Trotwaer. Jaargang 10
(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 25]
| |||||||||
1.Trinus Riemersma, skriuwer fan it hjir to bisprekken boek fôi en fredeloas hjit sels yn syn ‘vud mai op rais’ syn nijste útjefte in ‘romon moi kwatte ferhalen’. It soe sa wêze kinne dat dy forhalen sadanich yninoar gripe en opinoar foarútrinne en weromfalle dat yndie fan in roman yn de biwende sin fan dat wurd praet wurde koe. Lykwols, ik haw sa'n binende gearhing net opmerke kinnen, dat de skriuwer sil de oantsjutting ‘romon’ wol bidoeld ha as twalingwurd fan ‘boek’ as ‘bondel’. Hwerom't er dit dan net delskreaun hat, is net dúdlik. Yn alle getallen bisprek ík hjir de forhalebondel fôi en fredeloas. | |||||||||
[pagina 26]
| |||||||||
2.It skynt der yn ‘Trotwaer’ sa by to hearren dat de bisprekkers fan literair wurk har lêzerspublyk foarút ynljochtsje oer de (meast wittenskiplike) útgongspunten dêr't hja út fuortfarre. Ik haw gjin stúdzje makke fan literatuerwittenskip en hwatfoar literair-krityske systemen ek, en hwat ik der al fan ôf wit is to min om in bisprek op to basearjen. Net dat ik my nou yn 't foar ûntskuldigje wol foar in min of in heal bisprek, krekt oarsom, ik wol úthâlde dat ek in net-wittenskiplik forantwurde bisprek in goed of alteast akseptabel bisprek wêze kin, as hie hwat dat lêste oanbilanget it publikabel-wêzen fan myn Hwat-der-bart-bisprek foar Trotwaer 77-3 dat noch net biwiisd. Ik wol oaren it hantearjen fan methoaden en systemen net misgunne, mar it is fansels net sa dat in literair-wittenskiplike oanpak by définysje in korrekt bisprek opsmyt. Hoewol't soks ek noait mei safolle wurden sein wurden is, leau ik al dat by guon dy yndruk bistiet. Myn útgongspunt kin ik koart oer wêze: it boek, it forhael, it wurd, koartsein: de literaire tekst. It is, liket my ta, al in hiele toer en hâld dysels oan dit op himsels ienfâldige útgongspunt. Sa haw ik yn it earderneamde bisprek fan Piter Boersma syn forhalebondel Hwat der bart de opmerking makke dat dit de earste forhalebondel fan dizze skriuwer wie. Op himsels korrekt mar it die net ta de saek, likemin as it ta de saek docht dat fôi en fredeloas Trinus Riemersma syn fjirde forhalebondel is. Dêr binne, formeel bisjoen, dy boeken net mear as minder om. Ik haw gear west oer snor en hier fan Boersma, mar ek al hied er de sykte yn 't hier krigen dan hied er deselde forhalen skriuwe kinnen. De literaire tekst as útgongspunt, dêr haw ik de hannen oan fol | |||||||||
3.De forhalebondel fôi en fredeloas hat in foar- en in neiwurd fan de skriuwer sels. Riemersma jowt syn lêzers alderearst in ‘vud mai op rais’. Spitich, mar ik kin hjir net mei fuort. It komt my nuver oan' in Riemersma dy't der algemienheden útkreamt en net ien kear konkreet wurdt en seit hwat er wol. it ‘vud mai op rais’ is it meast algemiene en dus bitizingforwekkende stik proaza dat ik ea fan Riemersma lêzen haw. Riemersma hat my net stikele, en dat is syn styl oars al, en as ik my net mishaw wie dat ek de bidoeling fan dit foaropwurd. Of is it kleare gekoanstekkerij? Dan stap ik der leaver net yn, mar freegje my al ôf hwerom't Riemersma it saneamde eksperimentele proaza fordigenet en úttilt boppe de ‘nijmwadrege healvizegheden’ (sizze de ‘tradisjonelen’), mar tagelyk himsels yn dizze bondel skuldich makket oan nijmoadrige healwizichheden. Dêr kom ik op werom. It ‘noivud’ falt yn twa parten útinoar. Yn it earste part fordigenet de skriuwer de tael fan syn âlden tsjin de tael fan de hearskjende klasse, it | |||||||||
[pagina 27]
| |||||||||
