[Nummer 1]
Redaksjoneel
Trinus Riemersma hat it redakteurskip nei fiif jier oerjown. Bartle Laverman hat mei yngong fan dit nûmer ek de administraesje fan Trotwaer út hannen jown. Wy sizze harren beiden tige tank foar al itjinge dat sy de ôfroune jierren foar Trotwaer út 'e wei set hawwe oan kréatyf en administratyf wurk.
De administraesje fan Trotwaer is nou yn hannen jown fan it buro fan de Koperative Utjowerij. It adres foar abonneminten, adresforoarings, sinteraesje en al sokke saken mear is tonei: postbus 1069 to Ljouwert.
It lêzersjild is de lêste twa jier net omheech gien. De papier-, set- en printerskosten binne al omheechflein. It lêzersjild moat dus in bytsje by: tonei jildt Trotwaer 27,50 de jiergong, foar studinten en C.J.P.-ers 20.-; losse nûmers jilde tonei 6,-.