
-Krekt sa. De don bûkt him, faget mei in stive wiisfinger oer de groun. De klyn dy't der oan sitten bliuwt, smart er ûnder de fjirde grimelige letter op it forwierre boerd. -En hwat stiet der nou?
-DOORLOPENDE WEG, spelt Zuckel hearrich.
De don knikt tofreden.
-Gelokkich dat forkearsbuorden yn it Nederlânsk stavere binne, oars gyng dy grap net op, wurdt der grute.
-Hwa sei dêr hwat?, freget de don strang.
-Nimmen, andert syn adjudant. -Ik prevele in sjitgebedentsje.
-Nou freegje ik dy, forfettet de don, as de fijân dy efterfolge, hwat kant soestou dan út flechtsje? Zuckel klaut syn rudimintaire harsens. Dan wiist er krekt de oare rjochting fan de twasprong út as dy't it boerd oantsjut.
-Hwerom?, wol de don witte.
-Wel, myn efterfolgers soene tinke dat is in trochwei en wylst se har dêr forrieden, hie ik al in feilich hinnekommen oer it oare paed foun.
De don skodhollet dat syn echpûden bibberje. -Mis, folslein mis! Ik warskôgje jimmeroan foar ûnderskatting fan de fijân. Dy sil grif wol merkbite dat de R op it boerd forfalske is. Dat dwylspoar folgje se net. Né, krektoarsom, se geane itselde paed del hwerstou dy feilich waendest. Dêrom hiest de kant fan de dearinnende wei út flechtsje moatten.
-Ik bigryp der neat fan, seit Zuckel. -In list optinke en dy net binutsje. Hwerom it boerd dan foroare? It nimt allegear tiid. De don suchtet by safolle ûnkunde. Hy nimt noch in pear happen skroeid moal. Dan sakket er troch syn meagere knobbelknibbels, follet syn helm yn in wjittering en drinkt. De knikkert yn syn flessehals stuitet omraek. As syn toarst forslein is, biklimt er syn âlde fealwite brik. Rammeljend set it bist fan ein. Zuckel, op in ezel, rint
| |
| |
har as in hountsje efternei. Amper oer de drompel bliuwt se stean. It rûchkâlt yn de jachtweide forstommet op slach. Elkenien bigappet har. Eigenhierde boeren, hierboeren, koumelkers, klaeiboeren, sânboeren, wâldboeren, feanboeren, heideboeren, greatfeinten, milfeinten, lytsfeinten, okseprippers, greidboeren, bouboeren, gernieren, bargeboeren, skieppeboeren, geiteboeren, guozzeboeren, hinneboeren, knineboeren. Allegearre litte se de gaffels iepen sakje. De iennichste dy't dat net docht, is de kastlein. Mei de earms oerinoar stiet er efter de taep. Njonken him in boeregredske en in boerehoatske, dy't syn bitsjinsters binne.
-Hwat doggo jo hjir?, freget er glûpsk.
-Ave hospes, groetet se weardich.
Alle boerehollen draeije tagelyk nei de kastlein. De stilte is to snijen. Hy set in heech krop. Oan dit omsittend laech sil er ris sjen litte, dat er syn frjemde talen noch kent.
-Carpe diem, groetet er werom as man fan de renaissance-takomst.
-Memento mori, winsket se as frou fan it âlde midsieuske slach.
-Esne solus?, freget er
Se docht in stap fansiden. Alleman gappet nou ús skutter oan. Syn bôge is noch spand. Mar hy hat der gjin bisleur oer. Hy kin alles sa gau net forwurkje. Hy stiet to sûzeboljen en heart net iens mear hwat de frou en de kastlein forhaspelje. Inkeld fomimt er it starich hinne-en-werjen fan de boerehollen. Hy wurdt hwat langer hwat dwiler. Ynienen hâlde de hollen stil. De frou lit har gouden rider sjen. Eagen forsline it jildstik. Dêrnei forbaesd gemompel.
-Da mihi quod bibam, ropt se.