standertfrysk, ek wol boekjefrysk hjitten. Dat er syn heit-en-memmetael fordigenje moat sit him hjiryn dat er him yn 't earstoan forgappe hat op ‘ut Grutte Ydéaal’ of sa't er letter seit ‘de Hillege Frieske Saak’. It komt hjir op del dat, neftens Riemersma, de yndruk bistiet dat men net meidwaen kin as men net de regels fan it boekjefrysk hantearret. Net dat er it standertfrysk alhiel forsmyt, mar Riemersma wol yn alle getallen in lykweardich plak foar syn frysk dat foar him emoasjonele en sosjale bitsjutting hat. Hy moat de frijheit ha en uterje him sa't hy dat wol. Ik fyn dit in goed ding. It koe wolris in bihâld wêze foar de fryske literatuer as wy it standertfrysk syn kroan fan hilligens en weardigens ûntkrije en plak ynromje foar de tael dy't de lêzers net allinne forsteane mar ek prate. It frysk is mear as in wurdboekfol oardere letterkombinaesjes en fêstleine bitsjuttings. En hawwe wy net in fierstento hege pet op fan de taelbifoarderjende wearde fan de literatuer? My tinkt, net de literatuertael is paedwizer foar de tael fan it folk, mar oarsom, it folk makket út hwatfoar wurden de skriuwer brûke sil. (Faeks moat dit ek jilde foar de pëzij, ik wit it net). As ik Riemersma goed bigrepen haw sit ik hjirmei noch wol krekt even op in oar spoar: hy wol him net forbrekke en skriuwe hwat him sels echt taliket, mar yn 'e praktyk is dat dochs de tael dy't er om him hinne heard hat en noch heart. Yn it twadde part fan it ‘noivud’ makket Riemersma inkelde opmerkings oer syn, sa stadichoan wol bikende, stavering. Ik wol fan dy stavering (lykas fan elke stavering) gjin punt meitsje. As men in skriuwer it rjocht gunt om de wurden to brûken dy't er brûke wol, kin men him net it rjocht misgunne om dy wurden to notearjen sa't er dy notearje wol. Faeks hat it iene mei it oare to krijen. Ien ding bin ik lykwols al oer stroffele, en nou sitearje ik in stikje: ‘Dur vurt vól beveard dot dur yn un jedder taalstadyem un d achter koe ensfh. stien hat, en dot is bêst mooglek, mar óp ut stuit fungeart ur os oergóngslûûd krekt lykos bijfwarbeeld noi is (vêr idder?), slûg (slûdder dij?), rûn (dêr rûnder hinne), en oare dûtiids- en notiidsfwarmen dyt net op t útgonne. Dêr oerol in d te skrjowen - vêr isd er?, of, óp syn frônsk vêr is-d-er? - lyket mij de lêsberhyd net te befwadderjen’. Dy lêste opmerking, dêr sjoch ik fan op. Riemersma docht yn dizze bondel neat om de lêsberheit to bifoarderjen. Dat dy iene d hie 't him net dien. Oars hie ik hjir gjin punt fan makke - sa wichtich is it net - mar ik leau dat de lêsberheit of betten ûnlêsberheit fan Riemersma syn proaza, ek yn oar opsciht as dat fan de stavering, fan ynfloed is op de kwaliteit fan de forhalen sels. Ik wurkje dit aenst fierder út ûnder 5 | |||||||||
4.Yn fôi en fredeloas steane alve koarte forhalen; sawn hawwe earder yn ‘Trotwaer’ stien, hwerfan ien yn in oare ferzje. Ien forhael is sûnder titel, mar wurdt yn de ‘ynhôd’ oantsjutte as ‘(de stroom)’. Soks nei alle gedachten om't it forhael forknipt tusken de oare forhalen ôfprinte wurden is en sa dus | |||||||||
[pagina 28]
| |||||||||
min ofte mear as in stream troch de bondel hinne rint. Dit forhael is yn in greatere letter printe as de oare tsien en dat hat to krijen mei it feit dat de skriuwer him hjir basearre hat op it ‘taalmatryaal’ fan syn heit. De forhalen yn de lytse letter binne basearre op it ‘taalmatryaal’ fan syn mem (‘noivud’). Sa'n ûnderskied is fansels wol to meitsjen, mar men praet en skriuwt dochs alderearst jins eigen tael, basearre op it matrejael fan elk dy't men frysk praten heard hat. Der sit hwat kunstmjittichs en ûneigens yn sa'n bigrinzing, sa fan ‘hoe sei ús heit dat ek al wer’. Foar de forhalen sels makket it, tinkt my, net in soad út, mar as rélatifearring fan de heechachte wearde fan it al earderneamde standertfrysk is it dochs nijsgjirrich. | |||||||||
5.Hwat Riemersma bisield hat en forknip ‘ut trochrinnende ferhaal’ yn alve parten, is my net dúdlik. De haedpersoan hat in tillefoanyske ôfspraek mei syn faem: hja sille inoar moetsje yn it kafé dêr't de haedpersoan tahâldt. Hy wachtet en wachtet, mar hja komt net opdagen. De skriuwer lit de haedpersoan in hiel forhael lang wachtsje, opserfearje, prakkesearje en yn himsels prate. Faeks hat Riemersma bang west dat sa'n forhael de lêzer nei in stik of hwat siden de strôt úthingje soe en hat er dêrom, by wize fan farrejaesje en fordivedaesje, de oare forhalen de stream ûnderbrekke litten. Mar hy koe dochs sels ek wol neigean dat