Trotwaer. Jaargang 10(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 53] [p. 53] Lamkje van der Goot Hjerstjoun in nuv're nevel leit oer kij en lân hat sels it wetter yn harsels fordronken printet waekssêft it krassen fan in raven dit dizich douns sjoch ik dreamen draven seizoenen keare kear op kear allyk mar ast om minsken giet dy't âld al rinne op in oerloop fan bistean binn' hja mar ienkear hjerstwaes tusken bloeijen en forgean [pagina 54] [p. 54] 21-12-A.D. it park leit introvert, gjin leaf dat sprekt hjerst swimt yn fluezen iis noch krekt in wek earne, by wize fan lêste stunt, fleane hjerstfûgels de sinne, yn bek en dûkflecht, nei in iiskâld djiptepunt Vorige Volgende