-Hwatsei? Fan alteraesje forjit de kastlein Latynsk to praten.
-Dahi mihi potum.
Dat forstiet er. Hy wynt him troch it folk hinne nei har ta en lit rom baen meitsje. De útspeake skonken wurde folchsum ynlutsen. Hy konfoait har nei in leech taffeltsje-foar-twa yn in apart keammerke. De skutter dreamwandelt efter har oan. It boeregredske en it boerehoatske komme elk mei in spizekaert oansetten Dan bigjint de iterij. As foargerjocht fisk. Sûre Bismarck-hjerring of sâlte Beukelsoan-hjerring. Sy nimt de sûre foar kar, hy de pikelhjerring
-De gustibus non est disputandum, merkt se wiis op, wylst se har fisk mei hom en grom der yn skobbet
| |
| |
Dêrnei brette hounsfotsjes: stikken bôlle yn molke en aei dipt, yn bûter bakt en mei sûker bistruid. Dêrby lollemanstip fan skiepmolke, bûter en sjerp tamakke. Stûrtske lekker binne ek de slofferbeannen mei lapen trochgroeid spek. Op it stuit ite se noch in jonkerige patrys. Dy priuwt fier. -Feras consumere nati, haffelt se.
Swijend robbet er ûnbironge troch, oant er kropsêd is. Wylst se as neispize potstrou nuttigje, krôket er omraek. Hy sit grôtfol mearfâldich forsêdde fetsûren.
De útsetter is in útwrydsk slokje. Hy lûkt mei de tosken de douk fan it nuveraerdige krúkje. Se stjitte oan. Yn ien swolch nimt er syn drinkhoarntsje út. De krasse drank set him fuortendaliks nei de holle. Jitris skinke se yn. Hy bringt syn woldwaenster in heildronk ta. En sy bidrinkt him wer. De holle is him oranje. Hy sjongt mei dûbele tonge bierpsalmen en flokt tuskentiids. -Da jurandi venium, ûntskuldiget er him. Nou kin er wol Latynsk prate.
-Hic, hikket se.
-Hoc, hikket er mei.
-Hunc, hikket se werom.
-Quare?, freget er.
-Quia!, andert se.
Hy giet op har skoat sitten, -Dulcior est fructus post multa pericula ductus, seit er glei. -Quam quisque norit artem in eâ se exerceat, tutet er fierder yn har ear Hy knypt yn har grou wyt bil. Mar se tikket him gefoelich op de fingers -Monere a mei, warskôget se en triuwt him fan har ôf. Hy moat syn lusten yntwinge Mei-iens is er oan de ein fan syn Latyn. Hy doar har net mear op 'e lije side oan to krûpen. Hy jowt him mar oer de flier del en forbvt him fan
de pine. Troch syn nekke snijt in tou, dat syn holle tusken syn knibbels triuwt. Syn polzen binne oan syn ankels fêstboun en syn hoksen sitte mei syn earmtakken yn 'e knoop. In himpen bytling skuort syn mûlshoeken út. Hy kin him forreppe noch forroere. Troch de tizeboel fan syn lea eaget er nei ûnderen. Hy sit op in mingbult, dy't swietrokich wazemt. Fortwivele klaut er om fêste groun. Mei syn gewraem komt er hwat langer hwat djipper yn de prot to sitten. Syn fingers reitsje in hurd foarwerp. Hy bitaest it en skuort greate eagen op. Fielt er in heft? Hy miert it omheech. In flymjende pine
| |
| |
tortelt him, dat it lems yntakt is. Hy klongelt de punt rjochtoerein en klammet it heft tusken syn fuotten. Dan knikkebollet er, foarsafier de touwen him bod jowe. It is streepkeswurk, mar mei ingelgeduld set ús skutter troch. Hy biet as in baerch. In lêste knik, it tou sjit út syn mûle. Dêrmei binne syn ankels en polzen noch net los. Hy docht in byt. It slagget him en krij it heft tusken de tosken. Hy bringt it foar it ljocht en sjocht foar it earst syn snijreau. In dolk. Mei deaforachtinge dûkt er wer kop-ûnder yn de dong. Nou bigjint er to skodholjen. Hy fiket by de fiel, brykbekket omraek. Einlings kriget er earmslach. Hy strûpt de byntouwen ôf en wrot him út de mjuks. Bikakt fljocht er nei in rychje stobbewylgen, dat it hiem fan de herberch ôffredet. Healwei heart er kloskjen. Plat op it liif klapt er efter in foarslachter del.