dy lêzer him net forlakke lit en mei de haedpersoan op dat mokkeltsje wachtsje wol. Of binne dit de ‘nijmwadrege healvizegheden’ dêr't Riemersma fan praet yn syn foaropwurd? Yn alle getallen haw ik ‘(de stroom)’ yn ien kear útlêzen en ik moat sizze dat dit stik proaza der foar my wol útkipet. Ik bin der net wis fan fansels, mar as ik myn sin siz is dit forhael it meast resinte yn dizze bondel. Ek al soe dat net sa wêze, dan noch sjoch ik in oerienkomst mei it wurk dêr't Riemersma op 't heden wakker út publisearret, de skjintme wurdt ferbwolgwodde. Yn it nijste wurk fan Riemersma is dan in minimum oan plot, oan ûnderwerp, en in maksimum oan biskriuwing, oan útwurking. Der wurdt langer gjin ûnderwerp literair bihannele, mar der wurdt skreaun, samar, út it neat wei, foar it faderlân wei, wiidweidich, breedsprakich, détaillistysk, alles hat hwat om hakken, neat wurdt forswijd, elk gegeven jildt, en dan is it yndie noedlik en skriuw forhalen mei klinkende titels. Yn syn earste forhalebondel De duvel misbiteard (om de tsjinstelling fuort mar hwat greater to meitsjen, de earste) hat Riemersma ûnderwerpen keazen dy't nei syn bitinken in forhael wurdich wiene; binammen yn ‘(de stroom)’ hat er skreaun, sa foar 't each op 'e dolle rûs, sûnder foarwurk sa't skynt, sûnder prakkesaesje foarôf, it iene wurd hellet it oare út, sa By Piter Boersma merkbyt men deselde ûntjowing. Syn roman (publikaesjes fan parten hawwe yn ‘Hjir’ stien) oer de fytser dy't opstapt en wol sjocht hwer't er bidarret is tekenjend foar dizze manier fan skriuwen. Ek dy syn lêste publikaesje yn de lêste nûmers fan ‘Hjir’ oer ‘in man’ dy't it iene momint net wit hwat er it oare dwaen sil is in kopy fan de | |||||||||
[pagina 29]
| |||||||||
skriuwer dy't skriuwt en net wit hwer't de ein is om't de ein der net is. Sterk sein: de skriuwer is net langer slachtoffer fan syn forhael, mar oarsom. Hy kin alle kanten út en hy wol ek alle kanten út, sûnder restriksjes. It forhael is mear as in opstel dêr't in min sifer foar jown wurde kin om't de skriuwer him net oan it ûnderwerp hâlden hat. It is yn dit forbân net tafallich dat Riemersma him distansjearret fan it standertfrysk. De bifrijing fan de algemien akseptearde tael as middel om literatuer to skriuwen hat grif eat to krijen mei de bifrijing fan it idé dat in forhael earne oer gean moat en in bigjin en in ein ha sil, hoe dan ek. As Riemersma werklik tocht hat dat ‘(de stroom)’ -yn-ien-kear de lêzer forfele soe, dan hat er himsels ûnderskat. It forhael rint as it spoar en ik haw bisocht dêrfoar in pear oarsaken oan to wizen. Ik kom dan op fjouwer dingen, yn folchoarder fan wichtigens:
1) Riemersma lit syn haedpersoan tinke sa't in minske tinkt: gaötysk en fan it ien op it oar. Suver gjin inkelde gedachte wurdt ôfmakke, der komt hieltyd hwat oars tusken, en, der komt hieltyd hwat nijs by. Guon ‘tinkûnderwerpen’ rinne fan it bigjin oant en mei de ein troch it hiele forhael hinne, lykas (úteraerd) de gedachten by it fanke dat net komt, by wize fan katalisator mei in stadichoan opboude klimaks yn oanlûkingskrêft oan 'e ein. Oare ûnderwerpen wurde even oansnijd, somtiden komt de haedpersoan der op werom, oare kearen net. Riemersma hat in knap lykwicht foun tusken de ynderlike en uterlike driuwfearen dy't de haedpersoan ta tinken sette. Oan 'e iene kant is der de geastlike bagaezje dy't er by him hat (refleksjes en fyzjes op eigen forline en takomst), en, oan 'e oare kant, is der de waernimming dy't boun is oan de omjowing fan it kafé. Beide soarten fan driuwfearen wurden moai ûnregelmjittich ôfwiksele en gripe bytiden yninoar. Sa'n ôfwikseling fan ynderlike en uterlike driuwfearen jowt de lêzer it gefoel dat dy fint dêr ek werklik sit en net dat sa'n kafé in tafallige lokaesje is (hy moat dochs erges sitte) foar in man dy't tinke moat hwat de skriuwer wol. De wikseling en it ôfbrekken fan gedachten fan de haedpersoan makket it forhael ûnlêsber en lêsber tagelyk. De lêzer wurdt noflik krigel makke. Hy lêst mei it skom op 'e bek.
