Dat is - yn it koart - hwat der út kranteforslach-eachpunt gebeurt. Mar dat is fansels noch net in roman, dy giet oer mear, oer de persoan Arend Jongsma, en hoe't dy alles ûndergiet. It feitlike ûnderwurp is dan ek de forarbeiding fan Arend fan syn freeslik lot, syn hoop, syn wanhoop, syn mislearre selsmoard, syn oanfurdiging op it lêst, in birêsting dy't - sa liket it - tagelyk in oerwinning is. Ien fan de twa motto's dy't it boek meikrigen hat, is in spreuk fan Seneca: ‘Dy't wol laet it lot, dy't net wol sleept it mei’. Arend wol earst nét, wurdt dêrom laet fan it lot. Hij hat gjin forwachtings mear. As syn buorman yn de sikeseal mei him skake wol, wol er earst net: hij wol net, kin net, kieze tusken swart of wyt (32-33). It forline lit him net los, hij fielt him skuldich, tinkt dat er net genôch fan Addy houden hat, en fielt ek skuld oer syn sleatsjeriden mei Elly (33-34). Hij libbet letterlik en figuerlik mar mear foarde helte.
Treast fan omheech wol er net fan witte, dûmny Ottevanger wurdt nammers ek net bisûndere posityf ôfskildere, en kin gjin treast jaen mei syn ‘réeel boadskip’ (46). Dat Ottevanger net as posityf persoan en fortsjintwurdiger fan it kristendom bidoeld is, stiet foar mij fêst: hij hat neat to fortellen as de biwende fromme gjalpen. As er Arend sliepend oantreft stiet er yndie ‘as in ielreager foar de kikkert, en wit net hwat er dwaen sil’ (45).
Neffens Arend wolle se him der súntsjesoan oan wenne dat er noait wer better wurde sil, en hâldt elk him mei syn optimisme foar it lapke. Hij is pessimist. Wanhoop, net optimisme is it as er foreale wurdt op suster Hanny. Allegearre, ek syn beide dochters, wurdt to hâlden jown dat harren optimisme gjin doel hat: better wurdt er dochs net (56). Optimisme is skynhilligens (67). As der bisletten wurdt om him nochris to operearjen wurdt er dochs hwat optimistysker, en wol er ek wer skake, kieze dus (82). Sels syn beide dochters kin er nou opfleurje, en kel fornimt er dat er nou wrachtich sels ek al oaren bigjint to treasten (81).
Nei de operaesje wint it âlde pessimisme it wer, hij fielt noch neat yn syn skonken. Pas stadichoan kriget er der wer in hiel lyts bytsje gefoel yn, en kin er se ek in pear sintimeter optille. Dat is alles. Fierder komt er net en sil er ek noait komme, bigjint er hieltyd mear to biseffen. Hij wit dat de relaesje mei Elly, dy't him in kear opsiket, gjin doel hat, en snijdt op it lêst de bannen mei har troch (181). Libje wol er net mear, mar it slagget him net der in ein oan to meitsjen. Hij giet in lange, lege, tsjustere tunnel troch sûnder ein. It twadde bisyk fan de dûmny hat neat gjin útwurking, en forsterket allinne mar de yndruk dat it kristendom, yn de foarm fan Ottevanger alteast, gjin inkelde útwei biedt. It feit dat er ‘dit dôfhûdich stikje minske’ ‘ûnder de kwint krije’ wol, seit al genôch oer him (en it kristendom).
Dochs is der foar Arend in ‘bifrijing’, mar op in oare manier as de dûmny woe. It ein fan it boek komt hommels. De lêste moannen hat Arend út en troch in frommiske mei swart hier sjoen op de refalidaesjeseal, dy't er net forjitte koe, al hie er dan noch noait mei har praten. In pear dagen nei it petear mei Ottevanger riidt er yn syn weintsje troch de tún fan it sikehûs, en