Om de hoeke klompket it boeregredske. Of it boerehoatske? Hy wit it net iens mear. Se set op in bjinstap ta en klinzget in houten amer, dy't se oerrinnende fol mei weromtôget.
Amper is se fordwoun, of hy makket skonken. Hy wâddet troch de sleat en spielt sa yn 'e flecht wei de smoargens fan syn klean. Oan de oare kant krûpt er by de wal op. Hy sleept syn bûksike liif fier fan it ûnheilsplak. Syn harsensbrij skoddet yn syn panne. It swit stjalpt him by de foarholle del. Hy stoannet by elke stap, dy't er set. As it grús fan de skimer forstout yn it roet fan de nacht, hâldt er skoft. Tsjin in takkebult pûst er út. Hy hat in keningsmiel hawn, dêr kin er yn earsten wol op tarre. Mar fierders is er wer in skeamelruter, noch earmer as tofoaren. Gjin krúsbôge mear. Hy bimikert de dolk, rêdder fan syn libben. In pronkjuwiel. De sneden binne folslein geef, sûnder ien takkeltsje De punt fielt finer as in spjelde. It heft leit as getten yn de hân. It is forsiere mei sinnebylden. In everswyn, in moanne, in griffioen, in fust, in striidbile, in bolle en in pompeblêd. Boppe-op it oanfetsel prielet de letter J en dêryn is de namme Jasnogrodsky gravearre. Op it lims stiet ek in ynprint: MADE IN HONGKONG. Jonge noch ta, dizze dolk hat in hiele gisel makke. As it nypt en wedemypt, sil er him oan jild meitsje kinne. Dat jowt in noflik gefoel. Kom, hy moat fierder. Domwei ûnder de dekmantel fan it tsjuster trochbokselje. Hwat soe de reden fan syn frijheitsbirôving west ha? Hwer soe de frou wêze? Hwerom
knippe jo, Van der Leest, dit forhael yn allegear biten en brokken? It soe him folle plezieriger lêze litte, as jo de wenstige forteltrant oanholden. Wy moatte
| |
| |
dat útwrydske kunstmjittige net.
-Lit my dan jitris in sitaet sitearje út it midsieuske hânskrift fan myn liiffilosoof Ridener Riken van der Stele (1339- ?):
|
‘sil it forhael wêze lyk as it brânskildere finster yn in gotyske kathedrael. Hjir snijt it iead dwers troch de mouwe |
3415 |
fan in habyt, dêr splyt it de segenjende hân fan in hillige midstwa, jinsen ûnthalzet it in skare fan ingelen. Hwa't der op 'e noas by stiet, sjocht gjin forbân en wimert it foar de eagen. Mar as er it opdistânsje biskôget, foarmje de diggels ien gehiel en flonkert it yn alle hearlikheit. |
3420 |
Hwat it lead is foar it finster, is it wyt foar it forhael: it skiedt en forbynt de parten |
-Foar ús, Van der Leest, is in forhael hiel hwat oars as in finster, Jou fornimstige midsieuske sizman wol perfoarst singelier wêze en dêryn kinne jo it mei him fine, fansels. Wy hawwe gjin nocht oan wûnderheden. In skriuwer moat oarder en regelmjittigens yn syn relaes bringe, gjin abrupte oergongen, dat is in teken
2.
fan ûnmacht stiet er to wankeljen. Hy hat de ein yn 'e bek. Untrêdden set er him oan de kant fan de dyk del. Hy hat net iens mear de formogens en ûntrin de kriichs haftige ridder en syn fredeleavjende skyldknaep dy't der neijeroan komme. In langramige spikerfette man, spierrjocht yn it seal op syn bonkerak, mei in lâns yn syn klau-eftige hân. De úteinen fan syn twapuntich burd stekke as teisters foar him út. Hy is yn it brat, mar syn treftige klean skine fan slytskens. Etter him, op in ezel, sjampert in ticht moatsje mei in bont himd oan en in klots op, hwer't de kleuren fan skrikke.