2) Net allinne ynhâldlik hat Riemersma syn haedpersoan werklik tinke en libje litten, ek yn 'e notysje fan it ‘tinkwurk’ is rekken hâlden mei dy spesifike wetten dy't jilde foar it minsklik tinken, of better: dy't dêr krekt net foar jilde. Riemersma bikroadet him bytiden net om de regels fan de grammatika, deagewoan om't de haedpersoan syn harsenynformaesje dan sa hurd net taelsystematysk forarbeidzje kin. Grammatikale regels moatte de | |||||||||
[pagina 30]
| |||||||||
lêsberheit fan in tekst bifoarderje; it ôfwiken dêrfan sil dus by définysje de ûnlêsberheit bifoarderje. En dat docht it ek. Riemersma freget hwat fan syn lêzers. Dy moatte systeem bringe yn in gaös fan wurden en sinnen dy't gjin sinnen binne mar suggestjes fan sinnen. Lêzers dy't soks forhippe forfele har dea en binne wurch nei fjouwer siden, lêzers dy't dêr nocht oan hawwe lêze dat it sta seit. Ek it ûntbrekken fan de ynterpunksje haw ik foar it gemak mar biflappe wollen ûnder de grammatikale frijbûtserij. Ynterpunksje is likegoed in helpmiddel om in tekst flot to bigripen. De ôfwêzigens fan ynterpunksje makket fan in tekst in tizeboel dêr't allinne út to kommen is as men lêze wol en oarderje. Foar sa'n lêzer is ûnlêsberheit in bitingst om der by to bliuwen en fan de tekst eat lêsbers to meitsjen. Dizze lêzer is net komsumptyf, mar kréatyf.
3) Riemersma mijt de wurden dy't yn 'e literatuertael noch wol meikinne mar yn it deistich libben net langer heard, brûkt wurde of it moast al wêze by de âlderein en in pear puristen. De haedpersoan yn ‘(de stroom)’ is in eigentiidsk type en ik haw al sein, hy sit dêr ek echt yn dat kafé, en syn tael is as sadanich ek eigentiidsk en pûrwerklik. It kin ek oarsom sein wurde: de tael is echt, dus de haedpersoan is echt, en, fierdergeand, dus it forhael is echt en direkt werkenber, en hwat lêze wy leaver as in forhael dat direkt werkenber is. My tinkt, in skriuwer kin skriuwe hwat er wol en psychologysk noch sa'n goed forhael meitsje, as de tael binefter bliuwt by it karakter fan de persoanen mankeart der hwat oan. En dan is net allinne de kar fan de wurden (bgl. byfoarbyld foar bygelyks) mar ek de forklanking fan it wurd sels (byfoarbeeld foar byfoarbyld) fan bilang. Wis, dit binne ynslûpsels út it hollânsk wei, mar lykwols, it ivich herheljen fan wurden dy't der by it folk net mear yn wolle forfrjemdet net allinne de persoanen fan it forhael mar ek de lêzer fan de literatuer. Yn prinsipe hoecht der gjin forskil to wêzen tusken de deagewoane skriuwtael en de literatuertael (dy't him hjirmei dus opheft). It is winst as wy neist it neikomme-kinnen fan de tael dy tael ek werkenne kinne. En it is in fiksje en leau dat de literatuer it lêzerspublyk in oare tael prate litte kin as de tael dy't dat publyk alle dagen praet. It is noch mar de fraech oft de literatuer konserfearje kin en moat hwat wy hawwe. Dat der in dúdlik forbân is tusken it karakter fan de haedpersoanen mei harren tael en de tael fan it forhael (se falle faek gear) kin men net omhinne. Ik kom dêr noch even op by in forhael út dizze bondel, ut skrikleke ónrjócht. Mar hwer't it om gie: Riemersma syn eigentiidsk wurdgebrûk jowt syn proaza mear faesje, of yn alle gefallen minder argewaesje ( = opûnthâld) fan wurden dy't winliken ‘net kinne’
4) Hwatfoar ynfloed hat in stavering op de ynhâld fan it proaza dat stavere wurden is? Hiel formeel, gjin inkelde ynfloed. Der steane ommers deselde wurden mei deselde bitsjutting yn deselde folchoarder. Dochs | |||||||||
[pagina 31]
| |||||||||
fornimme wy by it lêzen fan in tekst yn in âldere stavering dat dy tekst in ‘oare sfear’ útazemet. Ek Riemersma syn proaza is oars inkeld fanwegen in stavering dy't oars is. Faei en fredeleas is net itselde as fôi en fredeloas. Dizze bondel oersette yn de biwende stavering smyt in oare bondel op. Hoe oars, dat is net nei to gean. Ek om't alles by Riemersma lykop giet: de bifrijing fan it ôfroune ‘ûnderwerpforhael’, de bifrijing fan de tradisjonele en akseptearde tael en de bifrijing fan de biwende stavering. It is net nei to gean hwat oarsaek en gefolch west nat, en winliken wie de oarsaek gefolch en oarsom. Lit ik my mar biheine ta de opmerking dat Riemersma syn eigensoartige stavering yntrigearret en dus nijsgjirrich makket en dus faesje jowt oan it proaza. Mar Riemersma syn stavering is net allinne eigensoartich mar ek direkt. It kin net oars as ûnbiwust wêze, mar ‘syn’ wurden jowe de lêzer faek in direktere (ik haw gjin oar wurd) bining mei de bitsjutting en ynhâld. Op it gefoel ôf sein: syn wurden sizze fuort, sûnder ombochten, hwer't it om giet. Foar my bygelyks sit der mear by frôlje as by froulju. In kirrel is mear keardel as in keardel. Ik haw leaver in sigaret út in sygrettedwaske as út in sigarettedoaske, mear nocht oan areghyd as oan aerdichheit. Ik wol Riemersma syn kwaliteit net op syn stavering smite, mar ûnderskatte kin ek.