As er koartby is, hâldt de ridder, lichtet swierich syn helm, bûgemintet en makket him bikend -Don Quickshot út
Madrid. Atletico hat foar de Spaenske fuotbalkompetysje de thúswedstriid tsjin F.C. Valencia mei 1-1 gelykspile. By it skoft wiede stân noch 0-1 foar de gasten. Troch dizze útslach giet F.C. Barcelona nou oan kop mei twa punten foarsprong op Atletico en fiif op Real
| |
| |
Madrid. De tiden binne net mear hwat se wiene. Foarhinne kamen de oarlogen op ús ta, nou moatte wy se sykje. Dêrom bin ik in doelend ridder wurden. Mar myn oanpart yn de fjildsiaggen by Cassel 1326, Slûs 1340 en Warns 1345 sil ivich boekstêve bliuwe. Forhef jo út it stof en siz my hoe't ik jo skewiele kin.
De skutter falt fan de iene forbazing yn de oare. Mar hy skuort de kop der by en seit frijmoedich: -Ik kin de fuotten net mear ûnder it liif hâlde en soe graech in lift fan jo krije.
De don sjocht meilydsum nei syn kêdde. -Dat hâldt Rosinante net, skodholleter.
-Rulje, foar jou Rosinante?, freget de skutter, wylst er de dolk tusken tomme en wiisfinger, mei útstrutsen pinke, yn de moarnssinne fonkelje lit.
De don kriget it wapen oan. Hy bimikert it fan alle kanten. Jasnogrodsky, made in Hongkong, prevelt er. -Dat merk komt my bikend foar. En hwat in kwaliteit! Ik, as man fan de wrâld, wit fansels hweroer't ik redendiel, foeget er nederich greatsk ta. -Ik de dolk, jo myn hynder, se binne beide soartich.
Hy glydt út it seal en de skutter nimt syn plak yn. Mei in soad komkak en kompleminten stekt de don de dolk sa tusken syn riem, dat it eaget. Hy lit syn skyldknaep ôfstappe en giet sels op de ezel sitten. Hy jowt it bist de spoaren, stekt fuort, wylst Zuckel fotteldrafkjend de sturt fêsthâldt.
Sisa, nou kin de skutter him ride litte. Folle avensaesje sit net yn Rosinante, mar hy komt tominsten foarút sûnder sels in poat to forsetten. De middeis birydt er in greatich stedtsje, ommuorre en mei in echte flapbrêge dy't noegjend nei de poarte liedt. SNEECK SNITSK stiet op in twatalich boerd. Hy nimt de rounwei der om hinne. Blinder, pas op! It hynsteforkear reaget him hast fan 'e sokken. Oeral forbodsbuorden, roun en wyt mei in reade rânne. Net hurder as 3 kilometer. Mar gjinien dy't him dêroan hâldt.
Dat jakkert oan len tried troch. En stjonke! Hwat in luchtforsmoarging, noch slimmer as dy fan syn bidonge klean. Elkenien wol langer hynsteriden leare. Mear as de helte is bigjinneling. Op har hoarsen dounset in blau buordtsje mei in wite haedletter L. Dat binne de alderbalderminsten. Wylst er wachtsje moat foar it ôfslaend forkear nei in great parkearplak, heart er it petear tusken twa autochtonen dy't efter him ride.
-It wurdt heech tiid, dat der Fryske forkearsbuorden komme, prottelt de iene.
-De P fan ‘paarden’ it moat net raerder. Hwerom net de H fan ‘hyns’?
| |
| |
-Dat kin net mear, andert de oare. -sa'n boerd is der al. De H fan ‘hospitael’.