Gearfetsjend: by Riemersma binne lêsberheit en ûnlêsberheit fan syn proaza bipalend foar de wurdearring fan dat proaza. Alles hinget fan de lêzer ôf. En sa heart it ek.
Ik haw al skine litten dat der winliken net folle bart yn dit forhael, en hwat der al bart hat meastentiids op himsels net folle om hakken. Dochs lit Riemersma syn haedpersoan bytiden ek filosofearje oer de mear ‘wichtige’ dingen fan it libben. Net dat in forhael dêr altyd better fan wurdt, net dat soks moat, mar yn dit gefal is it de skriuwer slagge en formearje in logyske gearhing tusken hús-tún-en-keuken-feiten en saken dy't fjirder en djipper geane. Dat wol sizze dat it filosofyske net as in troch de skriuwer oanbrochte laech oer it forhael hinne leit, mar yntegreard is yn it tinklibben fan de haedpersoan, folslein natuerlik. En dan wurdt der gjin literatuer makke, dan is der literatuer, mear net. Hwat de haedpersoan oan wêzentlike prakkesaesjes opdocht ûnderfynt er sels ek net as ‘hegere gedachten’ mei eigen wearde en abslute wierheit. Of it moast al wêze de wearde fan it witten dat alles bitreklik en tafallich is, en de wierheit fan it bisef dat gjin inkeld hâldfêst hâld jowt foar it libben. Bisef fan de bitreklikheit fan it libben tekenet de haedpersoan in hiel forhael lang. Hy hâldt him wol dwaende mei de takomst (op koarte termyn yn it wachtsjen op Richtsje, op lange termyn yn it biprakkesearjen fan it mienskiplik ynrjochtsjen fan it libben), mar lit him net liede troch yllúzjes en idejalen. Richtsje komt net, so hwat, it hat sa wêze moatten. Trouwe? Ot se mij freget óm te trauen sees ik ja os ik har dêr un plesier moi dóg. (94). | |||||||||
[pagina 32]
| |||||||||
It bitreklik wêzen fan de dingen is in gefolch fan alle tafallichheden dêr't it bistean fan gearhinget. Yn it kafé sit dy jounes in frommes, ek to wachtsjen, sa't skynt. Ik koe vól bij har sitten gean en seze matst us hartje ju vij vachtsje ollebaide fergees. Sille vij tejerre fwótgean? Os dy fint fon har en Richtsje noch ol komme, koenen dy vól tejerre óp stap gean meskyn paste dot olsa goed. Mun vit dur ómmes doch neat fon vot ut bêste is. Ik ha Richtsje ek tafolleg moete. De iene moeting is lykegoed (tafallich?) os de oare. (95). Riemersma is fierder moai konsekwint, hwant mear as in flechtige harsensaktifearring wurdt it net. Koe it hwat wurde? No noch vól meskyn mar oer un ier of fiif is se ek ôd. (95). Jin forgapje op idejalen dy't dochs op neat útdraeije, past net yn it tinken fan de haedpersoan Jin knoeije litte troch persoanlike ellinde en doelleazens, likemin. Soks smyt in forhael op sûnder emoasjonele hichteen djiptepunten. De haedpersoan nat him wapene tsjin it lok (dat dochs falsk is) en tsjin it fortriet (dat dochs neat úthellet), en dizze joune is net mear as in momintopname út syn libben. It hie in oare joune wêze kinnen, in moarne, in middei, it risseltaet hie gelyk west. De haedpersoan forwachtet net mear as dat er wit dat er forwachtsje mei, dêr giet it om. Hy bisjocht en leaut it allegear wol en makket fierder hjir of dêr gjin punt fan. Olles kin vól tryst vêze ost dur bij stil stjist. Ost ergens noi sjugst, en don tinkst, vot ut vinlek is, don ken ut vól akelek vêze. Dot is sa. Don matst dur net oan tinke. Vinlek matst nergens noi sjen en nergens (181, ein fan it forhael, sûnder punt). It docht net ta de saek oft wy sa'n libbenshâlding posityf of négatyf wurdearje. Foar de literatuer jildt oft de skriuwer de persoan yn syn hâlden en dragen oannimlik makket foar de lêzer. Riemersma docht dat. Dat de haedpersoan syn ynstelling my derby tige simpathyk oankomt, is moai meinommen, mar moat bûten it krityske oardiel bliuwe. | |||||||||