Nei Snitsk wurdt it stiller op 'e dyk. Hy hat de romte en de breedte. In straffe westewyn siicht oer it treasteleaze leechlân, hwer't de gehuchten as krinten yn lizze. Hy rydt troch de sliepstêd Loaijengea, de rekréaesjestêd Goaijengea, de bistjûrstêd Gau, de handelstêd Spears, de túnstêd Sibrandabuorren, de havenstêd Tersoal, de terpstêd Poppenwier, de akademystêd Flânsum, de boerestêd Friens, de forsoargingstêd Idaerd.
As de dei forskierret yn it twiljocht skoftet er ûnder in ienbere bjirkenbeam. De kêdde bigersket har fan gers, wylst de skutter robbet fan in stik âld wiif. dat er yn de sealtas foun hat. It smakket him bearegoed. Hommels en dwers sjit de koeke him yn it forkearde kielsgat. Hy fljocht oerein en mikert hoastjend nei it westen. Trije slanke swarte ruterskaedbylden steane tsjin de biblette loft ôftekene. De Heaven's Devils! Yn in swypslach sit er to kêdde en halje-trawalje skrept Rosinante har nei it easten.
Hwat in maleur! De duvels draeije yn it seal, bispeure de proai, boeije om, prykje har sporthyns oan en sette moartsjend fan ein. Rosinante parset alles út har pochel. Har poaten poemelje as it spoar, feanflodders flappe har om de earen, skomslieren wapperje fan har bek. Streamlynd bonkelt har geramte oer it ûnbipune paed troch de warren. De skutter leit op 'e noas tusken de moannen. Mar it kreilguod is to leech om him oan it each to ûnttsjen.
Jinsen leit it Prinsehôf yn it lêste stadium fan forlânjen. Dêr groeit de els by boskjes. It iennichste beamte fan de gânske omkriten dat makket. Dy boskskaezje birydt er mei in pear hûndert langtes foarsprong. It wrinskjen fan de sporthyns en it hoaljen fan de duvels hat him al ynhelle. Hy sjit oer in ril. Oan wjerskanten kromje manselhege wetterrêgen. It bochtet omraek. Hy doar net it smelle paed to forlitten, bang as er is yn dit ûnlân wei to sakjen. Ek syn efterfolgers bliuwe op de ril. Under in gerdyn fan modderspatten komme se neijer De trochgong wurdt in prikkewei. Tusken elzen stoujaget er fierder. It tsjustert moai oan, sûnder dat it helpt. De nacht falt to let. Rosinante brekt it by de poaten om ôf. It moedige bist bigjint to knikkebiljen.
DOORLOPENDE WEG. Yn it foarbypylkjen sjocht de skutter it út syn eachshoeke wei Hy giselt sa stryklings by it boerd lâns, dat syn earmtakke it noch even rekket Nei twa trije bochten skuort er de lije stiif. O, godskes, de
| |
| |
wei rint dea, hy is ek noch forkeard foarljochte. In weagjend moeras bilet syn trochtocht. Hoe nou to rie? Sil er syn fordrinkingsdea tomjitte ride? Of sil er him frijwillich forskuorre litte? Hy springt op de groun en lûkt syn kêdde fluch efter in elzeboskje op in úthúlke. Dêr wachtet er klappertoskjend de romleaze ein ôf.
Dêr fjouwerje de duvels op de twasprong ta. Yn folle faesje remme se. Gierend komme har sporthyns ta stilstân. Steigerjend skoppe se de foarpoaten yn de loft. Forskuorrend sjogge de duvels om har hinne, wylst it bloed har fan de tosken dript.
-Hwer is er?, freget de earste satan oan syn maten.
-DOODLOPENDE WEG, lêst de twadde fan it boerd.
-Dan dy oare kant út!, bjalt de tredde.
Se traepje har hyns oan en jakkerje fierder. Prikken knappe ûnder de hoeven oft it bonkjes binne. As it lûd fan de satanske knalpipen forstoarn is, stekt de skutter de holle om it elzeboskje hinne. Hy mikert de wei ôf, dy't mei twiljocht tichtset is. Net wachtsje oant dy koarthakken weromkeare. Hy hellet Rosinante út har skûlhoeke. Hy springt op de kêdde en rydt werom. Wrachjes, ‘doodlopende weg’ docht it boerd nou to witten. De koarte lins hat Rosinante bisterke. De eangst jowt har wjukken. Ek sy wol net nei de fordommenis. Sa jeije se oer it paed, dat se kaem binne. De moanne lit har net sjen. Dy leit ûnder de wolken. Se waerûlje noch ûren troch. Folle brui-fuort sit der net mear yn. De skutter hâldt by nou en by dan om him to oriëntearjen. Op it lêst rekket er yn de doljoarum, wylst de kêdde al sliepwandelt. Rouwe hannen skuorre him út it seal, brekke syn bonken en stompe him foarút nei in ljocht. In earm hâldt in lantearne omheech. Yn it slûge skynsel werkent er grytman Smelbil. Mei it dramatyske gebeart fan in biropsfuotbalder dy't foar iepen doel de kâns mist, lit er him troch de knibbels sakje en grypt nei syn plasse. -Hy is it, dy dief!, ropt Smelbil út. -Bring him foar it heechste gesach! Djip snijt it kneveltou troch syn fleis. Lompe fuotten skoppe him nei de ein fan dizze perikoop, hwer't
Pottelomme wachtet. Oan syn rjochter side sit in gewikste jonge frou, oan syn lofter side in nuete jongkeardel. Sels is er amper fjirtich jier, mar de ûnhjirmlike lêst fan kriich en opfolging hat syn rêch krûme en syn gesicht tekene. Hy is útlibbe. Yn bisletten rounte sil er ôfstân dwaen fan de troan. As
| |
| |
syn ûnderdienen lang genôch mûskestil sitten ha, kreaket er oerein. Syn stim stûket fan oandwaning.
-Nommele lânslju. Hjir njonken my sit de foarstlike jefte út de himel, dy't de alwittende foarsjennichheit my en dit earme folk to rjochter tide taskikt hat. Myn bloedeigen suster Nano, as lytse poppe stellen, nei Hollân ûntfierd en dêr yn in sel setten. Mear as fiifentweintich jier troch ús deawaend. Gelok boppe wûnder ûntkommen út de Benediktiner abdij fan Rijnsboarch en, sjoch, nou libbensliif yn ús formidden. Har biklaei ik mei al myn weardichheden. Oan de oare side fan my de man, dy't har foar de helsdoarren weihelle hat. Him bijeftigje ik mei de earetitel Biskermer fan it Heitelân en it gouverneurskip fan Appelskea, dy Fryske enklave yn Stellingwerfs gebiet. Suster Nano, forriis en forwikselje jou himelske troan foar in wrâldskenien.
Pottelomme oerlanget har de kroan, de haedstêf en de ryksapel. Dêrnei ûntfangt ús skutter de forsiersels fan syn amt. Hy tutet de estrik, hwer't de fuotten fan de machtige hearsker op rêstte. Dêrnei knibbelt er foar Nano; har foarspraek hat syn rêdding west. -Merci beaucoup, madame, tanket er haryn syn lânstael.
-Beatius est dare quam accipere, seit se ienfâldich.
As er nei de koarte sobere plechtichheit op it binnenplein komt, rint de grize him oer de grouwe. Dêr, oan de galge, bongelje de lea fan Smelbil, Don Quickshot en Zuckel. Dat Smelbil, syn oanklager, ophinge is, kin er him yntinke. Hwat de beide oare historyske figuren misdien ha, bliuwt him in riedsel. Hy is tige bigien mei har lot, mar hy kin der net langer by stilstean, hwant syn fraei optuge Anglo-Arabier Sport Ekstra Super TL 291.507 - 651 F 17a’ tripket fol ûngeduld om him nei syn fiere gouverneurspost to bringen. Dream is it libben.
|
|