6.De oare tsien forhalen binne ûngelyk fan kwaliteit. Yn swier vaar, de swatte kot en hij is myn klont giet Riemersma, nei myn bitinken, to fier yn it tafoegjen fan eleminten dy't de forhalen hwat mear meijaen moatte, mar winliken net mear as trochsichtich en forseard opsette konstruksjes binne. swier vaar is it forhael fan in an = gelfisker by sé dy't op it lêst it wetter ynrint, forswynt en net wer boppe komt! Riemersma suggereart bytiden dat wy mear lêze moatte as dat der stiet (Dur siet un tûzenpoat yn (de bot) dyt noch beveegde, 16), mar elke simboalyk ûntgiet my. It forhael wurdt hieltyd ûnderbrutsen troch njoggen gronologysk (skean) ôfprinte fragminten fan de tsien geboaden yn it âldfrysk. Forbân mei it forhael sels is der net of it moast him al sitte yn de spreuk dy't de fisker útsprekt foar't er de bot yn 'e sé saeit. Mar hwat er seit kin ik net neikomme. En al hie ik it kinnen, wie it forhael dêr better fan wurden? De ûnlêsberheit dy't krekt noch meiholp om Riemersma | |||||||||
[pagina 33]
| |||||||||
syn proaza spanning en faesje to jaen is hjir inkeld argewaesje. Oft se nijmoadrich binne wit ik net, mar healwizichheden binne it al. Dat it oanheakjen fan wjirms yn 'e fryske literatuer, by myn witten, noch noait sa treflik biskreaun wurden is, praet dit forhael net goed. It bliuwt it minste fan de bondel. Yn de swatte kot jowt de skriuwer de lêzer (dêr't er yn oare forhalen safolle fan forwachtet) in klap foar de kop. Net minder as fjouwer kearen kundiget de skriuwer mei safolle wurden oan dat it nou tiid wurdt foar in ‘(flash-back)’ of in ‘(flash-ahead)’. As de lêzer op groun fan it forhael sels net útmeitsje kin oft in bipaelde passaezje fuortsetting of ûnderbrekking fan it forhael is, dan leit him dat oan de skriuwer. Hy mei him net foarôf yndekke tsjin eventueel misbigryp by de lêzer. Hy kin ommers skriuwe en de lêzer kin lêze. Kursifearjen om ûnderskie oan to bringen is dan ek oerstallich. Op himsels is it forhael hiel wol oannimlik. Der wurdt in twingend forbân lein tusken de aktuele sitewaesje fan de kat dy't de autorider oer it mad komt en in forline fol fan ûnheilwytgjend âldwivepraet en byleauwe. Lykwols, hwa't dit forhael yn ien opslach biskôget, sjocht dat de biskate parten sûnder tuskenromte binend en ûnûntkomber nei inoar forwize en al to perfekt yninoar passe. De lêzer kin der gjin oare kant mei út as yn de rjochting dy't it forhael sels oanjowt. It forhael is in konstruksje fan losse eleminten, treflik yninoar set, mar bûten de tekst leit neat. De obsesje fan de swarte kat liet faeks ek gjin romte mear oer, mar aktyf lêze en forarbeidzje is der net by. Alles hwat de lêzer dwaen kin is de prefabrisearre eleminten yninoar skroevje Op it earste each is it forhael wol gaötysk en ûntregele, mar dit is skyn. It is de kréearde gaös fan de skriuwer (yn syn algemienens) dy't literair dwaen wol en tinkt dat soks net kin as it forhael rjochtút skreaun wurden is. It ûntregele karakter dat in forhael sa moai iepenbrekke kin (‘de stroom’) is hjir inkeld grammatikael bipaeld en wurket net troch yn it forhael sels. It is tichtspikere en der wurdt net fintileard. As lêzer sit men oan 'e ein mei in liif fol lucht. Men koe net útazemje. Yn it forhael hij is myn klont giet it oer in ploechje brommerjonges dy't yn in suterich patatsaekje in homofile fint yntimidearje. De skriuwer hâldt it mei gjin fan de trije partijen: net mei de homofyl dy't in flikker is, net mei de rûge mannen dy't har normalens biwize wolle en net mei it patatwiif dat in hurde konfrontaesje, op saeklike basis, tofoaren komme wol. De skriuwer skriuwt en hat foar elk likefolle simpathy as antipathy. Elk yn syn eigen sitewaesje kin net oars dwaen as dat hwat er docht. Men kin fan in homofyl net forwachtsje dat er in keardel is (al is it byld fan it glêdde broekmantsje mei flaekssnorke wol ekstreem), men mei fan wylde brommerriders net freegje dat hja in flikker forneare, men kin in forkeapster net kwea ôfnimme dat hja har klanten biskermet. De skriuwer docht oars net as elk syn hâlden en dragen forklearje en it iennige boadskip dat oerbliuwt is: sa giet it yn 'e wrâld om en ta Sa hie it moai west. Mar, seit de skriuwer, it hat gjin sin óm ferhalen sónder mear te skrjowen dur mat vot fon út gean (85). Dizze | |||||||||
[pagina 34]
| |||||||||
miening komt foar rekken fan de trochsneed lêzer en wurdt net dield troch de skriuwer, dat is sa klear as glês. Riemersma spilet in spul en komt mei in wiidweidige kwasi-sereneuze skôging oer it forskynsel homofiliteit om syn forhael mear ynhâld to jaen, sa't dat dan sa treflik sein wurdt. De lêzer dy't mear wol as ‘mar hwat raek skriuwe’ (seit er) wurdt bêst yn 'e sijk set en as sadanich is de sabeare-wittenskiplike bydrage mei noaten en al wol slagge. Mar lêzers foar hwat dit bidoeld is, hawwe dit boek net yn 'e hús en lêzers dy't dit boek yn 'e hús hawwe, hawwe hjir gjin forlet fan, of hja moasten al forlegen sitte om in bifêstiging fan har kundich lêzerskip. Dit forhael hie him better lêze litten sûnder dizze ûnderbrekking. In grapke yn 'e literatuer is noait wel, mar yn de measte getallen moat it forhael it bilije, lykas hjir. | |||||||||
7.It forhael ut ljocht fon de sinne hat my folle better foldien, my tinkt, om't ik in forhanneling oer it forskynsel pedofiliteit mist haw. It forhael is yn dy sin tradisjoneel dat it in bigjin (Ut vji blakstail en de spjirren stienen roerloas, 34) en in ein hat, logysk fan opbou is, konsekwint yn de opienfolging fan alineja's, en ôfbeakene sinnen hat tusken haedletters en punten yn. Hwat dit forhael (lykwols) de muoite wurdich makket is it suver oarsaeklik forbân tusken de natuer bûten de haedpersoan en syn ynderlike natuer. It ljocht fan de sinne makket troch de beammen hinne flinders op syn liif. Hja binne oars net to pakken as yn it útrjochtsjen fan de pedofile die. De haedpersoan wurdt treflik slachtoffer makke fan syn eigen driuw. Hy wurdt noch simpathyk om't it forhael sels it forskynsel pedofiliteit bihannelet yn al syn ûnûntkomberens. Riemersma biskriuwt yn dit forhael de dingen faek yn close-up. Tige funksjoneel hwat dit oanbilanget binne de forgreatings fan it manlik geslachtsdiel as mûlpunt fan it bistean fan de haedpersoan. Dat er ek net fierder sjocht as syn ding lang is wurdt moai stipe troch de sekuere waernimming fan in beestke dat út in gerspôltsje omheech krûpt en in reade eamelder dy't oer in prikje hinne klimt. It iendoelich-wêzen fan de pedofyl, by definysje, kriget sa syn parallellen yn de biskriuwing fan it forhael. It soe to fier gean om ek de slotrigels hjiryn to biheljen, mar dizze close-up wiist ûnwillekeurich wol werom nei de ‘yntimiteit’ fan it bigjin. Boppedat ‘falt it forhael sa moai dea’, lykas de haedpersoan op it plysjeburo tichtklapt. De plysje fynt in ijskopapierke by de haedpersoan, neat foar in plysje fansels. Hij kneep ut pepjirke yn syn grutte knûst en slûg ut oer ut búro noi him ta. Ut rekke him óp ut kin en ut foel bij syn klean del en rôle noch un ijntsje fwót oer de flier noi de poat fan ut búro ta. (43). | |||||||||
8.Lykas yn hij is myn klont wurdt ek yn vot is fôi yn ut ôdfrysk gebrûk makke | |||||||||
[pagina 35]
| |||||||||
fan winlik bûten-literaire stof, mar wol mei dit forskil dat yn it lêstneamde forhael dizze eleminten folslein natuerlik yn 'e literaire tekst opnommen wurden binne. De haedpersoan sit yn 'e trein. Hy moat nei in gearkomste en de hiele reis lang binne syn harsens dwaende mei it oarderjen fan alles dat him oantsjinnet. Sintrael stiet de fraech dy't de titel fan it forhael útmakket. It hat in soad mien mei ‘(de stroom)’. De haedpersoanen moatte tinke, oft hja wolle of net. It hieltyd weromkommend item wie dêr Richtsje, is hjir de fraech nei it âldfryske wurd foar ‘faei’. De sitewaesje yn it kafé spile aktyf mei, de treinkûpésitewaesje docht itselde. De fjouwer punten dy't ‘(de stroom)’ streame lieten, meije foar ‘fôi’ ek jilde. Hwat dit forhael faeks mear hat is in eksplisyt ûndersyk by de haedpersoan nei it tinkproses sels. hû kom ik dêr no ynienen óp (98). dut is ferdómd dur fôle samar gotten yn juns ómthôd of meskyn tinkt mun dot no ik tink gevoan oan Ljauet mar dot is selfbedroch vont ûndertusken tinkst heel vot oas. (99). Dat de titel fan dizze bondel werom to finen is yn dit forhael (fragmint út De Emsinger Domen fan 1312) is moai om to witten, mar hat fjirder net folle om hakken. Ik wol my net weagje oan spekulative trúkjes om sa noadich alle forhalen ûnder dizze titel biflappe to kinnen. Soks is altyd wol út to tinken, mar it hat gjin sin, fôi en fredeloas klinkt goed, en dêr moatte wy it mar mei dwaen. Mear hoecht ek net, fyn ik. | |||||||||
9.De forhalen ut túnfeest, eksposysje, de kôiklup en réuny hawwe dit mien (de titels lige dêr ek net om) dat hja alle fjouwer de moeting fan minske mei meiminske ta ûnderwerp hawwe. Yn de oare forhalen wurdt (bytiden) wol moete, mar it forskynsel moeting is dêr gjin punt. Sosjael forkear is yn dizze forhalen gjin garânsje foar útdjipping en forriking fan it libben fan it yndifidu. Dy wurdt allinne mar mear by syn ellindichheit en iensumens bipaeld. Of net, mar dan brekt dat bisef by de lêzer troch. Tuskenminsklik kontakt is net mear as prestiizjedriuw (ut tûnfeest), langstme nei ‘belongingness’ (eksposysje), bisit fan oarmans liif (de kôiklup) en konserfearjen fan oarmans wêzen (réuny). De dekadinsje dy't binammen fan de earste trije forhalen útgiet taest de forhalen sels net oan, dat kin ek net, mar hwat my al steurd hat is Riemersma syn ôfstân-nimmen fan it hâlden en dragen fan syn personaezjes. It forhael is ommers autonoom en kin dêrom gjin ynformaesje jaen oer it tinken fan de skriuwer. Hwerom hat Riemersma der dan forlet fan en distansjearje him fan syn ‘kôikluppers’? mar fijt is dot dut ferhaal gjit oer in stel klwatsekken dêr kin ik ek neat oan dwan, 132. Woed er de moraelkritisi in slach foar wêze? Dit is net de iennichste kear dat Riemersma him forguodlikjend mei it forhael bimuoit. auke en aly kûnnen net komme (a en a varen se neamd un grapke is nóit voi), 116. It hat der in soad fan dat Riemersma bang is dat wy it flauwe a en a-grapke op syn rekken skriuwe soene. Yn réuny wol Sytse Môike in pear | |||||||||
[pagina 36]
| |||||||||
douwen ta ha, mar dy lyke ut vól noi fleanen. Flau fansels, mar: dêr hjinnen se vitte óm, 169. In rjochtbreider. Lykwols, dizze forhalen biskriuwe mear as treflik de bispotiikens fan it meiminske, dus minske wêzen. Dat guon forhaelpersonaezjes har dy bispotlikens net biwust binne, is moai meinommen. De lêzer is altyd graech mear en better as dy bline, kloatige lju fan it forhael. Riemersma jowt dat forlet bytiden sêd foer, en dat is syn goed rjocht. Allinne, hy hoegde himsels net to ûntskuldigjen. Of bigekket er de moraelkritisi allinne mar? Dan is dat in to maklik forlechje om ûndertusken dochs ôfstân to nimmen. Hwatfoar doel hat de typografyske close-up fan it koarjende frommes yn ut túnfeest (64)? Understreekjen fan de slow-motion fan de bylden yn de harsens fan de waemimmer? Mar it weilitten fan haedletters, komma's en punten is, liket my, stridich mei al tofolle typografyske aksintuaesje. Fet- en skeanprinte parten lizze de lêzer deselde biheinigs op as ynterpunksie docht. | |||||||||
10.ut skrikleke ónrjócht is it forhael mei de measte útroptekens. De skriuwer lit in geastlik forrinneweard frommes op forsyk fan har psychyater har libbensforhael op skrift stelle. De skriuwer hat syn tael gebrûk alhiel ôfstimd op hwat men fan sa'n minske forwachtsje mei. It forhael wurdt der tige oannimlik fan. Dat sa'n frommes nei alle gedachten net by steat wêze soe en skriuw sa'n ‘forhanneling’ ek yn 't echt, docht net ta de saek. It forhael is net it libbensforhael fan in wyfke dat yn in ynrjochting sit, mar it forhael fan de skriuwer dy't in wyfke har libbensforhael skriuwe lit, by wize fan foarm. Dêrom koed er ek staverje yn syn eigen eigensoartige stavering. It humoristysk elemint, dat yn mear forhalen al to finen wie (binammen yn de fjouwer ûnder 9 neamde forhalen), is hjir dominant. En dit is humor op syn bêst: hwat tryster hwat formaekliker. In hichtepunt is wol de scêne fan it op 'e souder krûpen fan de haedpersoan om har man mei syn ûnderstelde frijster ôf to harkjen en oer it mad to kommen. Dit is in lang sitaet wurdich! Dy jûûns sû se vól net mear komme, tocht ik, mar meskyn sneon of snijn. En os ik har don hearde yn de sljipkeamer, don sû ik dur hinne stowe, óm har te sjen ot se dwande vjinnen. Mar dy rotsak vist ut! Hij vist dot ik bóppe óp solder siet. Hij hat har daleks ôbelle, dot se net komme mûst, omdat ut net fertraud vji. En vji ur don noch mar de doar útgien, mar hij bijode de hele doi tús. Ik kû net iens noi ûnderen ta óm myn behûften te dwan de smearlap! (149). | |||||||||
11.In wiidweidich einoardiel hoech ik net to jaen. Ik haw oars neat dien as oardielje en soe mysels allinne mar herhelje. Koart krieme: sokken mear. |
|